Dorothea Margaretha (Teddy) Scholten-van Zwieteren (Rijswijk, 11 maaie 1926 - dêre, 8 april 2010) wie in Nederlânsk sjongster en presintatrise. Yn 1959 wûn hja it Eurovyzjesjongfestival mei it liet 'n Beetje.

Teddy Scholten
sjonger en/of muzikant
Teddy Scholten (1978)
Teddy Scholten (1978)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dorothea Margaretha Scholten-van Zwieteren
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 11 maaie 1926
berteplak Rijswijk
stoarn 8 april 2010
stjerplak Rijswijk
wurkpaad
sjenre Nederlânsktalige lieten
sjongtaal Nederlânsk
grutste hit(s) 'n Beetje
jierren aktyf 1950 - 1986
offisjele webside
gjint
Teddy en Henk Scholten (1959)

Teddy van Zwieteren wie in dochter fan in amateurtoanielspiler en -regisseur, dy't de Haachske toanielferiening 'Odia' oprjochte. Hy ynspirearre har om ek aktrise te wurden. Nei de middelbere skoalle, it Roomsk-katolyk Famkes Lyseum yn De Haach (it Internationaal College Edith Stein fan no) hie se in lytse rol yn in show fan Toon Hermans.

Op 27 maart 1944 moete Van Zwieteren de sjonger Henk Scholten, dy't doe optrede yn in duo mei Albert Van 't Zelfde ûnder de namme Scholten & Van 't Zelfde. Se boasken nei sa'n twa jier op 22 augustus 1947.

Henk Scholten stoar op 17 juny 1983. Teddy stoar 27 jier letter yn de âldens fan 83 jier.

 
Teddy Scholten

Teddy Scholten trede op yn it radioprogramma De bonte dinsdagavondtrein fan de AVRO mei lietsjes dy't Henk Scholten skreau.

Fan 1955 oant 1960 wie se 'gastvedette' yn it telefyzjeprogramma De Snip en Snap Revue fan de AVRO.

Yn 1959 waard se troch de NTS frege om mei te dwaan oan it Nasjonaal Sjongfestival 1959. Dêr brocht se twa lieten, De regen en 'n Beetje. Mei it twadde, in komposysje fan Dick Schallies op tekst fan Willy van Hemert (dirigint Dolf van der Linden) helle Scholten it earste plak op it Eurofyzjesjongfestival 1959 yn Cannes.

'n Beetje,
verliefd was je wel meer, meneer, dat weet je.
Je hart kwam wel eens meer op een ideetje.
Dat speet je, maar ach weet je,
soms vergeet je wel een beetje gauw je eedje
van trouw.

Se naam it nûmer dêrnei ek op yn it Frânsk, Dútsk, Italjaansk en Sweedsk.

Yn 1960 stie Teddy Scholten mei Willy Alberti, Corry Brokken, Rita Reys en Ton van Duinhoven yn de finale fan it Knokke-festival. Nei har winnen fan it Eurofyzjesjongfestival krigen Teddy en Henk Scholten in eigen telefyzjeshow by de KRO, Zaterdagavondakkoorden. In 1963 presintearre se it KRO-programma Kiekeboe, it earste Nederlânske candid camera-programma. Yn 1965 en 1966 presintearre Teddy Scholten séls it Nasjonaal Sjongfestival, yn Teäter Konkordia te Bussum en de twadde kear yn Tivoli te Utert. Healwei de jaren 70 stoppe Scholten mei de sjongerij. Fan 1974 oant 1986 wurke se as public-relationsfunksjonaris fan it haadbestjoer it Nederlânske Reade Krús. Fan 1960 oant ein jierren 60 wie Scholten de stim foar it radioprogramma Dutch Light Music dat foar Radio Nederlân (de lettere Wrâldomrop) opnaam en útsjoerd waard foar Ingelsktalige lannen.

Albums (foar in part mei Henk Scholten)

bewurkje seksje
  • ’k Heb m’n wagen volgeladen
  • En we zingen … en we springen … en we zijn zo blij (Alle bekende sinterklaasliedjes)
  • Peter en de wolf & Kindersymfonie
  • Alles op één plaat (1959)
  • Klein Klein Kleutertje (1959)
  • Klein Klein Kleutertje 2 (1960)

Foar de folsleine diskografy, sjoch de Nederlânsktalige Wikipedy Teddy Scholten

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar boarnen en referinsjes, sjoch de Nederlânsktalige Wikipedy Teddy Scholten
  NODES
camera 1
Intern 1
os 1
web 1