Súd-Dakota

(Trochferwiisd fan South Dakota)

Súd-Dakota (Ingelsk: South Dakota; útspr.: [saṷθ də'koʊtə], likernôch "saus de-koo-te"), offisjeel de Steat Súd-Dakota (Ingelsk: State of South Dakota), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Súd-Dakota wurd byneamd de Coyote State (nei de prêrjewolf of coyote) of ek wol de Mount Rushmore State, nei it ferneamde monumint fan Mount Rushmore. De steat is ien fan 'e Dakota's en leit yn it noarden fan it lân. Súd-Dakota wurdt ta de gruttere regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene. De haadstêd is Pierre, mar de grutste stêd is Sioux Falls. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 853.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 46e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Súd-Dakota mei krapoan 200.000 km² de 17e steat. Súd-Dakota stiet bekend om it Mount Rushmore-monumint, de Black Hills, de grutte Yndianereservaten en it histoaryske Bloedbad fan Wounded Knee.

Steat Súd-Dakota
State of South Dakota
flagge wapen
Under God the People Rule
(Ingelsk, "Under God Regearret it Folk")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting SD
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1889)
haadstêd Pierre
grutste stêd Sioux Falls
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 853.175 (2014)
befolkingstichtens 4,3 / km²
oerflak 199.729 km² (1,7% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Coyote State
tiidsône UTC –6 / –7
simmertiid UTC –5 / –6
webside www.sd.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Súd-Dakota. Foar oare betsjuttings, sjoch: Súd-Dakota (betsjuttingsside).

Súd-Dakota is ferneamd nei de Dakota, in Yndiaansk folk dat mei de nau besibbe Lakota diel útmakket fan 'e (Sioux).

Súd-Dakota hat in oerflak fan 199.729 km², wêrfan't 1,7% út wetter bestiet. It wurdt troch de rivier de Missoery fertikaal midstwa spjalten; it diel bewesten de rivier wurdt West River neamd, en it diel eastlik derfan East River. De steat leit ek yn twa tiidsônes: de eastlike helte heart ta de Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5), wylst de westlike helte ûnderdiel útmakket fan 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6). De grins tusken de tiidsônes folget lykwols net de rin fan 'e Missoery.

 
De Black Hills, yn it súdwesten fan 'e steat.

Súd-Dakota wurdt folslein omjûn troch oare Amerikaanske steaten. Yn it noarden grinzget it oan Noard-Dakota, wêrmei't it de regio fan 'e Dakota's foarmet. Yn it noardwesten wurdt de steat begrinzge troch Montana, yn it westen troch Wyoming, yn it suden troch Nebraska, yn it súdeasten troch Iowa en yn it easten troch Minnesota. Súd-Dakota kin opdield wurde yn trije dielen. It eastlike trêdepart fan 'e steat bestiet út in leechlân dat trochsnien wurdt troch rivieren, wêrfan't de Missoery, de James en de Minnesota de grutsten binne. De rivier de Minnesota foarmet yn it uterste noardeasten de grins mei de steat Minnesota.

It westlike twatrêde part fan Súd-Dakota heart fierhinne ta de Grutte Flakten fan Noard-Amearika, in fan oarsprong mei prêrje begroeid gebiet dat heger leit en drûger is as it rivierlân yn it easten. Hoewol't sprutsen wurdt fan 'flakten', is it eins mear in lânskip fan gloaiïge ferheffen en bedelten, mei hjir en dêr ravinen en steile, plattoppige heuvels dy't buttes (útspr. "bjûts") neamd wurde. De Badlands, yn it suden fan 'e steat, binne in krite fan fulkanysk stiente en sterk erodearre heuvels, dy't ryk binne oan fossilen en dêr't net folle groeid, mar dy't lykwols yn 'e regel ta de Grutte Flakten rekkene wurdt.

 
De gesichten fan 'e fjouwer presidinten te Mount Rushmore.

Yn 'e súdwesthoeke fan 'e steat, ta einbeslút, lizze de Black Hills, in leech berchtme fan steile rotsige, mei nullewâld begroeide piken fan 600 oant 1.200 m heech. Yn 'e Black Hills leit ek it ferneamde Mount Rushmore, in kontroversjeel monumint wêrby't de gesichten fan fjouwer Amerikaanske presidinten (George Washington, Thomas Jefferson, Theodore Roosevelt en Abraham Lincoln) úthoud binne yn 'e rots. Op 27 km ôfstân fan Mount Rushmore is men al sûnt 1948 oan 'e gong om it Tinkteken foar Mâl Hynder út te houwen, in reuseftich byld fan it Lakota-opperhaad Mâl Hynder.

