Tarsisius (ek Tarsitius) is in yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke fereare hillige. It is de patroanhillige fan 'e mistsjinners. Hy ferstoar yn 'e âldens fan 12 oant 15 jier de martlersdea. Syn namme betsjut de dappere.

Tarsisius
   hillige
Tarsisius neffens: Alexandre Falguière (1831–1900)
Tarsisius
neffens: Alexandre Falguière (1831–1900)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ?
stjerdatum 257
hillichferklearring
hjeldei 15 augustus
attributen hosty, palmtûke
patroan fan mistsjinners, akoliten, kommunikanten

De iennige ynformaasje oer Tarsisius is te finen yn in gedicht dat paus Damasus I ta eare fan Tarsisius skreau. Yn dat gedicht ferlikene Damasus him mei Stefanus, dy't lykas Tarsisis ek stiennige waard. De persoan is op basis fan it gedicht fan paus Damasus frij wis histoarysk, mar fierder is der neat oer him bekend. Hy kin in diaken west ha om't paus Damasus him mei Stefanus ferlikene. In lettere tafoeging op 'e 6e-iuwske leginde fan it martlerskip fan paus Stefanus I makke fan Tarsisius in akolyt.[1]

Tarsisius libbe yn 'e 3e iuw yn in tiid dat de kristenen yn it Romeinske Ryk ferfolge waarden. Hy holp yn 'e katakomben de biskop by de misse en bea himsels oan om de eucharisty nei de finzenen en siken te bringen. Dat wie yn dy tiid in nochal nuodlike ûndernimming, mar hy ûnthiet de biskop dat er de eucharisty mei syn libben beskermje soe.

Underweis droech Tarsisius de eucharisty under syn klean. Doe't er in ploech heidenske jongerein tsjinkaam, waarden dy nijgjirrich en hja woene witte wat er ûnder syn klean ferside hold. Hja besochten it him te ûntfytmanjen, mar Tarsisius joech gjin krimp en hold de eucharisty stiif tsjin't boarst oan. It skuorren waard slaan en skoppen, mar it holp fierder net en Tarsisius holde mei man en macht de hosty yn syn hannen. Op 't lêst waarden stiennen brûkt om Tarsisius te twingen los te litten, mar hy joech gjin belies. In Romeinske ofsier mei de namme Kwadratus kaam op it trelit ôf en de jongens setten by it sjen fan 'e ofsier ôf, mar doe wie Tarsisius der al sa slim oan ta, dat er op it stjerren nei dea wie. Kwadratus wie ek in kristen en seach dat it Tarsisius wie; hy brocht him sa gau mooglik yn feiligens, mar it wie te let. Noch foar't Tarsisius de lêst sike helle, joech er de ofsier de hosty, ferpakt yn in linnense doek. Tarsisius waard yn 'e katakomben fan 'e hillige Kalikstus begroeven. Paus Damasus joech opdracht in ynskrift foar syn grêf te meitsjen, dêr't op stie dat Tarsisius yn it jier 257 ferstoar.

 
Alterbyld fan Sint-Tarsisius yn 'e Sint-Laurentiustsjerke bûten de Muorren, Rome.

Letter waarden syn reliken yn 'e Romeinske tsjerke fan San Silvestro in Capite oerdroegen en wer letter ferhûzen de reliken nei de Basilyk fan 'e hillige Laurentius bûten de Muorren. Under it heechalter fan dy lêste tsjerke lizze ek de reliken fan 'e diaken Laurentius. Yn in sydalter waarden de reliken fan Tarsisius yn in alter bewarre mei in byld fan de jonge, mei fêst yn syn hannen it hillige sakramint fan 'e Eucharisty.

Sûnt 2012 binne de reliken wer yn 'e buert fan 'e Kalikstus-katakomben yn 'e nije, oan Tarsisius wijde tsjerke fan it Istituto San Tarcisio fan 'e Salesianen.[2]

De feestdei fan Tarsisius falt op 15 augustus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  NODES