Strânfollybal
Strânfollybal is in fariant op de sealsport follybal.
Beskriuwing
bewurkje seksjeStrânfollybal wurdt spile op in ûndergrûn fan sân, meastentiids op it strân. It wichtichste ferskil mei sealfollybal is dat in team minder spilers hat: yn ynternasjonale wedstriden twa, mar op in leger nivo kin dat ek trije of fjouwer wêze.
Hjir folgje de wichtichste ôfwikings yn it strânfollybal yn ferliking mei it sealfollybal:
Feiten:
- Der binne gjin fêste posysjes foar spilers yn it fjild.
- De bal is swierder en sêfter.
- It fjild is 8 by 16 meter.
- Der is gjin middelline; der kin dus ek gjin lineflater makke wurde at der oer dy line hinne gien wurdt. De tsjinstander moat gjin lêst hawwe kinne at de oare spiler ûnder it net troch giet.
- Belining wurdt makke troch it spannen fan touwen; in bal is yn as de (ôfdruk fan de) bal de line rekket.
Technyk: (foar al dizze punten jildt dat der op leger nivo troch skiedsrjochters hast net foar fluite wurdt):
- By it boppehânsk spyljen fan de bal hoecht der gjin koart kontakt te wêzen, wol moat de bal leadrjocht op de skouderline spile wurde en mei dus net sydlings fuortspile wurde.
- Nei it boppehânsk spyljen mei de bal gjin draaiende beweging meitsje, dat wol sizze net mear as ien folsleine draaiïng meitsje.
- At de bal nei de oare kant spile wurdt, mei der gjin sêft/lang kontakt wêze. Dat wurdt ek wol hurd kontakt neamd. Foarmen dêrfan binne in (hurde) oanfal of ûnderhânske technyk. Eins falle alle farianten dêr’t net mei de fingers stjoering oan de bal jûn wurdt dêrûnder.
- Foar in bal dy’t opfongen wurdt fan de oerside ôf jildt hast itselde: hurd kontakt of in perfekte boppehânske technyk.
Regels:
- In blok jildt as in kontakt, dêrnei mei de bal noch mar twaris oanrekke wurdt ear’t de bal oer it net spile wurdt.
- De bal mei nei in blok troch de blokker nochris spile wurdt. Dat wurdt teld as 2 kontacten.
- It spul bestiet út maksimaal 3 sets, set 1 en 2 geane oant 21 punten, set 3 giet oant 15 punten. Allinne mei 2 punten ferskil kin de set wûn wurde.
- Nei eltse sân spile punten wurdt der spylhelte wiksele om foardiel fan sinne of wyn foar te kommen.
Ynternasjonaal
bewurkje seksjeDer binne eins trije wichtige kampioenskippen foar strânfollyballers:
- Follybal op de Olympyske Simmerspullen. It strânfollybal waard yn 1996 in Olympyske sport.
- Wrâldkampioenskip strânfollybal. Dat wurdt sûnt 1997 om de twa jier organisearre troch it FIVB
- Europeesk kampioenskip strânfollybal. Sûnt 1993 is der in kampioenskip foar manlju en in jier letter foar de froulju. It Europeesk kampioenskip wurdt organisearre troch it CEV