It Westjordaanlân, Sisjordaanje, Judeä en Samaria of de Westlike Jordaanigge (Arabysk: الضفة الغربية, aḍ-Ḍiffä l-Ġarbīyä, Hebriuwsk: יהודה ושומרון / הגדה המערבית, Jehûda Wesjomron (Judeä en Samaria) / Hagadah Hama'aravit) is ien fan de Palestynske gebieten en foarmet mei de Gazastripe de steat Palestina. It Westjordaanlân is in berchgea en wurdt yn it easten begrinzge troch de rivier de Jordaan, dy't de grins mei Jordaanje foarmet, en de Deade See en yn it noarden, westen en suden mei Israel (de Griene Line).

Westjordaanlân
الضفة الغربية
הגדה המערבית
polityk
lân Palestina
sifers
ynwennertal 2.949.246 (rûzing july 2021) opmerking: mear as 670,000 Israelyske lolonisten wenje yn it Westjordaanlân (2022); likernôch 227.100 Israelyske kolonisten wenje yn East-Jeruzalim (2019)
oerflak 5,655 km²
oar
stifting 1948
tiidsône UTC +2
simmertiid UTC +3

It Westjordaanlân, mei East-Jeruzalim ynbegrepen hat in oerflak fan 5640 km², mei 220 km² wetter dy't de noardwestlike hoeke fan de Deade See befettet. It hat in befolking fan 2.747.943 Palestinen en goed 670.000 Israelyske kolonisten, dêr't 220.000 fan yn East-Jeruzalim wenje. De ynternasjonale mienskip erkent dy Israelyske delsettings yn it Westjordaanlân en East-Jeruzalim net en achtet dy yllegaal, itjinge Israel bestriidt.

De namme komt fan it Arabyske aḍ-Ḍiffah al-Ġarbiyyah dy't ferwiist nei de lizzing westlik fan de rivier de Jordaan. De Neolatynske namme Sisjordaanje (Cis Jordan) dy't ek wol brûkt wurdt, benammen yn de Romaanske talen, betsjut "oan dizze kant fan de Jordaan". Jordaanje , dat eastlik fan de Jordaan leit waard ynearsten Transjordaanje ("oan oare kant fan de Jordaan") of ek wol East-Jordaanje neamd.

Foarskiednis

bewurkje seksje
 
It Britske Mandaatgebiet Palestina fan 1920 oant 1923

Fan 1517 oant 1917 foel it gebiet ûnder it Osmaanske Ryk as part fan Osmaansk Syrje. By de konferinsje fan san Remo yn 1920 waard troch de alliearden, dy't de Earste Wrâldkriich wûn hiene, besletten it gebiet ûnder it Britske Mandaatgebiet Palestina (1920-1948) yn te dielen. De konferinsje bekrêftige de Balfour-ferklearring fan 1917 dy't in "nasjonaal thús foar de Joaden" neistribbe. It Feriene Keninkryk ferklearre Abdullah I 11 april 1921 as emir fan Transjordaanje, en op 25 maaie 1946 ferklearre er it as in ûnôfhinklike Hasjemitysk keninkryk.

It Britsk mandaat op Palestina soe yn 1948 ôfrinne. Yn 1947 waard neffens Resolúsje 181 fan de Feriene Naasjes oannommen dat it Mandaatgebiet Palestina yn in Joadske steat (Israel) en Arabyske steat (Palestina)ferparte wurde soe. Jeruzalim soe as ien enklave ûnder ynternasjonaal bestjoer komme. It Westjordaanlân, yn in gruttere foarm as it "heuveleftich gebiet fan Samaria en Judeä", soe part fan de Arabyske steat wurde. Sionistyske Joaden ferklearren iensidich de ûnôfhinklikens fan Israel, wylst de Arabieren it plan fersmieten. Dêrop ûntstie de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948. Israel besette guon gebieten dy't ynearsten net oan de Joadske steat tawiisd waarden lykas it westlike part fan Jeruzalim. Transjordaanje besette dêrnei it Westjordaanlân en it easten fan Jeruzalim mei de Alde Stêd.

Under Jordaansk bestjoer

bewurkje seksje

Nei't it wapenskoft yn 1949 oerienkommen waard, waard de foarriedige grins tusken Israel en Transjordaanje, de Griene Line fêstlein. Transjordaanje anneksearre dêrop it gebiet wesytlik fan de Jordaan yn 1950 en neamde it it Westjordaanlân of Westlike Jordaanigge. Transjordaanje feroare syn namme yn Jordaanje, om't er no oan beide kanten fan de Jordaan leit. Palestynske boargers yn it Westjordaanlân en East-Jeruzalim krigen automatysk it Jordaanske steatsboargerskip. De anneksaasje fan Westjordaanlân troch Jordaanje waard lykwols net troch de ynternasjonale mienskip erkend útsein troch Pakistan en it Feriene Keninkryk.

In soad Palestynske flechtlingen út Israel waarden opfongen yn flechtlingekampen yn it Westjordaanlân en wiene ôfhinklik fan help fan de Feriene Naasjes. Palestynske flechtlingen foarmen mear as in tred fan de totale befolking fan it keninkryk Jordaanje fan 1,5 miljoen. Palestinen krigen deselde rjochten as eltsenien yn it keninkryk sûnder iennige foarm fan diskriminaasje. De lânbou foarme de grutste ekonomyske sektor fan it Westjordaanlân, dat nettsjinsteande dat er yn oerflak lytser wie, de helte fan alle lânbougrûn fan Jordaanje hie.

Israelyske besetting

bewurkje seksje
 

██ Gebiet A (Folslein Palestynsk selsbestjoer)

██ Gebiet B (Palestynsk selsbestjoer, Israelyske militêre kontrôle)

██ Gebiet C (Israelysk militêr bestjoer)

██ Israelyske delsetting

Nei de Seisdagekriich besette Israel yn juny 1967 it Westjordaanlân en East-Jeruzalim. Ta tsjinstelling fan East-Jeruzalim en it Nimmenslân tusken Israel en Jordaanje, anneksearre Israel it Westjordaanlân net, dochs hold it oant 1982 ûnder militêre kontrôle.

Op de top fan de Arabyske Liga yn Rabat yn 1974 waard de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) as de "iennige fertsjintwurdiger fan it Palestynske folk" ferklearre. Jordaanje hie lykwols offisjeel syn oanspraken op it Westjordaanlân oant 1988 noch net opsein, doe't er dy oanspraken opsei yn it foardiel fan de PLO. Alle bestjoerlike en wetlike bannen mei it Westjordaanlân waarden doe ferbrutsen en Palestinen fan it Westjordaanlân waarden fan it Jordaanske steatsboargerskip ûntlutsen.

Nei it Israelysk-Egyptysk fredesferdrach yn 1982 waard it streekrjochte militêre bestjoer omfoarme yn in semy-boargerlik bestjoer, dy't daliks ûnder it ministearje fan definsje foel. De Israelyske delsettings wurde lykwols bestjoerd ûnder it Israelyske distrikt Judeä en Samaria.

Wetlike status

bewurkje seksje

Alhoewol't 164 lannen it Westjordaanlân mei East-Jeruzalim as "besette Palestynske gebieten" beskôgje, ferwiist Israel nei de Feriene Naasjes dy't allinnich gebieten dy't yn in steat fan kriich fan in "fêstige en erkende sûvereiniteit" ynnommen waarden as beset gebiet sjocht. Israel besjocht it Westjordaanlân lykwols as "bestride gebiet" en net as "beset gebiet"

