Widukind fan Corvey
Widukind fan Corvey (berne om 925 hinne, stoarn nei 973) wie in midsiuwske Saksyske skiedskriuwer. Hy is de skriuwer fan de Res gestae saxonicum sive annalium libri tres, dat in wichtige beskriuwing wie yn it tsiende-iuwske Dútslân yn 'e tiid fan keizer Otto de Grutte.
Libben
bewurkje seksjeNei syn namme sjoen, koe hy mooglik besibbe wêze oan de Saksyske lieder en held Widukind, dy't, sa't it neamd wie in de Keninklike Frankyske Annalen, focht tsjin Karel de Grutte in de Saksekriich fan 772 oant 785. Widukind de Skriuwer kaam likernôch om 940/942 hinne yn de Benediktynske Abdij fan Corvey yn Westfalen, it westlike part fan Saksen, wierskynlik as learmaster. It kin ek wier wêze dat er der as bern al hinne tôge hie en lid wurden wie fan de Benediktynske Oarder. Yn 936 wie Hindrik de Fûgelder, dy't de earste hartoch fan Saksen fan it Hûs fan de Ottoanen kening fan East-Frânsje (Dútslân) waard, ferstoarn en opfolge troch syn soan Otto de Grutte. Otto, dy't de ûnbetwiste lieder fan it Dútske keninkryk waard en letter kroane ta keizer fan it Hillige Roomske Ryk wie, makke in grutte yndruk op de Benediktynske muonts Widukind. Ynearsten skreau er in stikmannich stikjes oer hilligen, foar't er begûn oan it Saksyske skiedskriuwen. Hy wijde syn kroniken oan kleasteroerste Matilde fan Quedlinburg (rûn 955-999), dochter fan keizer Otto de Grutte, dy't sels ek in ôfstammeling fan de Saksyske lieder Widukind wie. De annalen wiene skreaun nei't Otto ta keizer kroane wie troch paus Johannes XII op 2 febrewaris 962. Hoewol't Otto en syn heit Hindrik de Fûgelder as Imperator neamd wiene, waard dat barren net neamd. De kleasteroerste wie it iennichste wichtige lid fan de Ottoanen yn it Stamhartochdom Saksen ûnder regintskip fan Herman Billung. Dêrom wie Widukind begûn mei it skriuwen fan de kroniken. De kroniken waarden skreaun oant de dea fan Otto de Grutte op 7 maaie 973. Widukind is nei alle gedachten net folle letter ferstoarn yn de Abdij fan Corvey.
Wurk
bewurkje seksjeDe Res gestae saxonicae wiene wichtige skiedskriuwings yn de tiid fan Hindrik de Fûgelder en Otto de Grutte. Widukind skreau as in Saks, dy't grutsk op syn folk en skiednis wie. Hy skreau dat de Saksen it mulpunt fan de skiednis wiene. Hy begûn syn skiedskriuwen net mei de Romeinske tiid, mar mei in koarte ynhâld fan de oerlevere skiednis fan de Saksen en harren wrakseljen mei de Franken.
Hy begûn mei de strideraasjes tusken Teodoarik I, kening fan Austraasje en de Tueringers, dêr't de Saksen in wichtige rol yn spilen. In taspiling fan it kerstenjen fan de Saksen ûnder Karel de Grutte bringt him nei de eardere Saksyske hartoggen en de ûnderdielen fan it bewâld fan Hindrik de Fûgelder. It barren yn Itaalje waard net neamd allyksa de paus. It twadde boek begjint mei de ferkiezing fan Otto de Grutte ta kening fan Dútslân en it drygjen tsjin syn bestjoer, giet it barren yn Itaalje wer foarby en einiget mei de dea fan syn earste frou Edith fan Wessex yn 946.
Der binne trije manuskripten bewarre bleaun fan Widukind syn Gesta, dêr't der ien skreaun is yn Benevento, dat besuden Rome leit. In manuskript fan it Res gestae saxonicae sive annalium libri tres wie foar it earst publisearre yn 1532 yn Bazel en befynt him hjoed-de-dei yn de British Library. Der binne noch twa oare bewarre manuskripten. De bêste útjefte wie yn 1935 troch Paul Hirsch en Hans-Eberhard Lohmann yn de searjes Momenta Germaniae Historica: Scriptores rerum Germanicum in usum scholarum editi. In Dútske oersetting ferskynde yn de Quellen zur Geschichte der sächsischen Kaiserzeit, dat públisearre wie troch Albert Bauer en Reinhold Rau yn 1971
Boarne
bewurkje seksje- Evellum Argyf, rieplachte 26-05-2004 by de Wayback Machine
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) Herbermann, Charles (1913): Widukind fan Corvey Catholic Encyclopedia New York: Robert Appleton Company.
- (in) Chisholm, Hugh (1911): Widukind (historian) Encyclopædia Britannica âlfde útjefte Cambridge University Press.
- (lat) Widukindus Corbeius: Rerum gestarum Saxonicarum libri tres
- (lat) Witchindi Saxoni Rerum ab Henrico et Ottone In Impp. Gestarum Libri III Bazel 1532
- (lat) Annales Witichindi Monachi Corbeiensis, Familiae Benedictinae (Frankfurt 1577)