It heechste punt yn fan Súd-Dakota is Harney Peak, yn 'e Black Hills, op 2.207 m boppe seenivo, en it leechste punt is de kust fan 'e Big Stone-mar, mei in hichte fan 294 m boppe seenivo. De langste rivier fan 'e steat is de Missoery. Oare wichtige rivieren binne de Cheyenne, de James, de Grutte Sioux, de Wite Rivier en de Minnesota. Troch de bou fan keardammen binne der yn 'e Missoery fjouwer grutte opslachmarren makke, te witten: de Oahe-mar, de Sharpe-mar, de Francis Case-mar en de Lewis en Clark-mar.

 
Yndianereservaten yn Súd-Dakota.

Der binne yn Súd-Dakota 9 Yndianereservaten, dy't mei-inoar likernôch 19% fan it grûngebiet fan 'e steat beslane:
● it Cheyenne River Yndianereservaat
● it Crow Creek Yndianereservaat
● it Flandreau Yndianereservaat
● it Jankton Sû Yndianereservaat
● it Lake Traverse Yndianereservaat
● it Neder-Brulee Yndianereservaat
● it Pine Ridge Yndianereservaat
● it Rosebud Yndianereservaat
● it Standing Rock Yndianereservaat
It grutste is it Cheyenne River Yndianereservaat, mei in oerflak fan 11.051,5 km², en fierwei it lytst is it Flandreau Yndianereservaat, mei in oerflak fan mar 20 km². Sawol Lake Traverse as Standing Rock lizze foar in diel yn Noard-Dakota. Hoewol't it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat (yn Montana) ornaris net ta de reservaten fan Súd-Dakota rekkene wurdt, binne dêr ferskate perselen bûtenreservaatsk beheargebiet oan keppele dy't yn Meade County, yn Súd-Dakota, lizze, noardeastlik fan 'e stêd Sturgis.

 
De Badlands, yn súdlik Súd-Dakota.

De earste bewenners fan it gebiet dat no Súd-Dakota foarmet, wiene Yndiaanske jager-sammelders, dy't neffens argeologysk bewiismateriaal omtrint 7.000 jier lyn út 'e krite ferdwûnen. Tusken 500 en 800 (n.Kr.) waard sintraal en eastlik Súd-Dakota bewenne troch de saneamde Terpbouwers, dy't oan lânbou diene. Tsjin 'e tiid fan it earste kontakt mei de blanken waard in grut diel fan 'e Misourydelling bewenne troch de Arikara, wylst de westlike flakten behearske waarden troch de Lakota, en yn minder mjitte troch de Noardlike Sjajinnen en de Krieën. It súdeasten waard bewenne troch de Dakota, dy't yn 'e mande mei de nau besibbe Lakota it gruttere etnyske ferban fan 'e (Sioux) foarmje.

Yn 1743 wiene de leden fan 'e ekspedysje fan 'e Frânsman Louis-Joseph Gaultier de La Verendrye de earste Jeropeänen dy't Súd-Dakota berikten. Verendrye naam it gebiet yn besit foar de Frânske Kroan, as ûnderdiel fan it gruttere Louisiana. Dy koloanje, dy't him útstriek fan 'e mûning fan 'e Mississppy oant yn wat no Kanada is, kaam yn 1762 ûnder Spaansk bestjoer. Nei't de Spanjerts it gebiet yn 1802 oan Frankryk weromjaan moatten hiene, besleat Napoleon, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, de koloanje oer te dwaan oan 'e Feriene Steaten, in transaksje dy't syn beslach krige yn 1803, by de saneamde Louisiana-oankeap.

 
Laura Ingalls Wilder groeide op yn 'e neite fan De Smet. Op har semy-autobiografyske romans waard letter de bekende westerntillefyzjesearje The Little House on the Prairie basearre.

