Zorii Bliss
Zorii Bliss, ek bekend as Zorii Wynn, is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. It personaazje waard betocht troch de senarioskriuwers fan dy film, J.J. Abrams en Chris Terrio. Zorii is in minsklike smokkelster op 'e planeet Kijimi, dy't oanhâldend omrint mei in helm op, sadat fan har gesicht inkeld har eagen te sjen binne. Hja waard yn 'e film spile troch de bekende aktrise Keri Russell, dy't it idee fan in anonym, mysterieus personaazje oantreklik fûn.
Zorii Bliss personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Zorii Wynn | |
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | smokkelster | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Poe Dameron Rey | |
geastlike heit | J.J. Abrams Chris Terrio | |
ûntstean | 2019 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeEftergrûn
bewurkje seksjeZorii Bliss, ek bekend ûnder de namme Zorii Wynn, is in bewenster fan 'e kâlde planeet Kijimi, al is ûndúdlik oft se dêr ek hikke en tein is. Al jong jout se har by de Speserijfarders fan Kijimi, in kriminele organisaasje rjochte op it smokkeljen fan drugs, dy't rund wurdt troch har mem Zeva Bliss. Sy en har mem lykje ôf te stamjen fan in oare smokkelster dy't desennia earder op Kijimi aktyf wie, mei de namme Zarah Bliss.
Yn The Rise of Skywalker
bewurkje seksjeYn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) moat it Ferset tsjin 'e faksistoïde Earste Oarder ien fan 'e beide 'weifiners' sjen op te spoaren, in apparaat dat it paad wiist nei de ferburgen planeet Exegol. Dat is in bolwurk fan 'e Sith, dêr't de út 'e dea opstiene keizer Palpatine in reuseftige float stjerreslachskippen boud hat om 'e oerhearsking fan it Stjerrestelsel werom te winnen. Fersetslju Poe Dameron, Finn, Rey, de Wookiee Chewbacca en de robots BB-8 en C-3PO geane mei de Millennium Falcon op 'e siik nei in weifiner. Op 'e planeet Pasaana fine se in Sith-artefakt yn 'e foarm fan in dagge mei op it limmet in ynskripsje oer de lokaasje fan 'e weifiner.
De ynskripsje is lykwols skreaun yn 'e taal fan 'e Sith, dy't nimmen lêze kin útsein de protokolandroïde C-3PO (dy't 6 miljoen foarmen fan kommunikaasje behearsket). Allinnich, syn programmatuer ferbiedt him om teksten út 'e Sith-taal oer te setten, in befeiliging om foar te kommen dat ynformaasje fan en oer de boasaardige Sith-kultus him ferspriede kin. C-3PO oppenearret dat er de tekst inkeld oersette kinne soe as de rest fan syn ûnthâld alhiel wiske waard. Nei't se har derfan bewissige hawwe dat in oare robot, R2-D2, geregeldwei in back-up fan it ûnthâld fan C-3PO makket, beslute de fersetslju dat se yn dit gefal gjin oare kar hawwe as om 'e ûnthâldswisking út te fieren, om't se beslist witte moatte wat de ynskripsje seit.
Poe Dameron seit in ekspêr yn roboatika op 'e planeet Kijimi te kennen dy't in ûnthâldswisking útfiere kin sûnder C-3PO fierder te skansearjen, mar hy sjocht der nuver tsjin op om dêrhinne. Op Kijimi blykt it te wrimeljen fan 'e stoarmtroepers. It selskip wurdt lykwols net troch de Earste Oarder fûn, mar troch Zorii Bliss, de liedster fan in ynfloedrike binde smokkelders op 'e planeet, dy't in âlde bekende fan Dameron is. It docht bliken dat Dameron, foar't er him as piloat by it Ferset oansleat, in smokkelder op Kijimi wie, dy't it oanbod fan 'e mem en dochter Bliss om 'e lieding oer harren organisaasje oer te nimmen, ôfslein hat. Dat foel net goed, en Zorii hat him doe inkeld gean litten op betingst dat er nea weromkomme soe. No't er dat al dien hat, wol se him earst fermoardzje, mar se betinkt har en wol him dan útleverje oan 'e stoarmtroepers foar de preemje dy't op syn holle set is. Rey ûntwapenet lykwols Zorii har trewanten, en Zorii lit har troch Rey beprate om 'e groep te helpen.
Zorii bringt it selskip dan nei de robotsmid Babu Frik ta, dy't by C-3PO de ûnthâldswisking mei súkses útfiert. De ynskripsje blykt te bestean út 'e koördinaten fan 'e lokaasje fan 'e weifiner. Underwilens fernimt Rey, dy't sterk yn de Krêft is, de oanwêzigens fan Chewbacca, dy't op Pasaana troch de Ridders fan Ren finzen nommen wie, oan board fan in stjerreslachskip yn in baan om Kijimi. Sy, Dameron en de oaren beslute ta in rêdingsaksje. Dameron nimt ôfskie fan Zorii, foar wa't er dúdlik gefoelens koesteret. Har tsjinnichheid om him te fermoardzjen yn acht nommen, liket hja dy gefoelens te beäntwurdzjen. Om him en syn freonen te helpen it stjerreslachskip te ynfiltrearjen, jout se him in tige kostber digitaal identiteitsbewiis mei, dat de drager oantsjut as in kaptein by de float fan 'e Earste Oarder.
Letter, nei't Rey de Sith-ridder Kylo Ren oerhelle hat nei de ljochte kant fan 'e Krêft, befellet in poerrazene keizer Palpatine oan generaal Enric Pryde om in planeet te ferneatigjen dêr't it Ferset konneksjes hat. Pryde jout dêrnei lieding oan 'e ferdylging fan Kijimi by wize fan machtsdemonstraasje. As Dameron dêrfan heart, is er raar gesteld.
Mei de weifiner dy't se Kylo ôfhandich makke hat, liedt Rey it Ferset nei Exegol ta. Dêr oankommen set de fersetsfloat ûnder lieding fan Dameron de oanfal yn op 'e stjerreslachskippen fan Palpatine, dy't er de Lêste Oarder neamt. It is in ûngelikense striid en it Ferset lijt swiere ferliezen. As Dameron en de oaren de moedfearren hingje litte, arrivearret der lykwols in alderûnbidichst grutte float fan romteskippen fan alderhanne slach en soarte út it hiele Stjerrestelsel wei, mei oan board âlde bekenden en nije bûnsgenoaten. De float wurdt oanfierd troch Chewbacca en Lando Calrissian yn 'e Millennium Falcon. Ta Dameron syn blydskip is by dy float ek Zorii Bliss, dy't mei Babu Frik oan 'e ferwoastging fan Kijimi ûntkommen is. Yn 'e dêropfolgjende striid komt Dameron op in hier nei om, mar wurdt er rêden troch Zorii. Nei de oerwinning yn 'e Slach by Exegol keart it Ferset werom nei hûs om feest te fieren. Op 'e basis op Ajan Kloss dielt Dameron in momint mei Zorii, op wa't er, nei't it skynt, noch altyd fereale is, mar oft sy syn gefoelens yn deselde mjitte beäntwurdet, wurdt blau-blau holden.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |