Untploffing fan de bunkers op It Hilgelân

De ûntploffing fan de bunkers op It Hilgelân fûn plak op 18 april 1947 om 13.00 oere. De eksplosiven dy't de Britten brûkten soene 6,7 kiloton swier west hawwe. Dat wie sa likernôch de heale sterkte fan atoombom Little Boy dy't yn augustus 1946 boppe Hiroshima ôfsmiten waard. Dêrmei wie it ek de grutste, troch minsken makke, net-nukleêre eksploazje ea. Doel fan de ûntploffing wie it te neate meitsjen fan de bunkers en oare militêre ynstallaasjes op It Hilgelân. Troch de grutte massa eksplosiven tochten de minsken dat it hiele eilân folslein ferneatige wurde koe. Lykwols koe it rotseilân mei syn poreuze sânstien de druk fan de ûntploffing opheine, allinnich de súdpunt fan it eilân waard fuortblaasd troch de eksploazje. De eksploazje waard troch de Britten Operation Big Bang as ek British Bang neamd.

Troch syn sintrale plak yn de Dútske Bocht, dêr't de Elbe en de Wezer yn útmûne en it Noard-Eastsee-Kanaal foar in direkt ferbining mei de Eastsee soarget, wie It Hilgelân yn ferskate krigen lykas de seeslaggen fan 1849, 1864, 1914 en 1917 in belangryk strategysk punt yn 'e striid. Yn 1807 waard it eilân beset troch it Feriene Keninkryk en Ierlân. Yn 1890 waard troch it Dútske Keizerryk de koloanje Sansibar ruile foar It Hilgelân, dat in strategysk havenplak foar de Dútske marine wurde moast. Yn 1938 begûn it Tredde Ryk mei it Projekt Hummerschere, in bouprojekt dat fan it eilân in grutte djippe marinehaven meitsje soe krekt as de Britten yn de bocht fan Scapa Flow hienen. De grutte marinehaven kaam der lykwols net. Wol kamen der bunkers foar dúkboaten en op Düne waard in lyts fleanfjild foar de Luftwaffe boud. De earste bom dy't yn de Twadde Wrâldkriich op Dútsk steatsgebiet foel trof It Hilgelân yn 1939. Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich waard it eilân wer beset troch de Britten en waard yn de jierren 1945-1952 brûkt as oefengebiet foar it Britske leger.

 
It ûntploffen fan de bunkers fan It Hilgelân, fan it eilân Düne wei sjoen

Yn 1945 waarden 3000 minsken fan it eilân helle. De eilânbewenners protestearren yn 1947 omdôch tsjin de plannen om It Hilgelân mei eksplosiven op te blazen. De dúkboatbunkers en de tunnels waarden folstood mei resten fan munysje út de beide wrâldkrigen. De tarieding foar de ûntploffing hie 31 maart 1947 klear wêze moatten, mar dêrfoar wie mear tiid nedich.[1]

Op 18 april 1947 waarden de eksplosiven op it eilân troch de Royal Navy opblaasd. Twa jier dêrfoar hiene de Britten op krekt deselde dei in grutte oanfal op it eilân dien mei tûzen bommewerpers. Foar de ûntploffing fan april 1947 waarden 4.000 torpedokoppen, 9.000 wetterbommen en 91.000 granaten fan ferskate kalibers brûkt. De Britten dy't de eksplosiven opbliezen leinen mei de boat 9 kilometer fan it eilân ôf.[2][3] Krapoan 20 sjoernalisten mochten op in oare boat nei de ûntploffing sjen.[4] Foar de grutte eksploazje wie noch in lytsere ûntploffing om de fûgels fuort te reagjen. In minútmannich letter folge de grutte eksploazje. In ûnbidich grut fjoer en tonnen stien spatten doe ta de loft yn. De skok fan de eksploazje koe noch op 70 kilometer ôfstân yn Cuxhaven field wurde. De reekpoddestuol wie sa'n njoggen kilometer[5], neffens oare boarnen ien kilometer[6] , heech.

It grutste part fan it eilân bleau stean. Allinnich de rotsen oan de súdhoeke fan it eilân waarden dúdlik skeind troch de eksploazje. Foar de ûntploffing bestie It Hilgelân út in ûnder- en boppelân, út de stikkene rotsen oan de súdhoeke ûntstie troch de knal it middellân.[7] Rûnom it eilân waard de steile rotskant fan it eilân skeind, mar it karakteristike byld fan de reade rotsen wie nei de knal noch foar in grut part yntakt. De haven en de muorre dy't eilân tsjin de see beskermet waarden amper skeind. It iennichste bouwurk dat nei de eksploazje noch oerien stie wie it loftôfwargeskut, de hjoeddeistige fjoertoer fan it eilân.[8] De ûntploffing koe yn Dútslân seismografysk registrearre wurde en sa brûkt wurde foar ûndersyk nei de ierdkoarste.[9]

De bewenners fan It Hilgelân wienen nei de Twadde Wrâldkriich fan it eilân helle. Sa likernôch 2.500 Hilgelanners waarden oer 150 ferskillende plakken yn it noarden fan Dútslân ûnderbrocht. It "Mitteilungsblatt Helgoland" waard brûkt as mienskiplik nijsblêd ûnder de Hilgelanners, wêrfan de letter ferneamd wurden skriuwer James Krüss de útjouwer wie.[10] Pas yn 1952 mochten nei ferskate protesten de bewenners fan It Hilgelân wer nei it eilân ta. Hjoed-de-dei wurdt op de dei fan de grutte knal yn in eardere sivile bunker in tsjerketsjinst hâlden as oantinken oan de ûntploffing fan de bunkers op It Hilgelân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel in Der Spiegel: Helgoland muß zerstört werden
  2. Fideo fan de ûntploffing. BBC (online)
  3. Artikel yn Der Spiegel
  4. 18 april 1947: Die Militäranlagen auf Helgoland werden gesprengt
  5. Der Tag, an dem Helgoland der Megabombe trotzte, Spiegel
  6. Operation Big Bang op de webside wasistwas.de
  7. Regina Kusch, Andreas Beckmann: Festung, Seebad, Labor. Helgolands Entwicklung nach dem großen Knall. Yn: Deutschlandradio, 18 april 2007 (online artikel)
  8. Leuchttürme auf den Nordseeinseln
  9. G. A. Schulze: Anfänge der Krustenseismik. (online artikel)
  10. Artikel oer Operation Big Bang en it ferhaal dêrom hinne op de radio.de
  NODES