Woldendorp (Grinslânsk: Wòlndörp) is in doarp yn de gemeente Iemsdelta yn it easten fan de Nederlânske provinsje Grinslân. It doarp hat in lytse 900 ynwenners. It doarp leit súdeastlik fan Delfsyl.

Woldendorp
De Petrustsjerke fan Woldendorp
De Petrustsjerke fan Woldendorp
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 890 (2021)[1]
Oerflak 1,24 km²
Befolkingsticht. 718 /km
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 16' NB, 7° 2' EL
Kaart
Woldendorp (Grinslân)
Woldendorp
Kaart
De Petrustsjerke fan Woldendorp
Lokaasje fan Woldendorp yn de eardere gemeente Delfsyl

Oant 1808 wie Woldenborg part fan it Klaai-Aldamt, dat sûnt de fyftjinde iuw ûnder de jurisdiksje fan de stêd Grins stie. Fan 108 oant 1990 foarme Woldendorp tegearre mei de doarpen Borgsweer, Termunten, Termunterzijl en Wagenborgen de gemeente Termunten, dy't dêrnei yn de gemeente Delfsyl opgie. Dy gemeente gie yn 2021 op yn de nije fúzjegemeente Iemsdelta.

It doarp is benammen agrarysk en troch it doarp rint de Ynternasjonale Doalertrûte.

Under Woldendorp falle de buorskippen Binnen Ae (foar in part), De Heemen (foar in part), Lesterhuis, Stutenstreek en Zwaagweg, earder ek De Schans, Huningaweer of 't Leger, Kleine Leger, Stuimelderij en Zomerdijk (foar in part), allyk de lytse streek De Vennen. Under Woldendorp foelen fierder parten fan de Reiderwolderpolder (1862-1864), de Johannes Kerkhovenpolder (1875-1876) en de Carel Coenraadpolder (1924). Skaaimerkende âlde pleatsenammen zijn De Heemen, Huningaweer, Riddervenne, De Schans, De Vennen en Woldsslenken. Nije pleatsenammen binne Olgershoeve, Munstervenne, Reidewoldt en Woldahoeve.

Eardere beneamingen fan it doarp wiene Waldmonathorp (1399), Waldemandorpe (1475) en Wollendorp (1840). De namme betsjut "doarp fan de wâldmanlju" of bewenners fan it plak Wald, itjinge "sompich wâld" betsjut.[2]

De wier fan Woldendorp wie al bewenne foar en yn 'e Romeinske tiid. It doarp lei oan de efterkant fan de ouwerwâl by de Iems del, tichteby it feangebiet. De wier rekke yn de snuorje fan it Grutte Folkeferfarren in skoft ûnbewenne.

Dêrnei hearde Woldendorp ta de Fryske goa Aldamt. It doarp wie fan oarsprong in radiaal terpdoarp. By de útgeande diken del is hjoed-de-dei lintbebouwing te finen.

 
De tsjerke fan Woldendorp op in kaart fan teijsinga mei de yn 1855 ôfbrusten sealdaktoer

De Herfoarme tsjerke fan Woldendorp waard oan de ein fan de trettjinde iuw boud en wie oarspronklik in krústsjerke, dêr't de dwersearmen letter fan sloopt waarden. By in restauraasje (1945-1949) waarden skilderings út de midsiuwen yn it ferwulft fûn en fannijs sichtber makke. De tsjerkeklok komt út 1375. De frijsteande westtoer waard yn 1855 ôfbrutsen en ferfongen troch in dakruter, dêr't de stiennen fan foar it ferhurdzjen fan de dyk brûkt waarden. It 17e iuwske karspelsegel lit in tsjerke sjen mei in oanboude sealdaktoer en in wapenskyld mei in stins. Neffens in 19-iuwsk berjocht soe de tsjerke oan Petrus wijd wêze.

Op de wier fan Lesterhuis stie dêr sûnt de trettjinde iuw in foarwurk fan it Grizemuontsekleaster yn Baamsum, dy't om 1600 hinne sloopt waard en plak makke foar twa grutte pleatsen. Yn de fyftjinde iuw hie it doarp in boarch fan de famylje Rewelyng en foarme it in selsstannige rjochtstoel. Fuortendaliks om it doarp hinne stiene meardere eardere stinzen lykas Huningaweer en Ald- en Lyts-Houwerda (by Oterdum. Huningaweer (1508 Hunsingaheerd, 1741 ' Leger) wie eigendom fan it aadlik laach Huninga en ferbûn mei it lânguod fan de Huninga's dy't oarspronklik oant Oostwold rûn. Ek de Riddervenne yn de doarpskearn wie mooglik in midsiuwske stins.

