Spiers (Dútsk: Speyer, oant 1825 ek Speier) is in Kreisfreie Stadt oan de Ryn yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd is ien fan de âldste stêden yn it lân en waard om 600 hinne as Spira it sintrum fan it Spiers-goa. Oarspronklik wie Spiers in Romeinske stifting, dy't Civitas Nemetum (haadstêd fan de stam fan de Nemeten) neamd waard. Yn 'e midsiuwen wie Spiers in frije ryksstêd (Dútsk: Freie Reichsstadt) en ien fan de wichtichste stêden fan it Hillige Roomske Ryk. Tusken 1816 en 1945 wie de stêd de haadstêd fan de Beierske Palts.

Spiers
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
Stedsyndieling 5 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 51.368 (2022)
Oerflak 42,71 km²
Befolkingsticht. 1.203 ynw./km²
Hichte 103 m
Oar
Postkoade 67346
Koördinaten 49° 19' N 8° 26' E
Offisjele webside
www.speyer.de
Kaart
Spiers (Rynlân-Palts)
Spiers

Spiers is ferneamd om de keizerlike domstjerke. It is yn de wrâld de grutste noch besteande romaanske tsjerke en stiet sûnt 1981 op de list fan it UNESCO-wrâlderfskip.

Iere skiednis

bewurkje seksje
 
Spiers om 1900 hinne

Withoe folle fynsten út it Neolitikum, Brûnstiid, de Hallstatt-kultuer en it La Tène-tiidrek meitsje dúdlik dat der op de terrassen fan Spiers, benammen op it legere diel oan de Ryn, al hiel betiid delsettings west ha. Ien fan de bekendste fynsten is de Gouden Hoed fan Schifferstadt (Der Goldene Hut von Schifferstadt) út 1500 f. Kristus, dy't yn 1835 op in fjild fûn waard by Schifferstadt op sawat 6 km. noardwestlik fan Spiers.

Foar de ûntjouwing fan Spiers wie de lizzing oan de Ryn in wichtige faktor. Der wiene net in soad plakken sa ticht by de rivier dy't feilich genôch wiene tsjin heech wetter lykas yn Spiers. Dêrnjonken foarme it gearrinnen fan de Neckar mei de Ryn in eintsje fierderop in grut foardiel. Spiers waard yn de midsiuwen in wichtich krúspunt en it tal feartsjinsten by de stêd oer de Ryn tsjûgen doedestiids fan dit belang.

Nei de Romeinske oerweldiging fan Galje yn it jier 50 f. Kristus makke it gebiet diel út fan it Romeinske Ryk. De Romeinen fêstigen hjir in militêr kamp, dat it begjin fan de opkomst fan stêden foarme. It earste fort waard boud yn it eastlike diel fan de hjoeddeiske Maximilianstraße tusken de Kleine Pfaffengasse en de Große Himmelsgasse. De súdlike grêft lei by de Kleine Pfaffengasse lâns. Mei tastimming fan de romeinske keizer Augustus sette de Germaanske stam fan de Nemeten harren yn it gebiet om Spiers nei wenjen.

Om it jier 150 hinne stie de stêd ûnder de ferlatynste Keltyske namme Noviomagus op in kaart fan de Grykske geograaf Ptoleméus; deselde namme stiet yn it Itinerarium Antonini, in romeinsk reisboek út de 3e iuw, en op de Tabula Peutingeriana, in 3e-iuwske wegenkaart fan it Romeinske Ryk. Benammen yn de twadde helte fan de 3e iuw krigen de Romeinen jimmeroan mear lêst fan ynfallen troch de Allemannen, dy't foaral winterdeis de Ryn nei de westlike kant oerstieken. Spiers waard op 'e nij in stêd oan de grins fan it Romeinske Ryk en de Romeinen begûnen mei in reorganisaasje fan de fersterkingen by de Ryn lâns. Út fynsten yn it fersterkte diel fan Spiers docht bliken dat der doe al in iere Kristlike gemeente bestie. Yn it jier 343 wurdt de foar it earst in biskop neamd, mar bûten it fort wie de befolking lykwols noch altiten heidensk. Úteinlik soene de Romeinen it net hâlde, mar it fort bestie nei alle gedachten noch oant 500.

