Teûsjpa
Teûsjpa wie yn 'e earste helte fan 'e sânde iuw f.Kr. kening fan 'e Simmearjers. Yn Assyryske boarnen wurdt er ek neamd as kening fan 'e Umman-Manda, dat safolle betsjut as de "kliber fan wa-wit-wêr", frij fertaald "de barbaren".
Teûsjpa | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Simmearysk | |
bertedatum | ein 8e iuw f.Kr. | |
stjerdatum | mids 7e iuw f.Kr. | |
etnisiteit | Simmearysk | |
kening fan 'e Simmearjers | ||
amtsperioade | 1e helte fan 'e 7e iuw f.Kr. |
Teûsjpa fierde it befel oer de Simmearjers dy't yn 679 f.Kr. út 'Hûbûsjna' (Kappadoasje?) wei de Assyryske koloanjes yn Silysje en Tabal oanfoelen. Hy waard lykwols beslissend ferslein troch de Assyryske kening Esarhaddon, dy't syn oerwinning yn 'e Assyryske annalen fêstlizze liet.
De namme fan Teûsjpa is wol ferlike mei dy fan 'e Hoerrityske oarlochsgod Tesjûb. Oare saakkundigen, lykas de Hongaarske taalkundige János Harmatta, ynterpretearje it as Proto-Iraansk, fan *tavis-paya ("úttynjend fan krêft").
De namme docht ek tinken oan dy fan syn tiidgenoat Teispes (in helenisearring fan it Aldperzyske Tsjysjpysj), dy't in kening fan 'e Perzen wie. De beide nammen binne lykwols nei alle gedachten net etymologysk besibbe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources en References, op dizze side. |