Victor Hugo (Besançon, 26 febrewaris 1802Parys, 22 maaie 1885) wurdt sjoen as de grutste romantyske skriuwer yn de Frânske taal. Hy skreau de romans "Notre Dame de Paris" ('De Bochel fan Notre Dame') en "Les Misérables".

Victor Hugo
Juliette Drouet, Hugo's muze en minnaresse

Doe't er 14 wie skreau er yn syn deiboek: "Ik wol wurde as Chateaubriand (in ferneamd skriuwer) of neat!"

Yn syn lange karriêre skreau er romans, teater wurk, hûnderten gedichten, essays en politike taspraken. Hy wie ien fan Frankryks grutste dichters.

Hugo's gesinslibben hat minne tiden kind. Twa soannen stoaren yn harren jonge jierren. Om syn politike opfettings waard er ferballe nei Jersey, wêr't er dielnaam oan spiritistyske gearkomsten. Hy fûn de dogmatyk fan de Roomsk Katolike Tsjerke swier ferâldere, mar wie wol in tige a religieus man en in man dy't stride woe tsjin ûnrjochtfeardigens en hy socht meast gearwurking, gjin eigen rom.

 
Hugo yn syn "spiritistyske" perioade op Jersey
 
Kartoon fan Hugo troch Daumier, makke op de top van Hugo's politike karriêre.
 
Karikatuer wêryn't Zola besiket Hugo del te heljen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  NODES
Chat 1
Done 1
see 1