Wiuwert
Flagge fan Wiuwert Wapen fan Wiuwert
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wiuwert
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2009) 244
Webstee Oer de mummy's

Wiuwert is in doarp yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân.

De noardside fan de tsjerke, mei de âldste muorre fan it gebou

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Wiuwert diel út fan de gemeente Baarderadiel. Dêrnei kaam it yn de nij foarme gemeente Littenseradiel te lizzen. Op 1 jannewaris 2018 waard Littenseradiel opdield en kaam Wiuwert yn de gemeente Súdwest-Fryslân te lizzen.

 
Goudskat fan Wiuwert
 
Ien fan de mummys yn de grêfkelder
Polygoonsjoernaal 1978, reportaazje oer de mummys fan Wiuwert

Yn 1866 waard by terpôfgravings in grutte goudskat fûn mei byzantynske en frankyske munten út de 7e iuw. Se waarden net brûkt yn in jildekonomy mar waarden droegen as sieraden. De skat bestiet út in fibula, ringen en earhingers. Yn de brakteaten binne Romeinske munten ferwurke. De munten binne ûnder oare fan Justinianus út de 6e iuw en wurde bewarre yn it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien.

Wat Wiuwert echt bekend makke hat is de ferneamde grêfkelder (1609) ûnder de, yn haadsaak 19e iuwske tsjerke. Yn de grêfkelder ûntdutsen timmerlju yn maart 1765 by tafal in alvetal liken dy't op natuerlike wize mummifisearre binne. De kisten stienen op skragen. Yn de kisten sieten in hast geef lichem mei moaie klean oan. De kisten wienen mei linnen beklaaid. Sân kisten binne yn de rin fan de tiid ferdwûn. Guon miene dat se wolris brûkt wêze kinne troch de universiteit fan Frjentsjer. Fjouwer fan dy iuwenâlde mummys binne noch yn de grêfkelder te besjen en foarmje sûnt jierren in toeristyske attraksje. Hoe't it kin dat de liken nea fergien binnen is net rjocht dúdlik. Der wurdt tocht oan de loftstream en fochtichheidsgraad yn de grêftombe as oarsaak, mar elk ûndersyk dat definityf útslútsel jaan kin oer de oarsaak wurdt net tastien troch de tsjerke. Dit omt men de mystike sfear dy't no om de mummifikaasje hinget sa hâlde wol (boarne?). Ek oer de identiteit fan de mummy's bestiet gjin wissichheid. It binne wierskynlik de resten fan leden fan de Walta-famylje en/of resten fan inkele Labadisten. Dizze fromme sekte kaam yn de 17e iuw ek op it Waltaslot. (De yntellektuele en artistike Anna Maria van Schuurman wie in bekende labadist). Wis is yn elk gefal de identiteit fan in freon fan de Walta's, goudsmit Stellingwerf fan Ljouwert. De smid leit links en fan him mist de rjochter ûnderearm. Neis him leit de 'ferjitten frou' mei de earms op it liif teard. Nûmer trije is de man mei it kaakabses en rjochts, ûnder in glêzen deksel, it lichem fan in famke (1610) dat nei alle gedachten tuberkuloaze hân hat. Om te demonstrearjen dat de singeliere grûngesteldheid en kâlde loftstream noch altyd har wurk dogge, is yn de rin fan de tiid in tal deade fûgels yn de romte ophong. Ek al dizze fûgels binne net fergien mar mummifisearre. It mummifisearjen hat grif net de bedoeling west, want de lichems wiene net balseme. Omdat it rêstplak yn 1609 boud waard is yn 2009 it 400-jierrich bestean betocht.

  • Op 25 jannewaris 1972 baarnde de eardere molkfabryk fan Wiuwert ôf.
  • Mei Britswert hat Wiuwert in wynmole delsette litten tusken de beide doarpen.

Mei Britswert hat Wiuwert ien feriening foar Doarpsbelang: De Twa Doarpen. De Pikeloer is de doarpsskoalle.

 
Buorren
  • Aldfeart -
  • Bessens - de buorskip Bessens noardeast fan Wiuwert
  • Froonackerdyk - Froonacker wie de âlde namme foar Frjentsjer
  • Klaaiterp -
  • Labadistendyk - Labadisten binne in leauwensrjochting
  • Middelsee - eardere wetter de Middelsee
  • Oer de Feart -
  • Slinke -
  • Swaanwerterdyk - dyk nei de buorskip Swaanwert
  • Terp -

Berne yn Wiuwert

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·  
  NODES
os 2
web 1