It Sylhús is in monumintaal slúswachtershûs oan 't Oast 12 yn Hylpen.

Sylhús
bouwurk
It Sylhús mei dêrfoar de Slûs Hylpen
It Sylhús mei dêrfoar de Slûs Hylpen
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
Súdwest-Fryslân
plak Hylpen
adres 't Oast 12
koördinaten 52° 56' 37" NB 5° 24' 10" EL
bysûnderheden
type bouwurk slûswachtershûs
boujier 17e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22191
kaart
Sylhús (Hylpen)
Sylhús

De slûswachterswente waard yn de santjinde iuw boud en krige yn 1785 oan de dykskant in saneamde leagenbolle. Dy leagenbolle doch tsjinst as moetingsplak foar benammen âlder manlike ynwenners fan Hylpen. De leagenbolle is ûnder in oerkaping dy't stipe wurdt troch houten pylders. Yn de foargevel ûnder dy oerkaping is it stedswapen fan Hylpen mei it jiertal 1619 ynmitsele. Mooglik is dat it jiertal fan de bou fan it hûs. Op 'e naal fan it tek waard yn de njoggentjinde iuw in houten klokketoer mei spits op boud.

It gebou hat earder ek as fiskôfslach tsjinst dien. Boppe de leagebolle is in reliëf oanbrocht mei in ôfbyld fan de bjusterbaarlike fiskfangst troch Petrus en oare dissipels, dy't yn 1905 troch T. Gerlsma makke waard.

It gebou is in ryksmonumint en stiet njonken de Slûs Hylpen yn de Sylroede, mei dêrefter in wipbrêge.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sylhús (Hindeloopen) fan Wikimedia Commons.
  NODES