Yn 1804 en 1806 teach de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark troch Súd-Dakota, ûnderweis nei en fan 'e Amerikaanske westkust. Yn 1817 stiften de Amerikanen in hannelspost oan 'e Missoery, dy't de namme fan Fort Pierre krige. Dat wie it begjin fan 'e Amerikaanske kolonisaasje fan it gebiet. Yn 1855 kocht it Amerikaanske Leger Fort Pierre oan, mar tanke it yn 1857 al wer ôf doe't Fort Randall, mear nei it suden ta, yn gebrûk nommen waard. Tsjin dy tiid streamden blanke kolonisten stadichoan mar ûnophâldlik nei it gebiet ta, sadat de opperhaden fan 'e Jankton-Dakota, oanfierd troch Slein-troch-de-Ree, har yn 1858 twongen fielden en tekenje in ferdrach wêrby't it meastepart fan eastlik Súd-Dakota oan it Amerikaanske regear oerdroegen waard.

Yn 1861 waard it Dakota-territoarium stifte, dat gearstald wie út 'e hjoeddeistige steaten Súd-Dakota, Noard-Dakota, Montana en Wyoming. Nei't yn 1873 in spoarferbining mei it easten reekaam, naam it tempo fan 'e kolonisaasje sterk ta. Yn 1874 ûntdiek de militêre Ekspedysje nei de Black Hills, ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, goud yn 'e Black Hills, en fuortendaliks dêrnei setten goudsikers en oare kolonisten útein mei de kolonisaasje fan dat gebiet by wat de Goudkoarts fan de Black Hills kaam te hjitten. It probleem wie dat de Black Hills foar de Lakota hillich wiene en dat de krite boppedat diel útmakke fan it Grutte Sû Reservaat, dat it Amerikaanske regear de Lakota ûnder de betingsten fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1868, 'foar ivich' taparte hie.

 
In lânkaart fan it Grutte Sû Reservaat, dêr't op te sjen is hoe't it meitiid ynkromp.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876 briek út nei't de Amerikaanske oerheid wegere om 'e goudsikers út it reservaat te hâlden, wylst de Lakota út noch yn gjin goudsykjen op har hillige lân tastean woene. Yn dy oarloch brochten de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, de Amerikanen in ferpletterjende nederlaach ta yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn (yn Montana), wêrby't se it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer fierhinne útrûgen. Uteinlik moasten se lykwols dochs belies jaan, en neitiid waarden de Black Hills en ferkate oare dielen fan it Grutte Sû Reservaat troch it Amerikaanske regear yn beslach nommen en frijjûn foar kolonisaasje, wylst de rest fan it reservaat ferkrommele waard ta fiif lytsere reservaten. (Yn 1980 wiisde it Amerikaansk Heechgerjochtshôf oan acht Lakota- en oare Sû-stammen in skeafergoeding fan goed $105 miljoen ta: $17,1 miljoen dollar foar de merkwearde yn 1877 fan it harren ûnrjochtmjittich ôfnommen lân en $88 miljoen oan rinte. De Lakota woene lykwols it lân sels weromhawwe, en wegeren de skeafergoeding oan te nimmen.)

Nei't Montana en Wyoming al har eigen wei gien wiene, waard it restearjende Dakota-territoarium úteinlik midstwa dield yn it noardlik en in súdlik part. Op 2 novimber 1889 ûndertekene presidint Benjamin Harrison de proklamaasjes dy't de talitting ta de Amerikaanske Uny regelen foar sawol Noard- as Súd-Dakota. Harrison liet de papierren skodzje as wie it in kaartspul, sadat er net ien fan beide nije steaten befoardiele, en it is winliken ûnbekend hokker fan beide proklamaasjes oft it earst tekene waard, en hokker fan 'e steaten oft dus it earste tatrede. Lykwols ornearret men yn 'e regel dat Súd-Dakota de 40e steat fan 'e Uny is.

 
Ungetiid yn Súd-Dakota, yn 1898.

