Wikipedy

frije ensyklopedy dêr't eltsenien syn witten op hokfoar mêd dan ek diele kin mei oaren

Wikipedy is in iepen, rjochtenfrije ensyklopedy, dy't troch elkenien bewurke wurde kin. It wurd is in kombinaasje fan wiki en ensyklopedy. In Wikipedy is in taalferzje fan it Wikipedia-projekt fan de Wikimedia Foundation, in yn Floarida fêstige organisaasje. Wikipedia is it meast oanskreaune en suksesfolste projekt fan de foundation. Wikipedia bestiet op it stuit, augustus 2017, út 273 wikipedyen. Mei Wikipedy wurdt almeast doeld op de Fryske Wikipedy.

It logo fan de Wikipedy
It logo fan de Fryske Wikipedy

Om't in Wikipedy de foarm hat fan in wiki, kin elkenien siden yn in wikipedy feroarje. Dit is tagelyk de krêft en it swakke stee fan in wikipedy: Elkenien kin flaters ferbetterje, mar elkenien kin ek nije flaters meitsje. Algemien wurdt troch de wikipedia-mienskip oannaam dat it foardiel grutter is as it neidiel.

Funksjonearjen

bewurkje seksje

Op de measte Wikipedyen binne út en troch problemen mei fandalisme: bewurkings dy't mei sin de Wikipedy minder meitsje. Troch dat de skiednis fan eltse side bewarre bliuwt kinne sokke feroarings lykwols gau genôch tebekdraaid wurde.

Eltse Wikipedy hat in foarkar foar dát gebiet dêr't de taal fan dy Wikipedy it meast praat wurdt. Lykwols binne it generale ensyklopedyen: wat mear oft der skreaun wurdt, wat mear oft der ek oer gebieten fierder fuort skreaun wurdt.

Yn 2015 waard oan de Wikipedia-mienskip de Erasmuspriis en de Prinses fan Asturiëpriis foar ynternasjonale gearwurking takend.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES
Done 1
see 1