Wapen fan Ie
It wapen fan Ie is it wapen fan it doarp Ie, yn de Fryske gemeene Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn azuer in weagjende linkerskeanbalke, rjochts mei in ôfskuorde ienhoarnskop, links in leelje, alles fan sulver.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau) en sulver.
Symbolyk
bewurkje seksje- Skeanbalke: de weagjende balke ferwiist nei it rivierke de Suderie, dêr't it doarp syn namme oan te tanken hat. [boarne nedich] De rjochting fan dizze balke is oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Ienhoarn: oernommen út it wapen fan de famylje Aebinga van Humalda. dy't by it doarp de Humaldastate bewenne.
- Blauwe leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Mockema dy ek Humaldastate bewenne ha. [boarne nedich]
-
Wapen fan de famylje Aebinga van Humalda.