Underwilens wie ûnder de Lakota de synkretistyske religy fan 'e geastedûns populêr wurden. De oanhingers fan dy pasifistyske beweging, dy't it kristendom kombinearre mei eleminten út 'e foarâlderlike natoerreligyen fan 'e Yndianen, leauden dat se de tiid werom en de troch de blanken útrûge bizons wer ta libben dûnsje koene. As se gjin alkohol mear dronken, harsels ritueel wosken en mar fûlernôch leauden, soene se werberne wurde yn in wrâld sûnder blanken, mar mei al har ferstoarne freonen en famyljeleden. It wie feitliks net mear as it lêste, patetyske besykjen fan in ferrinnewearre kultuer om mei himsels yn it reine te kommen, mar it Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast. Uteinlik late dy tsjinstelling op 29 desimber 1890 ûnder de Geastedûnsoarloch ta it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't ûnder barre winterske omstannichheden 290 Yndianen (wêrûnder 200 froulju en bern) troch it Amerikaanske Leger ôfslachte waarden. (Oan 'e kant fan 'e Amerikanen sneuvelen 25 soldaten, foar in grut part troch freonlik fjoer.) Dizze oarlochsmisdie foarme it slútstik fan 'e Sû-Oarloggen, dy't krapoan fjirtich jier duorre hiene.

Yn 'e 1930-er jierren late in kombinaasje fan oanhâldende drûchte, ekstreem hege temperatueren en dwersferkearde lânboumetoaden yn Súd-Dakota en ferskate oare steaten ta de saneamde Dust Bowl. Dêrby waard de fan syn prêrjebegroeiïng ûntdiene en ta moude útdrûge fruchtbere boppelaach fan 'e grûn troch de wyn fuortblazen yn in oanhâldende rige fan massive stofstoarmen. Ferskate rispingen waarden dêrtroch folslein ferrinnewearre, en om't de Dust Bowl gearfoel mei de Grutte Depresje, koene in protte lytse boeren it doe net mear bolwurkje en giene bankrot. Dat hie wer ta gefolch dat in soad minsken harren lân kwytrekken en op 'e siik nei wurk fuortteagen nei de stêden. Tusken 1930 en 1940 ferlear Súd-Dakota mear as 7% fan syn befolking.

 
In boerespultsje yn Súd-Dakota ûnder de Dust Bowl, yn 1936.

Ekonomyske stabiliteit waard weromwûn doe't der grutte fraach nei lânbouprodukten ûntstie nei't de Feriene Steaten ein 1941 troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor aktyf by de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekke wiene. Yn 1944 waard it Pick-Sloan Plan goedkard troch it Amerikaanske Kongres, as ûnderdiel fan 'e Wet op it Tsjingean fan Oerstreamings. Dat plan omfieme de oanlis fan seis grutte keardammen mei opslachmarren yn 'e rivier de Missoery, wêrmei't net inkeld de wetterstân behearske wurde koe, mar dy't ek wetterkrêftenerzjy leverje soene. Fjouwer fan dy dammen en marren lizze alteast foar in part op it grûngebiet fan Súd-Dakota.

Sûnt de ein fan 'e jierren sechtich hat der in kulturele oplibbing plakfûn ûnder de Lakota en oare Yndiaanske folken, wêrby't fral de jongerein him sterk makke foar bettere libbensomstannichheden en dêrnjonken syn boargerrjochten opeaske. Ien fan 'e meast dramatyske ynsidinten wie datoangeande de Besetting fan Wounded Knee, in plak dat dêrfoar útkeazen wie fanwegen it bloedbad fan 1890. Sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) holden Wounded Knee yn 1973 fan 27 febrewaris oant 8 maaie beset, en trochstiene dêrby 71 dagen it belis troch de FBI en de United States Marshals Service. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne rekken.

 
In gaffelantilope yn it Nasjonaal Park Wind Cave.

Sûnt de 1960-er jierren hat Súd-Dakota himsels omfoarme fan in hast folslein agraryske steat nei in folle mear diversifiëarre ekonomy. Troch de bettere ynfrastruktuer is neitiid it toerisme sterk tanommen, mei de Black Hills as foarnaamste bestimming. Ek it bankwêzen en de Amerikaanske Striidkrêften hawwe har ûntjûn ta wichtige ekonomyske sektoaren.

Súd-Dakota bestiet bestjoerlik út 66 countys. De steatshaadstêd, Pierre, leit yn Hughes County, deunby it geografyske sintrum fan 'e steat, oan 'e igge fan 'e rivier de Missoery. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Súd-Dakota bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Parlemint fan Súd-Dakota, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 35 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 70 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Súd-Dakota, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Súd-Dakota fanwegen syn lytse befolkingsgrutte mar 1 sit.

