Wobbe van Seijen
Wobbe van Seijen (Ljouwert, 24 juny 1947)[1] is in Frysk ûndernimmer en muzykprodusint.[1]
Wobbe van Seijen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wobbe van Seijen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 juny 1947 | |
berteplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ûndernimmer | |
jierren aktyf | 1963 – no |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeVan Seijen waard yn 1947 berne[1] yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert[1] as de soan fan útjouwer en boekhanneler Melis van Seijen.[1] Hy wie in omkesizzer fan 'e skriuwer Ad van Seijen.[1]
Yn 1963 rjochte Van Seijen yn syn berteplak oan 'e Wurdumerdyk de platesaak Bij de Put op.[1] Dêrnjonken fêstige er yn 1972 it platelabel Universe, dat muzyk op 'e merk brocht fan û.o. Pugh's Place, Irolt, Herman Brood en Hans Dulfer.[1] Yn 1983 begûn Van Seijen in twadde platelabel, dat Sound & Vision hiet. Dat joech benammen wurk út Fryske popformaasjes, lykas Kobus gaat naar Appelscha.[1]
Op tongersdei 23 april 2020 waard de opslach fan Van Seijen oan 'e Foarstreek yn Ljouwert troch in útslaande brân folslein ferwoastge.[2] Dêrby gie syn hiele kolleksje ferlern: net allinnich it magazyn fan syn nêstlizzende winkel, mar ek alles fan syn Universe-label en syn privee-samling, mei in protte tige seldsume en dêrom ûnferfangbere platen.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|