It Soroästrisme wie de steatsgodstsjinst fan it eardere Perzyske Ryk en is tsjintwurdich noch in lytse religy yn Iran, Yndia en Azerbeidzjan.

Zoroästryske fjoertimpel yn de Iraanske stêd Yazd.
De faravahar is in bekend symboal fan it soroästrisme.
Soroästryske gemeente yn Kerman, begjin 20e iuw

De godstsjinst is neamd nei de ûnderstelde stifter, de profeet Saratûstra (Perzysk: Zarathustra) of Soroäster (Latyn: Zoroaster). Syn lear skoarret op trije pylders: goede wurden, goede dieden en goede tinzen. De godstsjinst is basearre op it dualisme. It komt derop del dat de minsk ynklamme sit tusken Ahoera Mazda, de god fan it goede, en Ariman, de god fan it kwea. Yn de ivige striid tusken beide goaden moat de minsk de side fan it goede kieze.

Sûnt de tiid fan Sirus de Grutte (likernôch 600 - 530 f.Kr.) wie it soroästrisme it oerhearskjende leauwen yn it Perzyzke Ryk. Dat bleau sa, mei ûnderbrekkings, oant de oermastering fan Iran troch de Islam yn de 7e iuw. In protte folgelingen besleaten doe út te wiken nei Yndia, dêr't tsjintwurdich om-ende-by 90.000 (2000) parsy's wenje dy't in foarm fan dit leauwen oanhingje. Ek Freddy Mercury, de sjonger fan Queen, wie in parsy en oanhinger fan it soroästrisme.

De Parsys drage gjin karakteristike klean, alhoewol't se in koarde om de mul drage. Bysûnder is de wize dêr't sy harren deaden mei behannelen. Sy lizze de deaden boppe-op in toer en wachtsje oant it lyk opiten is troch rôffûgels. Neffens de Parsy meie de deaden net ferbaarnd wurde, omdat de reek foar harren hillich is, krektsa is it mei de deaden begrave of yn it wetter lizze, om't ek de ierde en it wetter harren hillich binne.

It hillige boek fan it soroästrisme is de Avesta. Yn de rin fan de iuwen hat de religy grutte feroarings meimakke. Yn it begjin wie it in monoteïstyske godstsjinst, mar yn letter tiden hawwe de âlde Perzyske goaden in hieltyd gruttere plak ynnaam, as ingel of Amshaspand (aartsingel).

De enerzjy fan de skepper wurdt yn it soroästrisme werjûn troch ljocht en fjoer. Dêrom nimme ljocht en fjoer by gearkomsten in wichtich plak yn en wurde soroästrisme gebouwen fjoertimpels neamd.

Yn it soroästrisme leauwe is der gjin libben nei de dea. Neffens dit leauwen is it sa dat de geast fan in minsk yn dit libben of yn in takommend libben him hieltyd mear ferbetterje moat oant er by steat is om by Ahoera Mazda komme te kinnen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  NODES
Note 1
Project 1