 
It Steatskapitoal fan Súd-Dakota, yn Pierre.

It politike lânskip fan Súd-Dakota wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marzjinale rol. Dêrby is Súd-Dakota in bolwurk fan 'e Republikeinen; inkeld Alaska hat noch minder faak op 'e hân west fan Demokratyske presidintskandidaten. Sels George McGovern, in Demokraat út Súd-Dakota, slagge it yn 1972 net om it yn syn thússteat fan 'e Republikein Richard Nixon te winnen. Sûnt 1974 hat Súd-Dakota fierders altyd in Republikeinske gûverneur hân.

Yn 2010 hie Súd-Dakota in bruto steatsprodukt fan $39,8 miljard, wat delkaam op in bedrach fan $38.865 de ynwenner. Yn 2008 libbe lykwols 12,5% fan 'e steatsbefolking ûnder de earmoedegrins. Benammen ferskaten fan 'e Yndianereservaten fan 'e steat hearre ta de earmste gebieten fan 'e hiele Feriene Steaten. De grutste ûnderdiel fan 'e ekonomy fan Súd-Dakota is de tsjinstesektor. Dêrby binne fral it bankwêzen en de oerheid wichtich. De Lofmachtbasis Ellsworth, by Rapid City, is de op ien nei grutste wurkjouwer fan 'e steat.

 
In etanolfabryk yn Turner County.

Histoarysk hat de lânbou altyd fan krúsjaal belang west foar de steatsekonomy fan Súd-Dakota. Hoewol't oare sektoaren sûnt de 1970-er jierren fluch oanwoeksen binne, kin de lânbou noch altyd net fuortsifere wurde. De wichtichst agraryske produkten út Súd-Dakota binne kowefleis, maïs, sojabeane, weet, bargefleis en koalsied. Besibbe bedriuwstûken, lykas slachthuzen en etanolproduksje, hawwe ek in oansjenlike ekonomyske ynfloed.

In oare wichtige sektor is foar Súd-Dakota it toerisme. In protte lju komme ôf op 'e natoerskientme fan 'e Black Hills en de Badlands en monuminten lykas Mount Rushmore, it Tinkteken foar Mâl Hynder en it histoaryske stedsje Deadwood. Fierders is de fiifdeiske Motorcross fan Sturgis, dy't op jierlikse basis holden wurden, ien fan 'e grutste toeristyske eveneminten yn 'e steat. Yn 2013 kamen dêr mear as 460.000 minsken op ôf. Yn 2006 wiene yn Súd-Dakota 33.000 minsken wurksum yn 'e toeristyske sektor.

 
Befolkingstichtens yn Súd-Dakota.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Súd-Dakota yn 2014 853.175 ynwenners, wat in groei fan 4,8% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 4,3 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Sioux Falls, mei 154.000 ynwenners yn 2010. Oare gruttere stêden binne: Rapid City (68.000), Aberdeen (26.000), Brookings (22.000), Watertown (21.000), Mitchell (15.000), Yankton (14.000), de steatshaadstêd Pierre (14.000), Huron (13.000) en Vermillion (11.000).

Sioux Falls is in sintrum fan it bankwêzen, de detailhannel en de sûnenssoarch. Rapid City, fuort beëasten de Black Hills en mei de Loftmachtbasis Ellsworth fuortby, is fral tawijd oan toerisme en definsje. Yn 'e steatshaadstêd Pierre binne de measte oerheidsynstellings fêstige, en Brookings en Vermillion binne de lokaasjes fan 'e beide grutste ûnderwiisynstellings fan Súd-Dakota, de Steatsuniversiteit fan Súd-Dakota (SDSU), resp. de Universiteit fan Súd-Dakota (USD). Fan 'e tsien grutste stêden fan 'e steat leit allinnich Rapid City bewesten de Missoery. Pierre is de op ien nei lytste steatshaadstêd fan 'e Feriene Steaten.

