Tarzan (filmsearje)

Tarzan is in Amerikaanske filmsearje oer it fiktive personaazje Tarzan, út 'e boeken fan 'e skriuwer Edgar Rice Burroughs. De films binne ûnderling inkeld ferbûn trochdat se deselde haadpersoan hawwe. Dêryn is dizze rige ferlykber mei bgl. de James Bond-filmsearje. De earste Tarzan-film kaam út yn 1918 en de lêste (anno 2022) yn 2016. Ferskate akteurs hawwe de rol fan Tarzan spile, ûnder wa Olympysk swimkampioen Johnny Weissmüller yn mar leafst tolve films. Krektsa is de rol fan Tarzan syn grutte leafde Jane Porter troch tal fan ferskillende aktrises fertolke, ûnder wa Maureen O'Sullivan, Bo Derek en Margot Robbie. Krekt as it personaazje dêr't se oer geane, wiene Tarzan-films by har premiêre oer it algemien tige populêr.

Tarzan
In filmposter foar de earste Tarzan-film, Tarzan of the Apes út 1918.
In filmposter foar de earste Tarzan-film, Tarzan of the Apes út 1918.
betinker Edgar Rice Burroughs
eigner live action:
Universal Pictures (1928-1929)
MGM (1932-'42, '57-'58, '62-'63, '81)
RKO Pictures (1943-1955)
Paramount Pict. (1959-'60, '67-'68)
Warner Bros. (1984-no)

animaasje:
Disney (1999-no)

lân Feriene Steaten
begjinjier 1918
films
langspylfilms 56 live action-films
   5 tekenfilms

It personaazje Tarzan ferskynde foar it earst yn 'e roman Tarzan of the Apes, dy't yn 1912-1913 as fúljeton publisearre waard yn it pulpblêd The All-Story, en yn 1914 yn boekfoarm útkaam by de útjouwerij A.C. McClurg. De ierste Tarzan-films wiene stomme films, dy't fan 1918 ôf makke waarden as ferfilmings fan Tarzan of the Apes en de boeken dy't fuort dêrnei troch Edgar Rice Burroughs skreaun waarden.

Live action-films

bewurkje seksje

Stomme films (1918-1929)

bewurkje seksje

*) útbrocht as searjefilms

 
De filmposter fan Tarzan and the Golden Lion út 1927.

Dizze ierste Tarzan-films wiene stomme films út 'e perioade 1918-1929. Dêrby gie it om fjouwer langspylfilms en fjouwer films dy't as searjes fan koarte, yn 'e bioskoop fertoande ôfleverings útbrocht waarden. Foar it meastepart wiene dy basearre op 'e iere Tarzan-romans fan Burroughs, dy't se ornaris trou folgen. Sa wie de alderearste Tarzan-film, Tarzan of the Apes, in frij sekuere werjefte fan 'e roman mei deselde namme, hoewol mei beskate oanpassings dy't nedich wiene om't de akteurs net (hearber) prate koene.

It personaazje fan Tarzan waard yn dizze films spile troch ferskate akteurs, ûnder wa trije kear Elmo Lincoln en twa kear Frank Merrill. Yn it earste stik fan Tarzan of the Apes waard de jonge Tarzan spile troch Gordon Griffith, dy't sadwaande as de alderearste Tarzan-fertolker beskôge wurde kin (hoewol't Tarzan noch earder yn 'e film spile wurdt troch teminsten twa lytse bern, fan wa't de nammen op 'e begjintitels net fermeld wurde). Trije fan 'e stomme Tarzan-films (The Romance of Tarzan, The Revenge of Tarzan en Tarzan the Mighty) binne ferlern gien.

De lêste beide fan 'e stomme films waarden makke troch de filmstudio Universal Pictures. De earste lûdsfilm út 'e Tarzan-rige wie eins Tarzan the Tiger, dy't opnommen waard as stomme film mar foar de premiêre foar in diel neisyngronisearre waard. Yn Tarzan and the Golden Lion waard de titelrol spile troch James Pierce, dy't troch de film yn 'e kunde kaam mei Burroughs syn dochter Joan, mei wa't er troude. Yn dyselde film is de doe noch folslein ûnbekende Boris Karloff te sjen yn 'e rol fan in antagonistyske Afrikaanske haadman.

It Weissmüller-tiidrek

bewurkje seksje

Films mei Johnny Weissmüller (1932-1948)

bewurkje seksje
 
Maureen O'Sullivan as Jane en Johnny Weismüller as Tarzan yn harren earste film, Tarzan the Ape Man, út 1932.

Fuort nei de yntree fan 'e lûdsfilm waarden der Tarzan-films makke mei Johnny Weissmüller yn 'e titelrol, te begjinnen mei Tarzan the Ape Man út 1932. Weismüller wie de soan fan etnysk Dútske ymmigranten út Roemeenje. Doe't er de rol fan Tarzan oannaam, wied er yn 'e Feriene Steaten al ferneamd as swimmer, mei't er fiif gouden medaljes wûn hie op 'e Olympyske Spullen. Syn Tarzan-films wiene folle populêrder as de eardere stomme films, en hy waard de bekendste Tarzan-fertolker en ek dejinge dy't dy rol it faakst spile.

 
Johnny Weissmüller spile tusken 1932 oant 1948 de rol fan Tarzan yn tolve films.

Tusken 1932 en 1948 waarden der nammentlik tolve films makke mei Weissmüller as Tarzan. De earste seis dêrfan wiene produksjes fan Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), wêryn't Maureen O'Sullivan de rol fan Jane spile, de grutte leafde fan Tarzan. De tsjeppe O'Sullivan, dy't foar de mjitstêven fan dy tiid yn 'e films mar krap klaaid wie, spile ek net swak by wat de populariteit fan 'e films oangie. De lêste seis Weissmüller-films waarden makke troch RKO Pictures. Oars as Weissmüller keas O'Sullivan derfoar om net mei oer te gean nei de nije studio. Tarzan's New York Adventure, út 1942, wie sadwaande har lêste Tarzan-film. Neitiid ûntbriek Jane yn 'e earstfolgjende beide films. Doe't Jane yn Tarzan and the Amazons, út 1945, weromkearde yn in fertolking troch Brenda Joyce, wie de rol sterk yn wichtigens werombrocht.

Tarzan the Ape Man, út 1932, wie in tige frije filmadaptaasje fan 'e roman Tarzan of the Apes, wêrby't alles oerboard smiten waard dat earder yn 'e stomme films bard wie. Tsjintwurdich soe de film sadwaande karakterisearre wurde as in reboot fan 'e mediafranchise. Weissmüller syn Tarzan wie, yn tsjinstelling ta de wolsprekkende hear út 'e romans fan Burroughs, in wyldeman mei beheinde feardichheden op it mêd fan spraak en taal dy't sadwaande mar oer in behindinge wurdskat beskikte. De pidgineftige dialooch dy't dêrút fuortkaam, is it bekendst wurden troch syn útspraak, (by de earste moeting mei Jane), fan 'e wurden "Me Tarzan, you Jane" ("My Tarzan, do Jane"). Eins is dy útspraak lykwols apokryf en sil men der yn 'e films omdôch nei sykje.

 
Maureen O'Sullivan as Jane en Johnny Weismüller as Tarzan yn Tarzan's Secret Treasure út 1941.

Yn 'e romans wiene Tarzan en Jane dúdlik troud, mar yn 'e films mei Weissmüller waard harren wetlike status net útlein, ek al wennen se gear yn in beamhutte yn it oerwâld en bestie der fral yn 'e twadde film, Tarzan and His Mate, in sterke seksuele lading tusken harren. Om't it toanen noch de ymplikaasje fan seks bûten it houlik ûnder de fan 1934 ôf yn Hollywood jildende sensuer fan 'e Motion Picture Production Code tastien wie, waard harren soan, "Boy", fûn en oannommen ynstee fan berne. Boy, spile troch Johnny Sheffield, kaam foar yn acht op inoar folgjende dielen fan 'e rige, te begjinnen mei Tarzan Finds a Son!, út 1939, en einigjend mei Tarzan and the Huntress, út 1947.

Weissmüller syn joadeljende "Tarzan-gjalp" rekke sa mei it personaazje fan Tarzan ferklibbe, dat er yn lettere films soms neisyngronisearre waard oer de rop fan oare akteurs hinne. De Weismüller-films befetten ek in sjimpansee mei de namme Cheeta, dy't Tarzan syn freon en/of húsdier wie en foar in komyske noat soargje moast.