 
Stedssegel fan Spiers (1283).

Nei't de Franken ûnder kening Klovis de Allemannen fersloech, waard Spiers ûnderdiel fan it Frankyske Ryk. It bisdom waard hersteld en der waarden nije tsjerken en kleasters boud. Troch de biskoppen jimmeroan mear privileezjes en macht te jaan, ferwissigen de Frankyske keningen harren fan in trouwe stipe foar it lokale adeldom oer. De groeiende macht fan de biskoppen soarge lykwols ek foar tanimmende spanningen, dy't iuwenlang gefolgen hawwe soe foar Spiers.

De Karolingyske tiid waard yn Spiers in paleis (Königspfalz) boud, dat as tydlike sit foar kenings en keizers tsjinne. Yn 838 waard op inisjatyf fan Loadewyk de Fromme foar it earst in Ryksdei organisearre. It wie de earste Ryksdei yn Spiers fan in rige fan 50 ryksdagen oer in perioade fan 600 jier.

Fan 1030 ôf waard yn Spiers begûn mei de bou fan de domtsjerke. Op fersyk fan biskop Rüdiger Huzmann waard yn de 11e iuw ien fan de earste joadske gemeenten yn it Hillige Roomske Ryk stifte. Op de dei dat syn heit yn de domtsjerke beiset waard, joech Hindrik V de stêd mânske privileezjes: as earste stêd fan it Ryk waard ynstien foar de persoanlike frijheden fan boargers. De tekst fan Hindrik's frijheidsbrief waard mei syn portret yn gouden letters boppe it portaal fan de dom oanbrocht, mar spitigernôch gyng it opskrift letter ferlern.

Ûnder de Salyske en Staufyske dynastyen bleau Spiers in wichtige posysje hâlden yn it Ryk.

Tusken 1526 en 1529 fûnen inkelde wichtige Ryksdagen plak yn Spiers, dy't foar it trochsetten fan de reformaasje beskiedend wiene. Yn 1526 waard op de Ryksdei yn Spiers besletten ta it útstellen fan it Edikt fan Worms, itjinge in gruttere frijheid fan godstsjint betsjutte. De Ryksdei fan 1529 makke dat útstel lykwols wer ûngedien. Dit brocht de protestânske foarsten op 19 april 1529 der ta om in protest by de Ryksdei yn te tsjinjen. It protest joech letter de namme oan de oanhingers fan de nije lear: protestanten. Yn 1540 naam de stêd offisjeel de Lutherske lear oan. Meardere tsjerken waarden oan de oanhingers fan de nije lear oerdroegen, mar de katoliken holden harren kleasters en de domtsjerke. Krekt efkes earder wie yn 1534 besletten dat de joaden de stêd ferlitte moasten. Yn 1621 wie der wer sprake fan in joadske gemeente yn Spiers, mar tsjin it ein fan de 17e iuw waarden de joaden op 'e nij de stêd útset.

 
De oerbliuwsels fan it hof yn 1789, wêr't ferskate ryksdagen holden waarden.
 
It âlde Spiers foar de brânstichting.
 
Spiers yn 1572.

In slim ûnk oerkaam de stêd doe't Spiers tidens de Njoggenjierrige Oarloch yn 1689 troch Frânske troepen alhiel ferwoastge waard. Op 30 jannewaris 1689 waarden de fersterkingen om de stêd hinne ôfbrutsen en de befolking waard twongen mei te helpen oan de sloop. Dêrnei waarden de befolking evakuearre en de stêd mei alle kleasters en tsjerken planmjittich yn brân stutsen. Allinnich de domtsjerke bleau sparre. De brânstichting makke in ein oan it midsiuwske stedsbyld mei it grutte tal tsjerketuorren en de 68 poarten en tuorren dy't ea de stêd omheinden. Yn 'e 18e iuw waard de stêd mei in dramatysk sakke ynwennertal op 'e nij boud. Ut dy tiid datearje û.o. it riedshûs, de lutherske Dreifaltigkeitskirche en de oarspronklik kalvinistyske Heiliggeistkirche.

