Terkaple
Terkaple is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren noard fan De Jouwer. Terkaple leit flakby de Terkaplester Puollen en foarmet in twillingdoarp mei Eagmaryp. Terkaple hat 230 (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Terkaple | ||
Tsjerke | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 230 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 4,25 km² lân: 3,25 km² wetter: 0,99 km² | |
Befolkingsticht. | 540 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 0' N 5° 47' E | |
Offisjele webside | ||
Side Terkaple-Eagmaryp | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Terkaple yn de eardere gemeente Skarsterlân |
It doarp krige syn namme troch in kapel by it doarp: ter kapelle. Dy kapel hearde by de tsjerke fan Aldeboarn. Njonken it tsjerkje út 1845 steane in tal pleatsen en der is in karakteristike ophelbrêge. It plak hat ek de Oenemastins mei in byldhoude skou út begjin 17e iuw.
Terkaple lei oarspronklik yn de gemeente Utingeradiel. By in weryndieling fan 1984 waarden de doarpen Terkaple en Eagmaryp by de doe nije gemeente Skarsterlân yndield. Sûnt 1 jannewaris 2014 falt Terkaple ûnder de gemeente De Fryske Marren.
In bekend tongbrekkerssechje is: 'De Terkaplester klok klept trije kear'
Skiednis
bewurkje seksjeTsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Protestanske tsjerke fan Terkaple.
Op it stee fan de hjoeddeiske tsjerke stie earder in kapel. In dowestiennen kapel dy't ûnder behear stie fan de St. Pankrasparochy yn Aldeboarn, lykas yn in skriuwen fan biskop Guy fan Henegouwen út 1315 neamd wurdt. De namme Terkaple (= 'by de kapel'), wurdt yn dat stik al neamd as “Capella”.
Dat der dowestien brûkt waard seit wat oer de âlderdom fan de kapel. Dowestien moast oanfierd wurde út Dútslân en wie tige djoer. Om 1200 hinne begûnen mûntsen foar it earst mei it bakken fan stien út klaai en waarden stienen gebouwen setten. Dat de kapel moat al foar 1200 boud wêze. Neist de tsjerke stie eartiids ek de skoalle en in pastorij, op itselde stee as hjoed-de-dei.
By graafwurk binne oan de ein fan de 20e iuw fûneminten fan in âlde tsjerke fûn. Dy moatte heard hawwe ta it ferdwûne doarpke Sint Jansgea. By de ûntginning fan it feangebiet oan de eastside ferkoden de trije doarpen, Eagmaryp, Terkaple en Sint Jansgea, yn westlike rjochting. Yn de rin fan de 13e iuw krigen de doarpen harren tsjintwurdige plak.
Oenemastins
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Oenemastins (Terkaple).
Oan de noardkant fan de tsjerke stie yn de midsiuwen in stins, dêr't de Oenema's en Roorda's oan ferbûn wiene. De nammen steane noch op de grêfstienen yn de tsjerke en yn de pleats noardlik fan de tsjerke. Yn de opkeamer fan de pleats is in skoarstienmantel, dy't oarspronklik út de stins komt.
Moles fan Terkaple
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Moles fan Terkaple.
Om Terkaple hinne hawwe yn it doarpsgebiet ferskillende moles stien. It wiene poldermoles; yn 'e regel spinnekopkes of muontsen. Tsjintwurdich binne alle moles ferdwûn.
Skûtmakkerspôle
bewurkje seksjeYn de 19e iuw wenne op de skûtmakkerspôle de skûtmakker Tjeerd Douwes van der Meulen. Mei't de soannen ferhûzen kaam der tsjin it ein fan de 19e iuw ek in ein oan de helling op de pôle. Sûnt it ferdwinen fan de skipsbou op it plak waard dêr yn haadsaak noch buorke. Alles moast oer it wetter, in paad fan de Skûtmakkerspôle nei it doarp wie der net. Mei de lettere groei fan it toerisme krige it gebiet in folslein oare bestimming.
It hege wetter yn de winter fan 1965/1966
bewurkje seksjeYn de winter fan 1965/1966 stie Terkaple/Eagmaryp hast hielendal ûnder wetter. In soad bûtlân, dat eartiids yn wiete tiden foar wetteropslach brûkt waard, wie ynpoldere en koe troch moderne gemalen reedlik fluch leechmeald wurde. It boezempeil gie dêrtroch hurder omheech. It gemaal by De Lemmer, Teakesyl koe al dat wetter net hurd genôch ferwurkje en it gemaal by Starum bestie noch net. Troch't it yn de hjerst fan 1965 bot reinde, rûnen dêrtroch polders ûnder wetter en kamen Terkaple, Goaiingaryp en in part fan Eagmaryp as eilantsjes yn in see fan wetter te lizzen. Fan Snits oant foarby Terkaple wie ien grutte see ûntstien. Snitser Mar en Goaiingariper Poel wienen net mear te ûnderskieden fan it lân.
Foar de ynwenners brocht de wetteroerlêst in soad ûngemak. Autoferkear troch de doarpen waard yn dit skoft ferbean troch de gemeente. Eigen ynwenners, de bus en taleveringsbedriuwen krigen in spesjale fergunning om ride te meien.