Bestjoerlike ferdieling

bewurkje seksje

Yn 1993 waarden de Oslo-akkoarten oerienkommen tusken Jasser Arafat fan de PLO en de Israelyske minister-presidint Yitzchak Rabin ûnder begelieding fan de Amerikaanske presidint Bill Clinton. Op grûn dêrfan waard troch Mahmûd Abbas yn 1994 de Palestynske Autoriteit oprjochte. Dy krige dêrnei beheind foech oer it Westjordaanlân dat ynparte waard yn gebieten mei A, B, en C-status. Yn Gebiet A, benammen de stêden hat de Palestynske Autoriteit oer likernôch 11% net-oaninoarlizzende gebieten yn it Westjordaanlân it foech bestjoerlik en oer it feiligenstafersjoch, mar hat lykwols noch hieltyd te krijen mei regelmjittige Israelyske ynfallen. Gebiet B, benammen it plattelân (28%) falt ûnder in mienskiplik Israelysk-Palestynsk militêre kontrôle en Palestynske boargerlik bestjoer. Gebiet C, benammen fruchtbere grûn en boarnen (61%), falt folslein ûnder Israelyske kontrôle, dêr't in soad Israelyske delsettings boud waarden.

Jeruzalim waard by dy akkoarden bûten beskôging litten. Dêr soe fiif jier letter oer besletten wurde.

Nei't Fatah en Hamas yn 2007 yn in ynterne kriich tangele rekken, bleaune de gebieten yn it Westjordaanlân ûnder it bestjoer fan de Palestynske Autoriteit, wylst Hamas it bestjoer yn de Gazastripe oernaam.

 
Sicht op it Judeäberchtme út Ramallah wei

It Westjordaanlân hat in oerflak fan 5.628 km², dat 21,2% fan it eardere Mandaatgebiet Palestina beslacht. It gebiet is in drûch berchgea mei in bytsje fegetaasje yn it westen en drûch yn it easten. It hat in totale lângrinslingte fan 404 km. De hichte yn it gebiet farriearret fan -408 meter by de igge fan de Deade See oant de heechste punt, Nabi Yunis, mei in hichte fan 1030 meter boppe seenivo. It Westjordaanlân leit net oan see en syn hichten soargje foar it oanfier fan grûnwetter foar it kustgebiet fan Israel.

Der binne mar in bytsje grûnstoffen yn it gebiet mei útsûndering fan boulân, dat 27% fan it lân beslacht. It wurdt it meast as permanint greidlân brûkt (32%) en seizoensbûne lânbou (40%). Wâlden beslane likernôch 1% fan it gebiet.

It klimaat yn it Westjordaanlân is in mediterraan klimaat, mei koelere temperatueren op de hegere plakken. Yn it easten, dêr't in part fan de Woastyn fan Judeä en de iggen fan de Deade See part fan binne, is it klimaat waarm en drûch.

Neffens in folkstelling fan de Palestynske Autoriteit yn desimber 2007 wennen der 2.345.000 Palestynske Arabierem yn it Westjordaanlân, mei East-Jeruzalim ynbegrepen. Dat wie twaris sa folle as tsien jier earder.[1] Likernôch 30% dêrfan binne flechtlingen of it neiteam dêrfan dy't út it gebiet komt dat nei 1948 Israel waard. Hja wenje benammen yn flechtlingekampen. Neffes de UNWRA, it program fan de Feriene Naasjes foar it helpen en opfangen fan Palestynske flechtlingen yn it Midden-Easten, wiene dat der yn 2008 754.263 persoanen.[2] Neffens it Israelysk Boargerlik Bestjoer wie der yn maaie 2012 in befolking fan 2.657.029 Palestinen yn it Westjordaanlân.

Yn 2014 wennen der 389.250 Israelyske kolonisten yn it Westjordaanlân, sûnder East-Jeruzalim, mei likernôch 375.000 dy't yn it troch Israel anneksearre East-Jeruzalim wenje. Der binne ek lytse etnyske groepen, lykas de Samaritanen dy't yn en om Nablus hinne wenje. Harren oantalllen wure rûsd op in pear hûndert.

Yn oktober 2007 wurkje der likernôch 23.000 Palestinen fan it Westjordaanlân yn Israel, wylst der 9.200 yn Israelyske delsettings wurkje. Boppedat wurde der likernôch 10.000 Palestynske hannelers fan it Westjordaanlân tastien en reizgje ôf nei Israel. Yn 2014 wurken der 92.000 Palestinen, legaal of yllegaal, yn Israel, twaris safolle as yn 2010.

