Testaminten fan de Tolve Aartsfaars

De Testaminten fan de Tolve Aartsfaars is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in samling fan tolve pseudepigrafyske geskriften, dêr't sabeare de lêste wurden fan 'e tolve soannen fan 'e aartsfaar Jakob yn fêstlein binne. It makke diel út fan 'e bibeledysje fan 1666 fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke, mar heart tsjintwurdich net mear ta de Armeenske bibelkanon, noch ta lykfol hokker oare.

Testaminten fan de Tolve Aartsfaars
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun <100 f.Kr. (?)

Oerlevering en oarsprong

bewurkje seksje

De Testaminten fan de Tolve Aartsfaars binne it wurk fan in anonime skriuwer (behalven it Testamint fan Levy, dat foar 't neist in lettere tafoeging is), en wiene oarspronklik skreaun yn it Gryksk. Se berikten har definitive foarm yn 'e twadde iuw. Yn 'e trettjinde iuw waarden se iepenbiere oan it Westen troch Robert Grosseteste, de biskop fan it Ingelske Lincoln, waans oersetting yn it Latyn oft fuortendaliks tige populêr waard yn akademyske en tsjerklike fermiddens. Hy miende dat it om 'e wiere testaminten fan 'e soannen fan Jakob gie en betichte de joaden derfan dat se de geskriften fertsjustermoanne hiene "fanwegen de profesijen oer de Ferlosser dy't se befetsje."

Yn 'e sechstjinde iuw, doe't men sokke teksten op in mear krityske manear tsjin it ljocht hold, waarden Grosseteste syn bewearings fersmiten en fjouwer iuwen lang waard de Testaminten fan de Tolve Aartsfaars beskôge as net mear as in kristlike ferfalsking. Yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw waarden der mank de Deade-Seerôlen, te Qumran, guon fragminten ûntdutsen dy't al of net ta de Testaminten fan de Tolve Aartsfaars hearre kinne; de saakkundigen binne it dêr noch altyd net oer iens. As hja dêr al ta hearre, soe dat fansels betsjutte dat de Testaminten fan de Tolve Aartsfaars fan oarsprong wol deeglik in joadsk geskrift wêze moat (fan op syn letst om 100 f.Kr. hinne), en dat de tekst sa't er oerlevere is, in kristlike omwurking fan in earder joadsk wurk wêze moat.

De Testaminten fan de Tolve Aartsfaars bestiet út tolve ôfsûnderlike "testaminten", dy't elkmis pseudepigrafen binne ûnder namme fan ien fan 'e soannen fan Jakob. De opbou is fierhinne gelyk: earst fertelt de oangeande aartsfaar oer syn eigen libben, wêrby't er benammen omtinken skinkt oan syn deugden en sûnden. Datoangeande binne de teksten basearre op sawol it âldtestamintyske boek Genesis as op 'e bûtenbibelske joadske tradysje. Dêrnei ropt er syn taharkers (en lêzers) op om 'e neamde deugden nei te stribjen en de sûnden út 'e wei te gean. De measten fan 'e tolve teksten einigje mei profetyske fizioenen.

Rûben en Simeön

bewurkje seksje

It Testamint fan Rûben hâldt him benammentlik dwaande mei fermoanjen fan lust, en Rûben syn grutste sûnde is dat er seksuële omgong hân hat mei Bilha, de byfrou fan syn heit Jakob (Gen. 35:21-22). It hat wol kâns dat de skriuwer it dochs al oer ûntucht hawwe woe en dat er dat ûnderwerp oan Rûben tawiisd hat fanwegen dizze bibelpassaazje. It Testamint fan Simeön is yn haadsaak in tirade tsjin oergeunstigens en hâldt út dat Simeön sa jaloersk wie op syn broer Joazef, dat er dy fermoardzje woe ynstee fan him as slaaf te ferkeapjen, sa't úteinlik barde (Gen. 37:12-30).

