Keninkryk Wesseks

(Trochferwiisd fan Wesseks)

It Keninkryk Wesseks wie ien fan de sân Angelsaksyske keninkriken (ek bekend as de heptargy) dy't foarôf gienen oan it feriene keninkryk Ingelân. It lei yn it suden en súdwesten fan it lân. De namme is ûntliend oan de ynwenners, de West-Saksen. It waard in saneamd earldom (de Ingelske tsjinhinger fan in greefskip) nei Knud de Grutte syn bemasteringstochten yn 1016, en fan 1020 oant 1066. Nei de Normandyske ynvaazje fan 1066 ferdwûnen de Ingelske earldoms en waard Wesseks ferparte ûnder de neifolgers fan Willem de Oermasterder.

Keninkriken yn Brittanje ±800

Wesseks bestie fan de 6e iuw ôf oant it ûntstean fan de Ingelske steat yn de 9e iuw. Neffens it histoaryske wurk fan namme, de Angel-Saksyske Kronyk (ASK), waard Wesseks stichte troch de keningen Cerdic en syn soan Cynric, hoewol't it bewiis dêrfoar ûntbrekt.

"495. Der kamen twa ealmannen nei Brittanje, Cerdic en Cynric syn soan, mei fiif skippen, nei in plak mei de namme Cerdicesora, deselde deis fjochten hja tsjin de Welsken."

It histoaryske Wesseks begjint mei Ceawlin (560-591?), neffens de tradysje de soan fan Cynric. Syn machtsbasis lei yn de westlike Teemsdelling, mei Dorchester yn Oxfordshire as haadplak. Hy wreide it ryk nei alle kanten út, benammen nei it westen ta. Hy jildt as de twadde Bretwalda (hege kening).

Letter waard it ryk ek nei it suden (Hampshire en Wight) en súdwesten (Dorset en Somerset, letter Devon) útwreide. Tagelyk waard it noardlik part fan it gebiet lykwols ynnaam troch it Keninkryk Mersia. Dêrom waard Winchester yn it suden in nij bestjoerssintrum.

De namme Wesseks waard doe oars noch net brûkt. Earst nei it regear fan Ine (± 700) waard sprutsen oer de 'West Saksen', en noch wer letter waard it gebiet as Wesseks oantsjut. Earder hjitte it Gewisse of Gewissae. Dizze benamming waard wol ferbûn mei de mytologyske 'Gewis', de pake fan Cerdic, mar it is nei alle gedachten earder in âld Saksysk wurd dat 'bûnsgenoaten' betsjut.

De lettere útwreiding fan Wesseks mei it Devon en Cornwall fan no, die de macht fan de keningen tanimmen. Dit kaam ek foar dat Ingelân út it suden wei troch de Wytsingen ferovere wurde koe. Ien fan de wichtichste West-Saksyske delsettingen wie Winchester, dat yn 871 troch Alfred de Grutte haadstêd makke waard.

It keninskip yn Wesseks wie net suver erflik. De sterkste gadingmakker út foaroansteande famyljes waard keazen of naam sels de macht oer. De ynterne striid dy't dat fan gefolgen hie, sil it keninkryk bytiden ferswakke hawwe. Faak wie der somtiden gjin wiere kening omdat der gjin ûnderkening útkypte.

Nei de dea fan kening Offa fan Mersia, kaam Wesseks op de foargrûn, earst ûnder Egbert (802-839), dy't troch Noardumbrje en Mersia erkend waard as Bretwalda (hearsker fan hiel Brittanje), dêrnei ûnder syn soan Ethelbald (839-859). Under it regear fan Ethelbald boazen de oanfallen fan de Wytsingen oan en doe't Alfred de Grutte (870-899) op de troan kaam, hienen de Noarmannen of Denen hiel East Anglia en de eastlike Midlands beset. Troch it winnen fan de slach by Edington yn 878 wist Alfred de ûnôfhinklikens fan Wesseks te hanthavenjen. Yn 886 sluet er in ferdrach mei de Deenske kening Guthrum dêr't in part fan Ingelân by ôfstien waard oan de Skandinayske ynfallers, letter waard dat gebiet de Danelaw neamd.

De lêste kening fan Wesseks wie Atelstan, dy't regearre fan 924 oant 927, doe't er de earste kening fan it feriene Keninkryk Ingelân waard.

De namme Wesseks kaam fannijs ta libben yn de romans fan de 19e iuwske skriuwer en dichter Thomas Hardy, mar libbet ek hjoeddeis fierder yn de nammen fan tal ferienings, skoallen en ynstellingen.

Keningen fan Wesseks

bewurkje seksje

De list is de tradisjonele list fan keningen fan Wesseks, mei feiten sa't de keningslisten fan Wesseks dy jouwe. De Angelsaksyske Kronyk jout oare feiten: (Cerdic 519-534, Cynric 534-560, Ceawlin 560-591). Dy datums binne faak mei opset sin betider mei as doel:

  • Om it feit dat Ceawlin foar Ethelbert fan Kent bretwalda wie oerienstimme te litten mei, sa't men tocht, mar wierskynlik net klopjende, datearring fan it begjin fan Ethelreds regear op ± 560.
  • Om it keningshûs fan Wesseks in gruttere âldens en sa mear status te jaan.
 
Alfred de Grutte
# NAMME PERIOADE Opmerkingen:
1 Cerdic 538 - 554
2 Cynric 554 - 581
3 Ceawlin 581 - 588
4 Ceol 588 - 594
5 Ceolwulf 594 - 611
6 Cynegils 611 - 643
7 Cenwalh 643 - 674
8 Seaxburh 674 keninginne
9 Æscwine 674 - 676
10 Centwine 676 - 685
11 Cædwalla 685 - 688
12 Ine 688 - 726
13 Æthelheard 726 - 740
14 Cuthred 740 - 756
15 Sigebert 756 - 757
16 Cynewulf 757 - 786
17 Beorthric 786 - 802
18 Egbert 802 - 839
19 Æthelwulf 839 - 855
20 Æthelbald 855 - 860
21 Æthelbert 860 - 866
22 Æthelred 866 - 871
23 Alfred de Grutte 871 - 899
24 Edwert de Aldere 899 - 924
25 Atelstan 924 - 927

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  NODES
mac 3