Tsjaad
| |||||
Offisjele taal | Frânsk, Arabysk | ||||
Haadstêd | N'Djamena | ||||
Steatsfoarm | presidintsjele republyk | ||||
Gebiet % wetter |
1.284.000 km² -% | ||||
Ynwenners (2020) | sa'n 17.000.000 | ||||
Munt | CFA-frank (XAF) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 13 april | ||||
Lânkoade | TCD | ||||
Ynternet | .td | ||||
Tillefoan | 235 |
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeIt lân wurdt begrinzge troch:
- Lybje yn it noarden;
- Sûdan yn it easten;
- Sintraal-Afrikaanske Republyk yn it suden;
- Kameroen, Niger en Nigearia yn it westen.
Lânskip
bewurkje seksjeTsjaad kin fan noard nei súd yn trije sônes yndield wurde:
- De Sahara yn it noarden mei it Tibesty berchtme mei as heechste punt de berch Emy Koussy (3415 m).
- De Sahel yn it westen is in oergong fan de Sahara nei de Savanne. Sintraal yn dit diel fan Tsjaad leit de Tsjaadmar.
- De Savanne yn it suden mei har rivieren by de grins fan Nigearia en Kameroen lâns, dy't nei de Tsjaadmar streame.
It suden hat in suver tropysk, bytiden wiettich klimaat, mei sa'n 1.100 mm rein yn it jier. It woastynklimaat yn it noarden hat oerdeis hege temperaturen en in lyts bytsje rein, sa'n 20–40 mm yn it jier. De berchgebieten yn it noarden hawwe sa'n 1.000 mm rein yn it jier.
Skiednis
bewurkje seksjeTsjaad waard yn 1902 in koloanje fan Frankryk. Nei't it yn 1960 ûnôhinklik woarn wie, begûn yn 1965 in boargerkriich. De moslimbefolking yn it noarden kaam yn opstân tsjin de belestings fan it regear en krige dêrby stipe fan Lybje, dat hawwe woe dat it rjocht op gebiet fan Tsjaad hie. Wilens wienen der ek strideraasjes tusken etnyske groepen yn it suden. Oan dy boargerkriich kaam yn 1996 in ein, mar troch de problemen yn Sûdan begûn yn 2003 in nije boargerkriich yn it easten fan it lân.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeYn Tsjaad libbe mear as 200 etnyske kloften en leit op de grins fan twa wrâlden, de troch Arabieren dominearre gebieten yn Afrika en de troch swarte Afrikanen bewenne gebieten. De befolking yn de eastlike en sintrale regio's hawwe troch lange kontakten mei Egypte en Soedan min of mear in Arabysk karakter. Mear as twatredde fan de befolking libbet op it plattelân. De Sara foarmje de grutste etnyske kloft 20%; fierders binne der noch de Bagirmi, Kreish, Teda en Mbum dy't grutte kloften foarmje.
Religy
bewurkje seksjeUngefear 50% fan de befolking 50% is moslim, 30% is kristen en ûngefear 20% hinget in animistysk leauwen oan. De moslims wenje fral yn it noarden en easten fan it lân, de kristenen en animisten benammen yn it suden. Ndjamena (foarhinne Fort Lamy) is de sit fan in aartsbisdom. It lân is fan de oprjochting ôf yn 1969 al lid fan de Organisaasje fan de Islamityske Konferinsje (OIC).
Taal
bewurkje seksjeDe offisjele talen fan Tsjaad binne it Frânsk en it Arabysk. Fierders hawwe de measte etnyske kloften noch har eigen taal.