Weststellingwerf
Weststellingwerf (Nederlânsk en offisjeel: Weststellingwerf; Stellingwerfsk: Weststellingwarf) is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 26.507 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS).[1] It hat in oerflak fan 228,45 km², wêrfan 8,15 km² wetter. De gritenij Weststellingwerf waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Weststellingwerf foarmet mei de gemeente Eaststellingwerf de Stellingwerven. Fanâlds wurdt hjir Stellingwerfsk sprutsen. Hjoed de dei fynt men der ek in soad Frysk- en Nederlânsktaligen.
Weststellingwerf | |
---|---|
De rivier de Tsjonger by Skoattersyl. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Weststellingwerf | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | André van de Nadort (PvdA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Wolvegea |
grutste plak | Wolvegea |
ynwennertal | 26.507 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 119 / km² |
oerflak | 228,45 km² |
● wêrfan lân | 220,30 km² |
● wêrfan wetter | 8,15 km² |
tal doarpen | 26 |
ferkearsieren | A32, N351 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Weststellingwerf |
oar | |
netnûmer | 0527, 0561 |
postkoade | 8388–8398, 8470–8472, 8474–8479, 8481–8489 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.weststellingwerf.nl |
Geografy
bewurkje seksjeIt haadplak is Wolvegea en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldeholtpea, Aldeholtwâlde, Aldetrine, Aldlemmer, Blesdike, De Blesse, Boyl, Easterstreek, Finkegea, De Hoeve, De Langelille, Munnikebuorren, Nijeholtpea, Nijeholtwâlde, Nijetrine, Nijlemmer, Noardwâlde, Pepergea, Sânhuzen, Skerpenseel, Slikenboarch, Sonnegea, Spangea, Steggerda en Teridzert.
Taal
bewurkje seksjeHistoarysk sjoen makket Weststellingwerf ûnderdiel út fan de Stellingwerven, mar it Stellingwerfsk is foar it meastepart al ferdreaun út it gebiet. De taal is benammen ferdreaun troch it Nederlânsk. Dochs bestiet der noch in treftige mienskip Stellingwerfsktaligen yn de gemeente, likernôch 28% fan de minsken hawwe it Stellingwerfsk noch as memmetaal, wylst it Nederlânsk troch 52% en it Frysk troch 18% fan de minsken as memmetaal sprutsen wurdt.[2] Yn Weststellingwerf bestiet gjin gemeentlik belied op it mêd fan de Fryske taal.[3]
Untwikkeling ynwennertal
bewurkje seksjeJier | 2002 | 2008 | 2011 | 2017 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 25.804 | 25.679 | 25.846 | 25.701 | 26.130 |
Polityk
bewurkje seksjeFerkiezingsresultaten foar de gemeenteried sûnt 1998:[4]
Gemeenteriedssiten | |||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | 2014 | 2018 | 2022 | ||||||||
VVD | 3 | 4 | 4 | 5 | 5 | 5 | 4 | ||||||||
Weststellingwerfs Belang | 1 | 4 | 3 | 3 | 3 | 2 | 4 | ||||||||
CDA | 4 | 5 | 4 | 4 | 4 | 4 | 3 | ||||||||
Sociaal Duurzaam Weststellingwerf * | 5 | 3 | |||||||||||||
Blijf Stellingwarfs | 2 | 3 | |||||||||||||
GrienLinks | 2 | 2 | 2 | 3 | 2 | 2 | 2 | ||||||||
D66 | 1 | 2 | |||||||||||||
PvdA * | 5 | 5 | 8 | 6 | 5 | ||||||||||
Weststellingwerf Natuurlijk! * | 1 | ||||||||||||||
Vrijheid Voor Allen * | 1 | ||||||||||||||
Sociaal Democratische Partij | 4 | 1 | |||||||||||||
Totaal | 19 | 21 | 21 | 21 | 21 | 21 | 21 | ||||||||
Opkomst | 60,5% | 57,1% | 58,5% | 51,8% | 53,7% | 55,0% | 50,0% |
» * Sociaal Duurzaam Weststellingwerf: gearwurking fan PvdA, Weststellingwerf Natuurlijk! en Vrijheid Voor Allen (VVA).
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Weststellingwerf fan Wikimedia Commons. |
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |