Spoar fan Swol nei Ljouwert

spoarwei yn Oerisel en Fryslân

It spoar fan Swol nei Ljouwert is in spoarwei yn Oerisel en Fryslân mei in langte fan 95 km en mei in reistiid fan likernôch 60 minuten. En makket diel út fan Steatsline A.

Stasjons en gebouwen

bewurkje seksje
 
ICM treinstel 4218, ûnderweis fan Utert Sintraal nei Ljouwert by Wolvegea op 11 maaie 2008

Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 9 stasjons: (kursyf: earder stasjon)

Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou
  Swol 1864 1866, 2e gebou, type SS earste klasse inkelde kearen yngreven ferboud, by iepening NCS gebou
Berkum 1867 gjin, stasjon sletten yn 1923
Dedemsfeart 1867 gjin, gebou sloopt yn 1952, stasjon sletten yn 1923
Staphorst 1867 gjin, gebou sloopt yn 1970, stasjon sletten yn 1935
  Meppel 1867 1866, 1e gebou, type SS tredde klasse fernijd type
Nijefean 1868 gjin, stasjon sletten yn 1933
  Stienwyk 1868 1972, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma, by iepening type SS tredde klasse
Willemsoard 1895 gjin, gebou sloopt yn 1940, stasjon sletten yn 1935
Oerissel/Fryslân
  Pepergea 1868 gjin, gebou sloopt yn 1970, stasjon sletten yn 1938
  Wolvegea 1868 1865, 1e gebou, type SS fjirde klasse
  Aldskoat 1868 gjin, gebou sloopt yn 1967, stasjon sletten yn 1938
  It Hearrenfean Iisstadion 1975 1975, NS, abry, stasjon sletten yn 2015
  It Hearrenfean 1868 1983, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt J.A. van Belkum, by iepening type SS tredde klasse
Stobbegat 1924 gjin, gebou sloopt yn 1940, stasjon sletten yn 1938
  Akkrum 1868 1973, 2e gebou, standerttype Douma, by iepening fernijde útfiering type SS tredde klasse
  Grou-Jirnsum 1868 1976, 3de gebou, standerttype Douma, by iepening fergrutte útfiering type SS fyfde klasse
Idaerd-Reduzum 1868 gjin, gebou sloopt yn 1959, stasjon sletten yn 1938
Wurdum 1868 gjin, gebou sloopt yn 1983, stasjon sletten yn 1938
  Ljouwert 1863 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud

Yn Swol hat it spoar ferbining mei oare spoaren:

Yn Meppel hat it spoar in ferbining mei in oar spoar:

Yn Ljouwert hat it spoar ferbining mei oare spoaren:

Op 18 augustus 1860 waard yn de Spoarweiwet ûnder oaren besletten ta de oanlis fan de ferbining Swol - Ljouwert, as part fan de line Arnhim - Ljouwert. Op 1 oktober 1867 waard it part Swol - Meppel iepene, op 15 jannewaris 1868 it part Meppel - It Hearrenfean en itselde jier op 1 septimber waard it lêste stik, It Hearrenfean - Ljouwert, iepene.

It spoar foel oarspronklik ûnder de Steatsspoarwegen. Mei it ûntstean fan de Nederlânske Spoarwegen krige dy it behear oer it spoar. Oarspronklik wie der ek in halte Dalfsen, letter Berkum; yn 1923 is dy lykwols sletten. Yn 1924 waard in halte iepene yn Stobbegat (Vegelinsoard). Yn 1933 waard de halte Nijefean sletten, en yn 1935 de halte Willemsoard en it stasjon Staphorst. De stasjons fan Pepergea en Aldskoat en de halten Stobbegat en Idaard-Reduzum waarden sletten yn 1938. Ek it stasjon Dedemsfeart en de halte Wurdum waarden dat jier sletten, mar yn 1940 waarden se wer iepene. Stasjon Dedemsfeart waard lykwols datselde jier ek wer sletten, mar Wurdum bleau iepen oant 1949.

Fan 1975 oant 1977 waard in proef dien mei in stasjon It Hearrenfean Iisstadion. It stasjon waard lykwols wer sletten as regulier stasjon.

Yn juny 2010 waard troch de Twadde Keamer besletten dat de treinen tusken Swol en Ljouwert faker ride sille.[1]

Bysûndere halten

bewurkje seksje

Treinen stopje no allinnich by It Hearrenfean Iisstadion as der yn Thialf grutte eveneminten binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Trein Ljouwert-Swolle rydt faker op It Nijs (sjoen op 26-06-2010)
  NODES