Strjitte fan Denemark

De Strjitte fan Denemark of Strjitte Denemarken (Yslânsk: Grænlandssund, Deensk: Danmarksstrædet) is in seestrjitte tusken Yslân en Grienlân. De seestrjitte ferbynt de noardlike Atlantyske Oseaan (Irmingersee) en de Noardlike Iissee (Grienlânsee) mei-inoar. Hy is ûngefear 480 kilometer lang en is op it smelste punt 290 kilometer breed. It Noarske eilân Jan Mayen leit noardeastlik fan de seestrjitte.

Strjitte fan Denemark
geografy
type wetter rânesee / seestrjitte
lokaasje tusken Grienlân en Yslân
lân Grienlân
  Yslân
sifers
maks. lingte 480 km
oerflak 1.205.000 km²
Pakiis yn de Strjitte fan Denemark

Under wetter leit in drompel dêr't de sekonde 5 miljoen kubike meter kâld en sâlt wetter fan de East-Grienlânstream 3400 meter oerhinne omleech falt, fan 600 meter nei 4000 meter. Dit is de grutste ûnderseeske wetterfal fan de wrâld.

Slach yn de Strjitte fan Denemark

bewurkje seksje

Op 2 maaie 1940 waard de Dútske SS Wolfsburg yn Strjitte fan Denemark ûnderskept troch de Britske kruser HMS Berwick. De Wolfsburg waard dêrnei troch de eigen bemanning te sink brocht.

Yn 1941 besocht in Dútsk eskader fia Strjitte Denemarken de Atlantyske Oseaan te berikken, om de dûkboatoarloch tsjin de konfoaien nei Grut-Brittannië te stypjen (Unternehmen Rheinübung). Op 24 maaie 1941 wie der yn Strjitte Denemarken in slach tusken de Britske slachkruser HMS Hood en it slachskip HMS Prince of Wales oan 'e iene kant en de Dútske swiere kruser Prinz Eugen en it slachskip Bismarck oan de oare kant. De Prinz Eugen wie de foarige deis waarnommen troch de Britske krusers HMS Suffolk en Norfolk. De Hood waard troch de Bismarck yn it efterste munitierom rekke, wêrnei 't it skip eksplodearre, yn twa stikken bruts en binnen trije minuten sonk. Troch de eksploazje rekke de Prince of Wales swier skansearre. Ek de Bismarck rekke yn it duel skansearre.
Dizze seeslach stiet bekend as de Slach yn de Strjitte fan Denemarken.

  NODES
USERS 1