Komtemporêne Tarzan-films sûnder Weissmüller (1933-1938)

bewurkje seksje

Fanwegen yngewikkelde perikels oangeande de filmrjochten waarden der yn 'e Weissmüller-perioade ek in fjouwertal autorisearre Tarzan-films makke sûnder Weissmüller. De earste dêrfan wie Tarzan the Fearless, út 1933, mei in oare Olympyske swimmer, Buster Crabbe, yn 'e titelrol. Dat wie eins de earste Tarzan-film dy't produsearre waard troch Sol Lesser, dy't letter produsint fan 'e franchise wurde soe en mei Weissmüller gearwurkje soe doe't de filmrjochten yn 1943 oergiene nei RKO.

The New Adventures of Tarzan, út 1935, wie in searjefilm dy't weromgriep op it oarspronklike konsept fan Tarzan as in yntelliginte Ingelsman, spile troch Herman Brix, in Olympyske kûgelstjitter. De searje waard letter montearre ta twa films, de earste mei deselde namme as de searje sels, en de twadde, dy't yn 1938 útbrocht waard, mei as titel Tarzan and the Green Goddess. Datselde jiers kaam ek Tarzan's Revenge út, wer produsearre troch Lesser. De titelrol waard spile troch Glenn Morris, dy't op 'e Olympyske Spullen in gouden medalje behelle hie yn 'e tsienkamp. Swimster Eleanor Holm spile in pseudo-Jane-personaazje dat Eleanor Reed hiet.

 
Brenda Joyce spile de rol fan Jane yn fiif films tusken 1945 en 1949.

Mei útsûndering fan The New Adventures of Tarzan en Tarzan and the Green Goddess, dy't foar in diel op lokaasje yn it oerwâld fan Gûatemala filme wiene, waarden alle Tarzan-films út 'e 1930-er en 1940-er jierren opnommen yn 'e studio yn Hollywood.

Films mei Lex Barker (1949-1953)

bewurkje seksje

Nei Tarzan and the Mermaids, út 1948, loek Johnny Weissmüller him út 'e filmsearje werom, mei't er fûn dat er no te âld wie om noch de inkeld yn in muldoek klaaide Tarzan te spyljen. Neitiid hied er lykwols de haadrol yn in lange searje fan fierhinne soartgelikense oerwâldaventoerefilms as de yn in safarypak klaaide Jungle Jim.

Produsint Sol Lesser joech nei it opstappen fan Weissmüller yn 'e Feriene Steaten lieding oan in lanlike syktocht nei in ferfanger, wêrby't mear as 200 akteurs audysje diene. De nije Tarzan waard úteinlik fûn yn Lex Barker, in lange en opmerklik knappe man dy't yn New York yn in begoedige maatskiplik fermidden opgroeid wie. Hy spile neitiid fan 1949 oant en mei 1953 yn fiif Tarzan-films de haadrol, wêrby't er eltse kear in oare aktrise as tsjinspylster yn 'e rol fan Jane hie. De earste fan dat fiiftal wie Brenda Joyce, dy't earder yn fjouwer films mei Johnny Weissmüller spile hie. Foar har wie de earste film mei Barker, Tarzan's Magic Fountain, har lêste Tarzan-film.

De films mei Lex Barker waarden allegear makke troch RKO Pictures. It wiene foar it meastepart lowbudgetproduksjes, krekt as de films mei Weissmüller earder west hiene, al besocht de trêde, Tarzan's Peril, út 1951, de filmsearje wat te ferheffen troch de opnamen op lokaasje yn Afrika te dwaan en echte, pleatslike Afrikanen as castleden en figuranten yn te setten. Nettsjinsteande Barker syn aristokratysk oandwaande hâlding en it feit dat er, oars as Weissmüller, in echte akteur wie, dy't boppedat talint foar aktearjen hie, stie Sol Lesser derop dat er yn syn rol as Tarzan Weissmüller syn "Me Tarzan, you Jane"-karakterisearring fuortsette soe.

 
Frank Merrill as Tarzan yn Tarzan the Tiger, út 1929.

Films mei Gordon Scott (1955-1960)

bewurkje seksje

Nei't Lex Barker yn 1953 besletten hie dat er syn nocht hie fan Tarzan, waard Gordon Scott oanlutsen as nije fertolker fan 'e oerwâldheld. Hy wie in bodybuilder dy't 'ûntdutsen' waard troch Sol Lesser doe't er badmaster wie yn in hotel yn Las Vegas. Hy makke yn totaal seis Tarzan-films: de earste foar RKO Pictures, doe trije foar Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) en dêrnei noch twa foar Paramount Pictures. De twadde, Tarzan and the Lost Safari, wie de earste kleurefilm fan 'e Tarzan-rige.