Skoalle
bewurkje seksjeOm't fan de tsjerklike kombinaasje Terkaple-Eagmaryp de dûmny yn Terkaple wenne, is der mear bekend oer de skoalle fan Terkaple as fan Eagmaryp. Dêr wenne ek de fêste skoalmaster, dy't ek koster en foarsjonger yn beide doarpstsjerken wie. Yn Eagmaryp wie allinnich skoalle as ien dat dwaan woe en dy waard dan troch de tsjerkefâdij oansteld.
Yn 1844 waard der op de Tsjerkepôle fan Terkaple in nije skoalle boud. Der wiene doe likernôch 20 learlingen dy't alle fearnsjierren 30 sinten skoaljild betellen. Yn 1881 waard troch de gemeenterie besluten ta de bou fan in nij iepenbiere skoalle. Yn 1912 krige it doarp der in kristlike skoalle by. Der wiene doe twa legere skoallen foar in hânfol bern. Beide skoallen hawwe oant 1 july 1934 neist elkoar bestien. Yn dat jier hefte Deputearre Steaten de iepenbiere skoalle op en gienen Terkaple en Eagmaryp fierder mei ien skoalle.
Sûnt 1 augustus 2020 hat Terkaple gjin eigen skoalle mear. De skoalle fan Terkaple wie yn 2017 al fusearre mei dy fan Terherne. Om't elts fan de twa doarpsskoallen net foldie oan teminsten 40 bern en in ynstream fan 5 bern it jier, moast ien fan de twa ticht. De bern fan Terkaple binne sûnt op de skoalle fan Terherne oanwiisd.[2]
Middenstân om 1930 hinne
bewurkje seksjeNeffens it "Algemeen adressenboek van de Provincie Friesland" (1928) wiene Terkaple en Eagmaryp fral boeredoarpen. Minsken wiene fierder bakker, ferver, timmerman of ûnderwizer. Der wie in brievebesteller en oaren wurken op it molkfabryk. En der wienen fansels in soad winkels. It wie in earmoedige tiid en as byfertsjinst hienen guon minsken der in winkeltsje by, meast krudenierswaren. Der hawwe om dy tiid sa'n 12 winkels west.
Yn 1863 krige it doarp in kafee by de brêge. Oan it begjin fan de 20e iuw wie dat it sosjale moetingsplak fan Terkaple-Eagmaryp. Yn de jierren 1930 waard it kafee ferkocht en ferboud ta wenhûs. De doarpsaktiviteiten waarden dêrnei yn 't Centrum holden, dat de herfoarme gemeente yn 1939 boud hie.
Mienskip
bewurkje seksjeTerkaple hat mei Eagmaryp ien feriening foar Pleatslik Belang. It doarp krige yn 2003 in nij multyfunksjoneel sintrum: It Heechein. Oant dy tiid die 't Centrum tsjinst as doarpshûs. Meast yn maaie wurdt de "Twa doarpkesdei" hâlden. Dan wurde der ferskillende aktiviteiten organisearre. It doarp hat in eigen passantehaven, in ferhierbedriuw foar boaten en in fekânsjepark. Ek is der in tennisbaan.
Tsjerke
bewurkje seksje- PKN De Jouwer e.o.
Skoalle
bewurkje seksjeSûnt 2020 hat it doarp gjin skoalle mear.
Ferienings
bewurkje seksje- De Laatste Eer - begraffenisferiening
- Biljertferiening Z.B.G.P.
- Daamklub Terkaple
- Fûgelwacht De Trije Doarpkes (Terkaple, Eagmaryp, Goaiïngaryp)
- Angelsportferiening Utingeradiel
- Iisklup Terkaple en omkriten
- Aldereinsoas
- Stifting Earrebarredoarp De Graverij
- Sportferiening UTY
- Tennisferiening De Trije Setter
- Sjongferiening Us Lyts Doarpke
Ynformaasje ôfkomstich fan de side fan Roelof Fopma
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2008 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 206 | 191 | 266 | 230 | 200 | 210 | 222 | 235 |
Berne
bewurkje seksjeIn bekende Terkaplester is siler Pieter-Jan Postma dy't yn de Finn-klasse in betûft siler is.
Strjitten
bewurkje seksje- Buorren: de beboude kom fan it doarp.
- Fjildwei: nei de ruilferkaveling oanleine wei.
- Hearresyl: ûnderdiel fan de Slachtedyk fan De Jouwer nei Aldskou. Oanlein troch de ferfeanters om turf ôf te fieren fia dy slûs. De slûs is yn de 19e iuw fuortspield en de trochgong sluten. Om 1960 hinne is de Hearresyl wer iepene foar trochfeart.
- Oenemawei: De Oenemastins of Roordastins stie eartiids op it plak fan de pleats oan de noardkant fan de tsjerke. De namme Oenema komt foar op grêfstiennen út de 15e iuw dy't yn de tsjerke lizze.
- Pôle: in 14 huzen dy't troch it molkfabryk sette litten binne, waard yn de folksmûle 'Fabrykspôle' neamd.
- Reidlânsdyk: oan de wei fan Terkaple nei Eagmaryp leit it Reidlân, in rûch begroeid stik lân.
- Roordahiem: nei de stins dêr't de famyljes Roorda en Oenema wenne hawwe.
- Skûtmakkerspôle: tropke huzen mei as sintrum in skipshelling foar bokken, preammen, skouwen en oare boaten.
- Tsjerkepôle: in tal wenten by de tsjerke. Fan âlds lei hjir it doarp "Ter Kapelle', in dowestienen kapel.
Sjoch ek
bewurkje seksje-
jachthaven
-
brêge
-
nijbou
-
Oenemastins
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|