It Testamint fan Levy giet fierhinne oer de sûnde fan waanwizens, mei't de neiteam fan Levy, de Leviten, de stamme wiene dy't yn it âlde Israel de preesters levere (wat gauris makke dat se har boppe de rest fan it folk ferheft fielden en mienden dat sy, de útkarden fan God, net oan 'e rituële foarskriften bûn wiene). Dit geskrift liket in lettere tafoeging te wêzen, of alteast it wurk fan in oare skriuwer, mei't de tekst houlikjen mei bekearlingen fan net-joadsk komôf goedkart, wylst it Testamint fan Simeön de Simeöniten noch de mantel útfeecht foar de sûnde fan rasseferminging. Fierders binne der yn it Gryksktalige manuskript fan it Testamint fan Levy dat bewarre wurdt yn 'e kleastermienskip fan it Grykske Atos fuotnoaten tafoege dy't oerset binne út in Arameesktalige foarrinder fan 'e tekst. Dêrfan binne te Qumran, mank de Deade-Seerôlen, seis fragminten fûn yn Grot 4 (4Q213-214) en ien yn Grot 1 (1Q21).

It Testamint fan Juda hâldt him benammentlik dwaande mei it beskrobjen fan deunens en ûntucht. Hoewol't Juda deryn beskreaun wurdt as in dapper en krigel man (wêrby't ferskate dieden oan him taskreaun wurde dy't yn 'e Bibel troch syn heit Jakob dien wurde), feroaret de tekst fan toan as op ksenofobyske wize Juda syn houlik mei in net-Israelityske op 't aljemint komt. Boppedat wurdt him syn seksuële omgong mei syn skoandochter Tamar kwea-ôf nommen, al die dy har doedestiden foar as prostituee (Gen. 38:12-30).

Issaskar, Sebûlon en Dan

bewurkje seksje

It Testamint fan Issaskar leit de klam op askeze, dy't as deugdsum foarsteld wurdt. Issaskar, dy't in ienfâldich libben as lânbouwer laat hawwe soe, wurdt dêrby ta foarbyld steld. Dit op grûn fan 'e bibeltekst yn Gen. 49:15: "Doe't er fernaam dat it rêstplak noflik en dat it lân leaflik wie, bûgde er it skouder om te dragen en waard er ûnder twang arbeider." It Testamint fan Sebûlon hâldt út dat Sebûlon in útfiner en filantroop wie, dy't inkeld ûnder twang fan syn bruorren meidie oan it as slaaf ferkeapjen fan Joazef. It Testamint fan Dan behannelet de sûnden fan lulkens en ligen, mar konsintrearret him op lulkens. Dan waard troch de "geast fan 'e lulkens" ferlaat om syn broer Joazef dea te dwaan, mar lokkigernôch makke God dat dyselde him net yn 'e hannen foel, sadat Dan foar in slimme sûnde bewarre bleau.

It Testamint fan Naftaly bestiet benammentlik út profesijen. Naftaly sjocht hoe't syn bruorren Levy en Juda de sinne, resp. de moanne gripe, en hoe't Joazef op in bolle riidt. Ek sjocht er in jongfeint mei tolve palmblêden, dy't lykje te ferwizen nei de tolve apostels. Fierders hat er in dream oer in stoarm op see dy't him en syn bruorren útinoar driuwt, foar't neist in ferwizing nei de joadske diaspoara. In hânskrift fan wat it Testamint fan Naftaly liket te wêzen, waard fûn yn Grot 4 te Qumran (4Q215), mank de Deade-Seerôlen.

Gad, Azer, Joazef en Benjamin

bewurkje seksje

It Testamint fan Gad set útein mei Gad syn hate foar Joazef, mar feroaret yn haadstik 2 yn in fermoanning om net ta te jaan oan hate en ynstee faninoar te hâlden. It Testamint fan Azer is it koartste fan 'e tolve en begjint oars as de oaren net mei in stjerbêdsêne. It behannelet de twa manearen om te libjen: oprjochtens en ûnoprjochtens. Azer ropt op om 'e wierheid te folgjen. It Testamint fan Joazef giet grutdiels oer keinens, en linet swier op it bibelferhaal oer Joazef syn wjerkaksel tsjin 'e avânses fan 'e frou fan Potifar (Gen. 39:7-20). It Testamint fan Benjamin, ta einbeslút, is hiel bot in taheakke op it Testamint fan Joazef. It iepenet mei it ferslach dat Joazef oan Benjamin joech oer syn ferkeap as slaaf, mei't Benjamin dêr as iennichste fan syn bruorren net yn behelle wie. Dêrnei ropt Benjamin syn neiteam op om net ta te jaan oan bedragerij, en teffens wurdt der wer in warskôging tsjin ûntucht tafoege.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
  NODES
iOS 1
OOP 1
os 13