Yn 1792 folge der nochris in Frânske besetting doe't Napoleon's revolúsjetroepen Spiers feroveren.

Mear besettings troch de Frânsen folgen nei de Earste en Twadde Wrâldkriich.

Grutskalige fernielings troch alliearde bombardeminten lykas op in protte oare stêden yn Dútslân bleaunen Spiers yn 'e lêste wrâldkriich besparre. De likernôch 100 joaden dy't net earder it lân útflechte wiene waarden yn dy tiid ombrocht. Harren synagoge yn de Heydenreichstraße wie al yn 1938 yn 'e brân stutsen en koart dêrnei sloopt. Yn maart 1945 waard de stêd troch Amerikanen ynnommen.

Oant de stifting fan de Bûnsrepublyk yn 1949 lei Spiers yn de Frânske besettingssône.

It jier 1990 stie yn it ramt fan it 2000 jierrich bestean fan de stêd en it byinoar foegjen fan de twa sûnt 1945 skieden Dútslannen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Technik-Museum.
  • Mei de bou fan de domtsjerke waard ûnder keizer Koenrad II begûn. Goed tritich jier letter wie it bouwurk klear. In yngripende feroaring fûn plak doe't yn opdracht fan keizer Hindrik IV it flak dekte skip ferwulften krige. In protte lettere feroarings waarden by de yn 1957 út ein sette restauraasje tebek draaid.
  • De neogotyske Gedächtniskirche is in monumint ta neitins oan it op de Ryksdei fan 1529 folgjende protest tsjin it beheinen fan de godstsjinsfrijheid. Mei in hichte fan 100 meter is de toer fan de tsjerke de heechste yn de Palts en de heechste Dútske tsjerketoer westlik fan de Ryn tusken Keulen en Straasburch.
  • De Dreifaltigkeitskirche is in letbarokke protestânske tsjerke. De galerijen en it houten ferwulft fan de tsjerke binne fan skilderijen foarsjoen en it oargel telt 41 registers.
  • De Heiliggeistkirche is tusken 1700 en 1702 foar de grifformearde gemeente boud, nei't de earste bewenners nei it yn brân stekken fan de stêd troch de Frânsen werom kamen. Hjoeddedei brûkt de protestânske tsjerke it gebou foar konserten en foarstellings.
  • It kleaster Sint-Magdalena is as ienige fan de 60 kleasters dy't de Palts ea telde oerbleaun. Tusken 1923 en 1932 wurke dêr de yn de Twadde Wrâldkriich fermoarde karmelitesse Edith Stein.
  • Mei de bou fan de katolike Josephskirche waard yn 1912 úteinset. De mei twa tuorren fersierde tsjerke kaam ree yn 1914 en is de op ien nei grutste tsjerke fan Spiers.
  • Yn 'e Judengasse leit de Joadehôf, dat bestiet út de resten fan in synagoge, in gebedsromte foar froulju, in religieuze skoalle en in yntakte 12e-iuwske mikwe. It erfgoed is ûnder de namme ShUM-lokaasjes fan Speyer, Worms en Mainz ynskreaun yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.
  • De Altpörtel wie de westlike poarte fan de stêd en foarme in diel fan de eardere midsiuwske stedsbemuorring mei 68 tuorren en poarten. It ûnderste diel fan de 55 meter hege poarte stamt út 1230. Nei boppe ta wurdt de toer jonger.[1]
  • Historisches Museum der Pfalz
  • Technik-Museum
  • Museum SchPIRA
  • Fastnachtmuseum
  • Museum im Brückenhaus[2]


  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Speyer fan Wikimedia Commons.
  Rynlân-Palts  
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise

Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte

Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

  ·   ·  

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Geschichte der Stadt Speyer

  NODES
Done 1
himmel 1
orte 1
see 2