Wurken en Dagen, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ἔργα καὶ Ἡμέραι, Erga kai Hēmerai, is in didaktysk epos fan omtrint 700 f.Kr., fan 'e hân fan 'e grutte Grykske skriuwer en dichter Hesiodos. Untdien fan alle omballingen is it in soarte fan boere-almanak, wêryn't de dichter syn broer Perses ûnderrjochtet yn 'e buorkerij. Histoarisy sjogge dit geskrift tsjin 'e eftergrûn fan 'e doetiidske lânboukrisis op it fêstelân fan Grikelân, dy't late ta in weach fan koloniale ekspedysjes op 'e siik nei nij boerelân.

Wurken en Dagen
Twa siden út in útjefte fan Wurken en Dagen út 1539.
Twa siden út in útjefte fan Wurken en Dagen út 1539.
algemiene gegevens
oarspr. titel Ἔργα καὶ Ἡμέραι
auteur Hesiodos
taal Aldgryksk
foarm poëzij
sjenre didaktysk epos
skreaun ±700 f.Kr.

Yn Wurken en Dagen beskriuwt Hesiodos hoe't er fan syn heit oan 'e foet fan 'e berch de Helikon, yn 'e Grykske lânstreek Boeoasje, in boerespultsje urf. Syn broer Perses ferkwânsele syn eigen erfdiel, en kaam doe werom om Hesiodos syn besit te ûntnaderjen. Dêrta spande er in rjochtsaak tsjin Hesiodos oan, en kocht er de rjochters om sadat dy him yn it gelyk stelle soene. It dichtwurk befettet dan ek in fûleindige oanfal op ûnrjochtfeardige rjochters. Wat syn broer oangiet, skynt Hesiodos tocht te hawwen dat it mear sin hawwe soe as er Perses it boerewurk learde as dat er him jild of besittings joech dy't er dochs allinne mar wer weigrieme soe. Dat soe de reden wêze om Wurken en Dagen te skriuwen, dat foar in grut part yngiet op it hoe en wat fan it buorkjen. Dêrnjonken jout Hesiodos syn broer ek in protte moralisearjend advys oangeande hoe't er syn libben heart te lieden.

Fierders hellet Hesiodos yn Wurken en Dagen ek ferskate myten oan, lykas dy fan Pandoara, wêryn't útlein wurdt dat alle ferdjer oer de minskheid brocht is troch Pandoara en "de stamme fan 'e froulju" (Hesiodos hie net folle mei froulju op). In oare frij bekende passaazje behannelet de saneamde Tiidrekken fan de Minske; neffens Hesiodos binne der fiif tiidrekken, ntl. it Goudene, it Sulverne en it Brûnzene Tiidrek, it Tiirek fan 'e Helden en it hjoeddeiske, Izerne Tiidrek. De minskheid begûn as in heechberne en heechbewittenskippe ras, dat lykwols almar mear oan nommelens en wiisheid ynboete: elts tiidrek wie minder as it foargeande, oant men mei it Izerne Tiidrek, yn Hesiodos syn tiid, it djiptepunt berikte.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Yn 2007 ferskynde der in fragmint fan Wurken en Dagen, dat yn it Frysk fertaald wie troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, yn it literêr tydskrift De Moanne, ûnder de titel Winter yn Bojotia.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hesiodos, Winter yn Bojotia, yn: De Moanne, jiergong 6 (2007), ôfl. 1 (jannewaris), s. 36-37; by Tresoar ûnder oanfraachnû. Ve 901 bis/2007.

sekundêre literatuer:
Foar boarnen en oare sekundêre literatuer, sjoch ûnder: References en Works cited, op dizze side.

  NODES
os 14