Smeekskrift fan de Eallju

(Trochferwiisd fan Smeekskrift fan de eallju)

It Smeekskrift fan de Eallju wie yn it foarspul fan de Tachtichjierrige Oarloch yn de Nederlannen, in fersykskrift dat likernôch 200 net wapenen eallju, ferienen yn it Eedferbûn fan de Eallju laat fan Hindrik fan Brederode, op 5 april 1566 oanbeaen oan de lânfâdesse Margareta fan Parma. Hja fregen op freedseme wize om it fersêftsjen fan de plakkaten.

Oanbieding fan it Smeekskrift fan de eallju, Frans Hogenberg.

By it oanbieden fan it smeekskrift waarden de eallju foar it earst 'geuzen' neamd. It "súkses" fan de aksje hie fan gefolgen dat de kalvinisten harren tenei iepenlik oppenearje koenen (sn. hagepreken).

It Smeekskrift hie fierder, lykas it twadde (30 july 1566) en it tredde Smeekskrift (febrewaris 1567), gjin praktysk resultaat.

  NODES