De earste beide films en de fjirde film mei Scott waarden produsearre troch Sol Lesser en folgen itselde stramyn as de films mei Weissmüller en Barker. De trêde, Tarzan and the Trappers, waard ek produsearre troch Lesser, mar wykte ynsafier ôf dat it eins in pilotôflevering wie foar in nea makke tillefyzjesearje, dy't neitiid omwurke waard ta in tillefyzjefilm.

Yn 1959 waard de searje oernommen troch produsint Sy Weintraub, dy't ferantwurdlik wie foar de lêste beide films mei Scott. Hy woe it personaazje fan Tarzan tichter by de oarspronklike held út 'e boeken fan Burroughs bringe. Dat resultearre yn twa fan 'e bêst ûntfongen Tarzan-films aller tiden: Tarzan's Greatest Adventure, út 1959, en Tarzan the Magnificent, út 1960. Yn beide films ûntbriek lykwols it personaazje fan Jane Porter.

 
Maureen O'Sullivan spile fan 1932 oant en mei 1942 de rol fan Jane Porter yn seis Tarzan-films.

Kontemporêne remake sûnder Scott

bewurkje seksje

Yn deselde snuorje makke MGM ûnder de titel Tarzan, the Ape Man in remake fan 'e earste film mei Weissmüller. De rol fan Tarzan waard spile troch Denny Miller, en dy fan Jane troch Joanna Barnes. De film waard kreake troch de filmkritisy.

Films mei Jock Mahoney (1962-1963)

bewurkje seksje

Sy Weintraub sette de Tarzan-rige fuort mei twa films wêryn't Jock Mahoney de titelrol spile. Mahoney wie al jierren yn 'e filmyndustry fan Hollywood aktyf as stuntman. Weintraub hie blykber net folle op mei it personaazje fan Jane, dat er net yn dizze beide films opnaam.

Films mei Mike Henry (1966-1968)

bewurkje seksje

Yn 'e twadde helte fan 'e 1960-er jierren gie Weintraub troch mei de Tarzan-rige mei wer in nije haadrolspiler: Mike Henry. Dat wie in âld-spiler fan Amerikaansk fuotbal. De trije films mei him yn 'e haadrol waarden mids 1960-er jierren yn ien kear efterinoar opnommen op lokaasje yn lannen as Kenia, Tailân, Maleizje, Meksiko en Brazylje. Op 'e nij ûntbriek yn dizze films it personaazje fan Jane. Tarzan sels waard yn dizze films en de beide foargeanden mei Mahoney foarsteld as in yntelliginte, mar doelleas omdoarmjende aventoersman, dy't blykber gjin bining mei lykfol hokker plak of persoan hie. Ynstee fan yn in muldoek, rûn Tarzan om yn in trijedielich pak, dat inkeld útkaam as er earne de jungle yntriek om regaad te meitsjen.

Tillefyzjefilm mei Ron Ely (1970)

bewurkje seksje

It hie oarspronklik Weintraub syn bedoeling west dat Henry ek de haadrol spylje soe yn 'e tillefyzjesearje Tarzan, dy't rûn fan 1966 oant 1968. Henry betanke lykwols foar dy ear fanwegen de ferwûnings en sykten dy't er oprûn hie by de opnamen fan 'e trije films. Sadwaande waard Ron Ely útkeazen om 'e rol fan Tarzan yn 'e tillefyzjesearje te spyljen. Mei't de earste ôfleverings fan 'e searje yn 'e Feriene Steaten útstjoerd waarden foar't de earste film mei Henry yn 'e bioskopen yn premiêre gie, joech dat in wat aparte draai oan 'e gronology. Yn 1970 waard Tarzan's Deadly Silence, eins in dûbellange ôflevering út 'e searje, as tillefyzjefilm útbrocht. Ely spile dêryn de rol fan Tarzan, wylst Jane sawol yn 'e searje as yn 'e tillefyzjefilm fannijs ûntbriek.

 
Bo Derek joech yn Tarzan the Ape Man, út 1981, in sensuele draai oan 'e rol fan Jane.