 
Woldendorp op in topografyske kaart fan 1933

Yn 1845 waard in ôfskate grifformearde gemeente oprjochte. Yn 1874 kaam dêr in earste grifformearde tsjerkegebou, dat yn 1945 ferwoastge rekke wie by de befrijing fan Delfsyl. Yn 1949 kaam in nij gebou ree. Nei it sluten fan dy tsjerke rekke dy swier skeind by de ierdskoddings dy't it gefolch wiene fan de gaswinning yn Grinslân. Yn 2017 waard besletten dat de NAM de tsjerke oankeapje soe om dy dêrnei ôf te brekken. Yn 1920 waard ek in Griifformearde Skoalle stifte, letter de kristlike basisskoalle De Bron, dy't yn 2014 slute moast om't it tal learlingen tebekrûn wie ta 22.

Fan 1921 ôf wie der fuortset ûnderwiis yn Woldendorp, letter in mafû waard en dy't opgien waard yn in ôfdieling fan it Dollard College.

Yn it begjin fan d etweintichste iuw waarden der guon arbeidersbuerten yn it ramt fan de Lânarbeiderswet fan 1918 boud. Nei de Twadde Wrâldkriich foalge noch in útwreidingsplan.

Fan 1919 oant 1948 rûn de tramline Wynskoat - Delfsyl troch it doarp hinne fan de Steamtramwei-Maatskippij Eastlik Grinslân.

Woldendorp kaam oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich ûnder fjoer te lizzen. Kanadeeske en Poalske striidkrêften besochten tefoaren te kommen dat Dútske militêren oer de Punt fan Reide hinne nei dútslâmn besochten te flechtsjen. Dat late ta tsientallen deaden en hûndert hûzen rekken skeind. Ek de midsiuwske tsjerke rekke skansearre. Yn april 1945 waard it skoalhaad Andreas Everhardus Gorter (1899-1945) omreden syn warberens yn it ferset oppakt en by Bakkefean fusilearre. Yn d e1960-er jierren waard ta eare fan him de dyk nei Termunten omneamd ta A.E. Gorterwei.

Woldendorp wie ek rillegau it sintrum fan de sosjalistyske arbeidersbeweging en letter wie dêr in soad oanhing foar de CPN, wylst der oant 1940 in lytse anargistyske groep bestie ûnder lieding fan Hendrik de Groot.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

By Sweachstersyl súdeastlik fan Woldendorp waard yn 1581 troch Verdugo de Sweachsterskâns oprjochte tsjin Steatske ynfallen. Yn 1589 waard de skâns troch Willem Loadewyk oermastere en fersterke. Nei 1600 rekke de skâns stadichoan yn it neigean oant dy yn de 19e iuw alhiel ferdwûn. Yn de 19e iuw ûntstie dêr de arbeidersbuert Zwaagweg (Sweachwei).

 
Gebouwekompleks en modelpleats yn JohannesKerkhovenpolder, in ryksmonumint

Yn de himrik fan Woldendorp wiene de wetetrskippen Woldendorp (1880) en Oude Ae (1929), dy't yn 1967 opgiene yn it wetterskip Aldamt, letter Hunze en Aa's. De Johannes Kerhovenpolder gie op yn it wetterskip Fiemel. Foar it bemeallen tsjinne ien wynmûne en ien steamgemaal oan it Termuntersyldjip. De polder Oude Ae hie in klepslûs in letter in motorgemaal by Warumerklap. Wichtige ôfwetteringskanalen binne it Termuntersyldjip, Oude ae en Ofwetteringskanaal, earder it Alde en Nije Maar.

It besen wurdich

bewurkje seksje
  • Petrustsjerke
  • Gebouwekompleks en modelpleats yn de Johannes Kerhovenpolder
  • Fillapleats mei in oanboude bûthûs.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Woldendorp fan Wikimedia Commons.
  Iemsdelta  
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
  ·   ·  
  NODES