De befolking fan it Westjordaanlân is 80-85% moslim en 12-14% Joadsk. It oerbliuwende part is kristlik, benammen Gryksk-otterdoks.

Grutste plakken

bewurkje seksje
 
Ramallah (2010)
 
Betlehim
 
Palestynske gûverneminten yn it Westjordaanlân
Stêden en ynwenners yn it Westjordaanlân
Stêd Ynwenners
East-Jeruzalim 542.400 [3]
Hebron 163.146 [4]
Nablus 136.132 [5]
Jenin 90.004 [6]
Tulkarm 51.300 [7]
Yattah 48.672 [8]
Modi'in Illit 48.600 [9]
Qalqilyah 41.739 [10]
Al-Bireh 38.202 [11]
Beitar-Illit 37.600 [12]
Ma'ale Adummim 33.259 [13]
Ramallah 27.460 [14]
Betlehim 25.266 [15]
Jericho 18.346 [16]
Ariel 17.700 [17]

It meast ticht befolke part fan it gebiet is in berchrige dy't fan it noarden nei it suden rint dêr't de stêden Jeruzalim, Nablus, Ramallah, Al-Bireh, Jenin, Betlehim, Hebron en Yattah allyk de Israelyske delsettings ArielMa'ale Adumim en Beitar Illit yn lizze. Ramallah is it bestjoerlike en ekonomyske sintrum fan de Palestinen. Jenin leit yn it uterste noarden en leit oan de súdlike igge fan de flakte fan Jezreel. Modi'in Illit, Qalqilyah en Tulkarm lizze yn de útrinners njonken de Israelyske kustflakte. Jericho en Tubas lizze yn de delling fan de Jordaan noardlik fan de Deade See.

Palestynske gûverneminten

bewurkje seksje

It Westjordaanlân is ferparte yn 11 gûverneminten: Jenin, Tubas, Tulkarm, Nablus, Qalqilya, Salfit, Ramallah en Al-Bireh, Jericho, Jeruzalim (mei it troch Israel anneksearre East-Jerusalim mei Israelyske boargers), Betlehim en Hebron.

Israelyske delsettings

bewurkje seksje
 
Israelyske delsetting Ariel
 
Israelyske delseting Chemdat yn de Jordaandelling

Yn 2022 wiene der 450.000 Israelyske boargers dy't yn 132 delsettings yn it Westjordaanlân, sûnder East-Jeruzalim, wennen, mei noch 220.000 Israelyske boargers yn 12 delsettings yn East-Jeruzalim. En boppedat binne der noch 40 Israelyske bûtenposten (Ingelsk: outposts), dy't sels troch de Israelyske wet as yllegaal sjoen wurde, dochs nettsjinsteande dat oansletten binne oan de wetterlieding, rioel,ynfrastruktuer en oare oanslutings troch de autoriteiten. Dy bûtenposten binne bekend as de "yllegale bûtenposten".

It bouwen fan Israelyske delsettings yn it Westjordaanlân waard troch de FN-Feiligensried yn resolúsje 446 fan maart 1979 yllegaal ferklearre. Dat waard lykwols troch Israel bestriden. Utwreidings fan delsettings waarden gauris ôftwongen troch dy saneamde bûtenposten op it lân fan Palestynske boeren del te setten. Dêrby gie it gauris om in nustje kampers of caravans dêr't strang religieuze Joadske jongerein tahâlde. Dy waarden bytiden sels troch Israel as yllegaal beskôge, mar nettsjinsteande dat woene dy kolonisten net fuortgean. Dat late wolris ta konfrontaasjes fan harren mei it Israelyske leger en plysje, dêr't soks fannijs bart en dat de bûtenpost noch jierrenlang bestean bliuwt en him sels útwreidet. Dêrnei wurdt dat lang om let almeast troch de Israelyske oerheid legalisearre of wurdt der fannijs in nije delsetting boud of útwreide op dêfoar yn beslach nommen Palestynsk grûngebiet. Reden dy't wol gauris brûkt wurdt is dat it in straf foar de Palestinen wêze soe om't dy tsjin de kolonisten yn ferwar komme. Ut ûndersyk fan de krante Haaretz kaam nei foarren dat algeduerigen tsientallen jierren de Sionistyske Wrâldorganisaasje de kolonisten finansjeel stipet mei it stichtsjen fan yllegale bûtenposten en dêrby hearrende foarsjennings op Palestynsk grûngebiet, dêr't it Israelysk regear fan ôf wist en it brûken fan belestingsjild dêr't it ferdriuwen en fuortjeien fan Palestynske mienskippen út gebieten yn it Westjordaanlân mei stipe waard.[18]

