Golfstream

(Trochferwiisd fan Waarme golfstream)

It waarme sâlte wetter dat mei fûle faasje fan de Karibyske See nei de Noardpoal streamt wurdt de Golfstream neamd. De Golfstream hat in grutte ynfloed op it klimaat yn West-Europa.

Golfstream

De namme Golfstream waard troch Benjamin Franklin betocht dy't de steam yn 1786 bestudearre en yn kaart brocht.[1] Eartiids waard er ek Floaridastream neamd en op kaarten fan 1600 en 1700 hiet er it Kanaal fan Bahama.

It waarme wetter fan de Golf fan Meksiko streamt troch de Strjitte fan Florida. Boppe de Bahama's komme de Floridastream en de Antillestream byinoar. Dêrnei rint de Golfstream sa'n 200 km nei it noarden en by Noard Karolina stekt de stream nei it easten ta, fierder de Atlantyske Oseaan yn. As de stream sa'n 150 kilometer fierder nei it easten streamt, swakket de stream ôf. Lykwols rikt it waarme wetter hast oant de Noardpoal ta, en hat in grutte ynfloed op it klimaat fan West-Europa. De Golfstream is mei 2,5 m/s (9 km/h) de fûlste streaming fan alle wrâldseeën.

Neffens ferskate wittenskippers is der in klimaatferoaring oan 'e gong, dêr't it hieltyd waarmer troch wurdt op ierde. Omdat grutte blokken lâniis fan Grienlân en oar oan de Noardlike Iissee grinzjend lân yn see delstoarte en ferrane, komt der in protte swiet wetter yn it sâlte wetter. Ek grins fan it poaliis lûkt him de lêste desennia slim tebek. Krekt troch it sâlt yn it wetter is it mooglik dat de Golfstream him mei faasje nei it noarden ta beweecht. De Golfstream rikt yn 'e takomst wierskynlik net mear ta it noarden fan de Atlantyske Oseaan, en dat hat grutte gefolgen foar it klimaat fan West-Europa. As it effekt fan de Golfstream hielendal fuort is, dan sille de temperatueren yn West-Europa omleech gean, wierskynlik in ferlykber klimaat as yn it suden fan Kanada.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) 1785: Benjamin Franklin's Sundry Maritime Observations, NOAA Ocean Explorer
  NODES