Moderne live-action-Tarzan-films (1981-2016)

bewurkje seksje

Nei 1970 waarden der mear as in desennium gjin Tarzan-films makke. Yn 1981 kaam MGM mei in trêde ferzje fan Tarzan the Ape Man, diskear mei Miles O'Keeffe as Tarzan en Bo Derek as Jane. De film wie opmerklik omreden fan 'e (foar Amerikaanske begripen) grutte mjitte fan neakenens (fral fan Derek), dy't der yn foarkaam. Hoewol't er it (miskien mei dêrom) yn 'e bioskopen goed die, moasten de filmkritisy der neat fan hawwe.

 
Christopher Lambert spile yn Greystoke: The Legend of Tarzan, út 1984, in geastlik tramtearre Tarzan, dy't it yn 'e beskaafde maatskippij net bolwurkje kin.

In stik better ûntfongen waard Greystoke: The Legend of Tarzan, út 1984, mei Christopher Lambert as Tarzan en Andie MacDowell as Jane. Dy film griep werom op it boarnemateriaal fan Edgar Rice Burroughs, mar brocht dat by de tiid yn it ljocht fan 'e gefoelichheden út 'e 1980-er jierren en de foarútgong dy't de wittenskip sûnt 1912 makke hie. Sa waard it (nei alle gedachten ûnbewuste) rasisme en seksisme út 'e roman fan Burroughs behimmele en waard in stikmannich korreksjes trochfierd dy't yn 1972 foar it earst op 't aljemint brocht wiene troch science fiction-skriuwer Philip José Farmer yn syn biografyparody Tarzan Alive: A Definitive Biography of Lord Greystoke. Hoewol't Greystoke: The Legend of Tarzan de identiteit fan 'e haadpersoan as in persoan fan hege yntelliginsje oernaam út it boek, en dêrmei de wyldemankarakterisearring út 'e films fan Weissmüller en Sol Lesser oan kant reage, stelde de film Tarzan syn besykjen om yn in beskaafde maatskippij te funksjonearjen foar as in mislearring en syn dêropfolgjende weromkear nei it oerwâld as needsaak ynstee fan frije kar.

De folgjende live action-film út 'e Tarzan-rige wie Tarzan and the Lost City, út 1998, mei Casper Van Dien yn 'e titelrol. Dy folge winliken yn 'e fuotleasten fan Greystoke: The Legend of Tarzan, mar wie yn 'e 1920-er jierren pleatst en besocht de smaak fan guon fan 'e lettere romans út 'e Tarzan-romansearje te fangen. Dêryn ûntdekt de haadpersoan djip yn it oerwâld almar fantastysker foarstelde ferlerne beskavings.

De nijste (alteast anno 2022) fan 'e live action-Tarzan-films is The Legend of Tarzan, út 2016. De Sweedske akteur Alexander Skarsgård spile de rol fan in folle pleage Tarzan, wylst de Australyske aktrise Margot Robbie in opfallend assertive Jane delsette. Dizze film skode de eftergrûn fan it ferhaal fyftjin oant tweintich jier tebek nei 1890-er jierren yn wat doe de Kongofrijsteat wie (letter de Belgyske Kongo, no de Demokratyske Republyk Kongo). It senario besocht fierders in nije oanpak, wêrby't de personaazjes út 'e boeken fan Burroughs mank histoaryske persoanen pleatst waarden, lykas de Belgyske amtner Léon Rom (spile troch Christoph Waltz) en de Afro-Amerikaanske minskerjochte-aktivist avant la lettre George Washington Williams (spile troch Samuel L. Jackson). Dat wie gjin ûnferdield súkses: de film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en draaide ferlies yn 'e bioskopen, al wie dat lêste benammen te witen oan it blastige budget.

 
De Sweedske akteur Alexander Skarsgård spile Tarzan yn The Legend of Tarzan, út 2016.

Animaasjefilms

bewurkje seksje

De earste lange tekenfilm oer Tarzan wie Tarzan of the Apes, út maart 1999, in direkt-op-fideo útbrochte filmmusical fan Sony Wonder dy't rjochte wie op jongere bern.

