In stek is in algemiene oantsjutting foar in ôffreding, wêrmei't in stik grûn fan it omlizzende lân ôfskaat wurdt. Yn 'e regel is in stek makke fan hout of metaal, stevich fan konstruksje en befettet it iepenings dêr't men trochhinne sjen kin. In ûntrochsichtige houtene konstruksje mei itselde doel (fan ôffreding) hjit in skud. Behalven stikken grûn (lykas hiemen, tunen, greiden, bedriuweterreinen, skoalpleinen ensfh. kinne stekken ek brûkt wurden om lannen faninoar te skieden, mei as doel om ûnwinske ymmigranten tsjin te kearen. Guon stekken binne tarist mei stikeltrie om klimmers ôf te skrikken.

In metalen stek ta befeiliging fan in bedriuweterrein.
Dizze side giet oer stek yn 'e betsjutting fan ôffreding. Foar oare betsjuttings, sjoch: stek (betsjuttingsside).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


  NODES
Note 1