Tales fan Milete

(Trochferwiisd fan Thales fan Milete)

Thales fan Milete (Gryksk: Θαλῆς ὁ Μιλήσιος) (± 624 f.Kr. - 546 f.Kr.) wie ie fan de earste presokratyske filosofen. Hy kaam fan Milete (yn it hjoeddeiske Turkije). De âlde Griken seagen him as ien fan de Sân Wizen.

Búste fan Thales fan Milete

Der wurdt sein dat hy yn steat wie om in sinnefertsjustering te foarsizzen; grif dy fan 585 foar Kristus. Mooglik hat hy syn kennis oer stjerrekunde opdien hat op in reis nei Babylon ta. Oaren wolle hawwe dat dizze macht him tadichte waard omdat hy no ienkear de gelearde was, en gelearden dit foarsizze kinne moasten. Hoewol't der yn de âlde kultueren ek lju wiene dy't kosmyske ferskynsels foarsizze koene en ferskate teoryen hiene oer it universum, wienen dit gjin filosofen. Want Thales hie twa útgongspunten:

1 - Konklúzjes oer it universum meie suver en allinne basearre wurde op it universum sels (dus net op goaden).

2 - Opfettings moatte basearre wurde op arguminten.

Dit binne útgongspunten dy't de filosofy oars meitsje as oare dissiplines, útgongspunten dy't lykwols noch altiten jilde.

Neffens de (Grykske) oerlevering hat hy ek yn Egypte west, yn in tiid dat de Egyptners net mear by steat wiene de hichte fan harren piramides te berekkenjen, en soe hy dat harren leard hawwe troch de lingte fan it skaad te mjitten op it momint dat ús skaad allike lang wie as wysels. Soks is dus gjin yngewikkelde berekkening mar allinnich de observaasje dat as it skaad fan in minsk like lang wie as dy minsk, soks ek wol foar oare objekten jilde soe. It is net ûnmooglik dat hy dizze trúk fan de Egyptners leard hat ynstee fan oarsom.

Thales moat ek by steat west hawwe om fan de kust ôf de ôfstân ta in skip te berekkenjen troch de ôfstân tusken twa punten op te mjitten, en de hoeke wêrûnder it skip fan dy punten ôf sjoen waard. Omdat hy troch syn earmoede beskimpe waard, sette hy al syn jild yn om alle oliveparsen te hieren foar it begjin fan de rispinge. As monopolist koe hy no woekerprizen freegje foar dy parsen, en bewiisde hjirmei dat filosofen best jild fertsjinje kinne as se wolle, mar dat harren belangstelling earne oars leit.

 
Milete binnen it Lydysk keninkryk ûnder easterske ynfloed

Hy wurdt ornaris de earste westerske filosoof neamd, mar it ynsjoch ûntstiet geandewei dat hy trochbout op kennis dy't al yn syn eigen bertestreek, Lyts-Aazje en yn it Alde Egypte bestie. Wol unyk is grif dat syn útspraak oer wat de basis fan alle dingen is, de oerstof. Thales miende dat dizze oerstof wetter wie, omt dat it dúdlikst fazeferoarings ûndergiet. As iis teit krijst wetter, as dat ferdampt krijst stoom. Boppedat mienden de Griken dat troch "fierder fertinjen" fan stoom lucht ûntstiet. Fierders ûntspringe der planten út de drûge grûn as it reind hat en einiget elke landmassa yn wetter. De oerstof wie dus water, en alles wie dêrút ea ûntstien. It wie de oarsprong fan de dingen.
Syn útspraak 'alles is wetter' is bjusterbaarliker as't it yn it earste oankommen liket. It is net sasear de ynhâld fan dizze útspraak, mar de formule. De formule is: 'Alles is...'. Thales siket om in natuerlike oarsaak fan alle dingen dêr't it gaoatyske ferskaat yn de werklikheid nei werombrocht wurde kin. Hy is dêrmei de grûnlizzer fan it reduksjonisme. Hy siket it begjinsel fan alle dingen net by goaden, mar yn de natoer sels, en hy mient dat dy oarsaak kenber is. Dit wol lykwols net sizze dat Thales in wrâld sûnder goaden foarstelt. Oan de oare kant is syn teory, neist reduksjonistysk, ek naturalistysk. Thales ferklearret de wrâld mei analogy-redenearrings: yn de wrâld om ús hinne groeie wêzens troch wetter en is it sied dêr't sy út ûntstean meastal fochtich. Dizze nije benadering is dan wol wat rûch en yndirekt, mar is wol in earste poging om de natuer rasjoneel te ferklearjen. Yn dy sin is dit it meast baanbrekkende elemint út de filosofy fan Thales.

Op basis fan syn ynsichten gie de Skoalle fan Milete fierder mei in oantal filosofen dy't dizze fierder útwurken, toetsten en der eigen ynterpretaasjes oan joegen, ûnder oaren Anaksimandros. Letter soe Empedokles de formule 'Alles is...' útwurkje ta: 'Alles is ierde, wetter, fjoer en lucht', de fjouwer oereleminten dus dy't no noch yn de esotery (bygelyks de antroposofy) n grutte rol spylje.

Aristoteles fertelt oer Thales dat "hy tocht dat de ierde op water dreau". De ierde driuwt op in soarte flot op de oeroseaan dêr't se ea út fuortkomd is. Mei dit primitive model koe Thales op in ynsichtlike wize ferklearje wêrom't de ierde (alteast yn ús belibjen) yn rêst is en wêrom't der ierdbevings barre. Ierdbevings binne dus gjin godlike willekeur, mar normale natuerlike ferskynsels dy't op in stuit wol barre moatte. Ek tocht hy dat in magneet besiele wie, omdat se izer oanluts.

Stellingen fan Thales

bewurkje seksje

Dizze "Stelling fan Thales" wurdt yn boek VI fan de Eleminten fan Euklides deeglik bewiisd.

Helpstelling
In lykstrekige projeksje behâldt de gelykheid fan lingte fan lykstrekige linestikken.
Stelling fan Thales
De ferhâlding fan twa linestikken is deselde as de ferhâlding fan harren lykstrekige projeksjes.
Omkearde stelling
As minstens 3 rjochten, op snijende rjochten, linestikken ôfsnije, wêrfan de lingten in oanieskeakele evenredichheid foarmje, dan binne dizze (3) rjochten lykstrekich.
  NODES