Datselde jiers yn juny kaam in oare tekenfilmmusical oer Tarzan út: Tarzan, in produksje fan 'e Walt Disney Animation Studios, wêrby't Tony Goldwyn de stim fan Tarzan ynspriek en Minnie Driver dy fan Jane. Dy film helle syn ynspiraasje yn gelikense mjitte út 'e oarspronklike roman Tarzan of the Apes, fan Edgar Rice Burroughs út 1912, en út 'e live action-film Greystoke: The Legend of Tarzan, út 1984. De wichtichste ynnovaasjes fan Disney wiene it wercasten fan 'e fiktive Mangani-minskapen út it wurk fan Burroughs as 'gewoane' gorilla's en it omsetten fan William Cecil Clayton, in folle neef fan Tarzan en yn 'e iere romans syn rivaal foar de affeksje fan Jane, ta in spierde en dwersferkearde smjunt dy't koartwei 'Clayton' neamd waard.

De Disney-film Tarzan joech oanlieding ta it ûntstean fan 'e Tarzan-franchise fan Disney. Yn dat ramt waard yn 2002 in ferfolchfilm direkt-op-fideo útbrocht, mei as titel Tarzan & Jane. De rollen fan Tarzan en Jane waarden yn dizze film ynsprutsen troch Michael T. Weiss en Olivia d'Abo. In twadde direkt-op-fideo útbrochte ferfolchfilm, Tarzan II, út 2005, wie eins in prequel fan 'e earste film, wêryn't de jonkheid fan Tarzan yngeander beljochte waard. Harrison Chad spriek de rol fan Tarzan yn, wylst Jane fan needs ûntbriek, om't Tarzan har pas moetet as er folwoeksen is.

In fyfde en foarearst lêste animaasjefilm oer Tarzan ferskynde yn 2013 ûnder de titel Tarzan. Dat wie in kompjûteranimearre, Ingelsktalige Dútske produksje fan filmstudio Constantin Film, mei Kellan Lutz en Spencer Locke as de stimakteurs dy't de rollen fan Tarzan, resp. Jane ynsprieken. De film waard yn in stikmannich lannen yn 'e bioskopen útbrocht, mar omreden fan negative resinsjes waard ôfsjoen fan in bioskooppremiêre yn 'e Feriene Steaten. Ynstee waard de film dêr yn augustus 2014 direkt-op-fideo útbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Tarzan (filmsearje)
 
live action-films
stomme films Tarzan of the Apes (1918) • The Romance of Tarzan (1918) • The Revenge of Tarzan (1920) • The Son of Tarzan (1920) • The Adventures of Tarzan (1921) • Tarzan and the Golden Lion (1927) • Tarzan the Mighty (1928) • Tarzan the Tiger (1929)
mei Johnny Weissmüller Tarzan the Ape Man (1923) • Tarzan and His Mate (1934) • Tarzan Escapes (1936) • Tarzan Finds a Son! (1939) • Tarzan's Secret Treasure (1941) • Tarzan's New York Adventure (1942) • Tarzan Triumphs (1943) • Tarzan's Desert Mystery (1943) • Tarzan and the Amazons (1945) • Tarzan and the Leopard Woman (1946) • Tarzan and the Huntress (1947) • Tarzan and the Mermaids (1948)
mei Lex Barker Tarzan's Magic Fountain (1949) • Tarzan and the Slave Girl (1950) • Tarzan's Peril (1951) • Tarzan's Savage Fury (1952) • Tarzan and the She-Devil (1953)
mei Gordon Scott Tarzan's Hidden Jungle (1955) • Tarzan and the Lost Safari (1957) • Tarzan and the Trappers (1958) • Tarzan's Fight for Life (1958) • Tarzan's Greatest Adventure (1959) • Tarzan the Magnificent (1960)
mei Jock Mahoney Tarzan Goes to India (1962) • Tarzan's Three Challenges (1963)
mei Mike Henry Tarzan and the Valley of Gold (1966) • Tarzan and the Great River (1967) • Tarzan and the Jungle Boy (1968)
oare autorisearre Tarzan-films Tarzan the Fearless (1933) • The New Adventures of Tarzan (1935) • Tarzan and the Green Goddess (1938) • Tarzan's Revenge (1938) • Tarzan, the Ape Man (1959) • Tarzan's Deadly Silence (1970) • Tarzan the Ape Man (1981) • Greystoke: The Legend of Tarzan (1984) • Tarzan and the Lost City (1998) • The Legend of Tarzan (2016)
 
animaasjefilms
Tarzan-franchise fan Disney Tarzan (1999) • Tarzan & Jane (2002) • Tarzan II (2005)
oare autorisearre animaasjefilms Tarzan of the Apes (1999) • Tarzan (2013)
  NODES