In yngenieur is in heech-oplate technikus dy't wittenskiplike kennis ûntwikkelet om technyske, natuerwittenskiplike, technologyske en organisatoaryske fraachstikken op te lossen. De term 'yngenieur' is ôflaat fan it Frânske wurd ingénieur, dat op syn beurt weromgiet opt it Latynske ingenium, yn 'e net-klassike betsjutting fan "keunstich betocht wurktúch". Oarspronklik wie in yngenieur immen dy't belegeringswapens, lykas grutte kattepûlen en trebúsjetten, ûntwurp en boude.

Der besteane in grut tal subdissiplines dêr't yngenieurs har yn spesjalisearje kinne. Dêrby kin men tinke oan:

Om yngenieur te wurden moat men in oplieding yn it heger ûnderwiis folgje. Yn Nederlân kin dat oan in universiteit of in hegeskoalle. Universitêr oplate yngenieurs steane lykwols heger yn oansjen, en meie de ôfkoarting 'ir.' foar har namme pleatse. Harren kollega's dy't oplaat binne oan hegeskoallen moatte it dwaan mei de ôfkoarting 'ing.' As yngenieurs promovearre binne, krije se de ôfkoartings 'dr. ir.' of 'dr. ing.' Hoewol't der tsjintwurdich gjin kwalitatyf ûnderskie mear is tusken yngenieursopliedings oan universiteiten en hegeskoallen, is it histoarysk groeide ferskil yn ôfkoarting bestean bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Note 1
os 2