 
It sintrum fan Sioux Falls, de grutste stêd fan Súd-Dakota.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Súd-Dakota doe sa: 83,8% blanken; 8,5% Yndianen; 2,7% Latino's; 1,2% swarten; 0,9% Aziaten; 2,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Blanke Súddakotanen binne fierhinne fan Noard-, Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (40,7% fan 'e totale steatsbefolking), Noaren (15,3%), Ieren (10,4%) en Ingelsen (7,1%). Súd-Dakota hat ek de grutste populaasje Hutteristen fan alle Amerikaanske steaten. Dat binne leden fan in minnistyske streaming dy't in eigen taal sprekt, it Hutteristedútsk.

 
In model fan wat it Tinkteken foar Mâl Hynder úteinlik wurde moat, mei op 'e eftergrûn it wiere wurk yn útfiering.

De Yndianen yn Súd-Dakota binne foar it oergrutte part etnyske (Sioux), dy't opdield wurde kinne yn Lakota, Eastlike Dakota en Westlike Dakota. Bewesten de rivier de Missoery meitsje dy 20% fan 'e befolking út. Súd-Dakota hat yn ferhâlding ta syn befolkingsgrutte de op twa nei heechste proporsje Yndianen (en/of Inûyt) fan alle Amerikaanske steaten, nei Alaska en Nij-Meksiko. Fiif fan 'e countys yn 'e steat lizze folslein binnen de grinzen fan Yndianereservaten.

Der binne 9 federaal erkende Yndianestammen yn Súd-Dakota:

Al dizze stammen binne oansletten by de Feriene Sû Stammen. Se hawwe fierders ek allegear harren eigen reservaat. Der binne yn Súd-Dakota gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

 
De Beaver Creek Brêge, yn it Nasjonaal Park Wind Cave.

De libbensomstannichheden binne yn 'e measte reservaten yn Súd-Dakota in stik minder as dat yn 'e Feriene Steaten normaal is. Yn 2008 lei de wurkleazens yn Fort Thompson, yn it Crow Creek Yndianereservaat, op 70%, en beskikte 21% fan 'e húshâldings dêr net oer wetterlieding of simpele kokenapparaten. Ziebach County, yn it Cheyenne River Yndianereservaat, wie yn 2009 de earmste county fan 'e hiele Feriene Steaten. En neffens in stúdzje fan it Amerikaanske Folkstellingsburo hie yn 1995 58% fan 'e wenten yn it Pine Ridge Yndianereservaat noch gjin tillefoanoansluting.

De offisjele taal fan Súd-Dakota is it Ingelsk, dat neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 doe foar 93,5% fan 'e befolking de memmetaal wie. Op it twadde plak kaam it Spaansk, dat foar 2,1% fan 'e befolking, rom 15.000 minsken, de memmetaal wie. Tred wie it (Sioux), dat eins útinoar falt yn twa ferskillende talen, it Lakota en it Dakota (dêr't it Amerikaanske Folkstellingsburo lykwols gjin ûnderskie tusken makke). De Sû-talen waarden yn 2010 troch 1,4% fan 'e befolking, oftewol 10.282 persoan, as memmetaal sprutsen. Oare talen wiene it Dútsk (1,4%), it Fjetnameesk (0,2%), it Sineesk (0,1%) en it Russysk (0,1%).

 
De East Side Lutheran Church yn Sioux Falls.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2001 86% fan 'e befolking fan Súd-Dakota út kristenen, wêrûnder 61% protestanten en 25% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika mei 113.000 leden en de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 36.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen 8% fan 'e befolking. Alle oare godstsjinsten mei-inoar besloegen 3%.

Súd-Dakota hat in lânklimaat, mei hjitte wietige simmers en kâlde drûge winters. Simmerdeis binne temperatueren oerdeis fan 32 °C alhiel net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winter maklik sakje kin oant moannegemiddelden ûnder it friespunt. Rekôrtemperatueren wiene 49 °C, op 15 july 2006 yn Usta, en –50 °C op 17 febrewaris 1936 te McIntosh. Delslachhoemannichten rinne útinoar; yn it drûge noardwesten fan 'e steat falt jiers mar sa'n 380 mm, wylst it súdeasten wol 640 mm kriget. It eastlike diel fan 'e steat wurdt faak as ûnderdiel fan Tornado Alley beskôge, en dêr komme by 't simmer en hjerstmis dan ek wol 30 tornado's yn 't jier foar. Winterdeis kin der ek min waar wêze, dat him benammen uteret yn 'e foarm fan sniestoarmen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   ·  
  NODES
mac 3
os 11
web 2