Strúsfûgeleftigen

De strúsfûgeleftigen (wittenskiplike namme: Struthioniformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes) en de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae). Ta dit skift heart mar ien famylje, nammentlik dy fan 'e strúsfûgels (Struthionidae). It skift omfettet fierders mar twa libbene soarten, nammentlik de (gewoane) strúsfûgel (Struthio camelus) en de Somalyske strúsfûgel (Struthio molybdophanes). De Somalyske strúsfûgel waard lange tiid as in ûndersoarte fan 'e gewoane strúsfûgel beskôge, en pas yn 2014, op grûn fan genetysk ûndersyk, as in selsstannige bistesoarte erkend. De strúsfûgeleftigen foarmje in sustertakson fan 'e echte âldkakigen, dêr't û.m. de kasuariseftigen (Casuariiformes) en de nandoe-eftigen (Rheiformes) ta hearre.

strúsfûgeleftigen
In strúsfûgel (Struthio camelus).
In strúsfûgel (Struthio camelus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: âldkakigen (Palaeognathae)
skift: strúsfûgeleftigen
   (Struthioniformes)
Latham, 1790

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


  NODES
Note 1