Yn augustus 2005 waarden, mank mei alle delsettings yn de Gazastripe, 4 fan de 150 delsettings yn it Westjordaanlân ûntromme. Tagelyk waard troch Israel it plan buorkundich makke dat de delsetting Betar Illit dêr't al mear as 20.000 kolonisten wenje, datselde jier noch útwreide wurde soe mei op syn minst 235 nije wenten. Dat soe part wêze fan it Gûsj Etsion delsettingsblok. Dat gie rjocht tsjin de saneamde Roadmap to Peace (wegekaart ta de frede), it fredesplan dat taret waard troch de Feriene Steaten, Jeropeeske Uny, Ruslân en de Feriene Naasjes dy't it foarmjen fan twa ûnôfhinklike steaten foar eagen hie.

Yn de ynternasjonale mienskip wurde de Israelyske delsettings as yllegaal beskôge, benammen troch de Jeropeeske Uny en sels in grut oandiel fan de Israelyske befolking is op it stiftsjen fan Joadske delsettings yn it Westjordaanlân op tsjin en stipe it ûntromjen fan delsettings yn 2005.

Israelyske barriêre

bewurkje seksje
 
De Israelyske barriêre
 
Kontrôlepunt Qalandiya tusken Jeruzalim en Ramallah

De Israelyske barriêre is in skiedingsmuorre dy't troch it Israelysk regear boud wurdt, dêr't yn 2002 mei úteinset waard. De muorre bestiet út in kompleks fan stikeltried, fuorgen mei in trochsneed fan 60 meter breed sperrgebiet en in 8 meter hege betonnen muorre. De muorre stiet yn it Westjordaanlân, foar in part by de Griene Line, de grins oerienkommen tusken Israel en Jordaanje neffens it wapenskoft fan 1949, del, en foar in part in ein yn it Westjordaanlân om de Israelyske delsettings, lykas East-Jeruzalim, Ariel, Gûsj Etzion, Immanuel, Karnei Shomron, Givat Ze'ev, Oranit en Maale Adumim oan de Israelyske kant te belûken. De totale lingte dy't troch it Israelysk regear goedkard is om te bouwen is 708 km lang. Yn 2020 wie der al 454 km boud. De romte tusken de muorre en de Griene Line is in ôfsletten militêre sône dy't 9% fan it Westjordaanlân mei tsientallen doarpen en Palestinen ôfsnijt.

Foarstanners fan de muorre ine it needsaaklik en beskermje Israelyske boargers fan Palestynske oanfallen en selsmoardbommen. Yn 2007 wie der in ôfname fan terroristyske oanslaggen mei 96% neffens 2002, alhoewol't de measte selsmoardterroristen troch kontrôlepunten Israel yn kamen.

Tsjinstanners fine dat de muorre in yllegaal besykjen is en anneksearje Palestynsk lân mei it ferlechje dat it feiligens bringe sil. Neffens harren is dat yn striid neffens it ynternasjonaal rjocht. It soe de Palestynske frijheden en frije trochgong troch it Westjordaanlân swier behinderje en syn ekonomy ûngeunstich treffe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel as foar in part oersette fan de Ingelsktalige side; sjoch foar de bewurkingsskiednis en:West Bank
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory West Bank fan Wikimedia Commons.
  NODES
os 15