Église Saint-Sulpice (Parys)

De Église Saint-Sulpice ('Sint-Sulpisiustsjerke') is in roomske parochytsjerke yn de wyk l'Odéon yn it 6e arrondissemint fan Parys. De tsjerke is wijd oan Sulpisius de Fromme, de aartbiskop fan Bourges.

Sint-Sulpisiustsjerke

Église Saint-Sulpice

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
plak Parys
adres 2, rue Palatine
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Sulpisius de Fromme
Arsjitektuer
boujier 1646-1772
boustyl barok, ier-klassisisme (gevel)
monumintale status Monument historique
Webside
Sint-Sulpisiusparochy
Kaart
Église Saint-Sulpice (Parys)
Église Saint-Sulpice

De tsjerke is 118 m lang en 57 m breed. Dêrmei is de Sint-Sulpisius in bytsje koarter as de Notre-Dame fan Parys en de op ien nei grutste tsjerke fan de stêd.

De tsjerke is in trijeskippige basilyk mei in omgongskoer en in hiel lyts, skraach útstekkend dwersskip. Tusken de pylders fan de sydskippen en de omgong binne kapellen boud, wêrfan de Marijekapel (Chapelle de la Vierge) de moaiste is.

 
De âlde Sint-Sulpisiustsjerke (Mathys Schoevaerdts)

De preester Jean-Jacques Olier joech yn 1642 de oanset ta de bou fan de tsjerke as ferfanging fan in âldere tsjerke, werfan de oarsprong werom gie op de 12e iuw. It moast in tsjerke wurde dy't meunsterje koe mei de Notre-Dame en der moast plak wêze foar 10.000 minsken. Troch in konflikt tusken oan de iene kant Jean-Jacques Olier en oan de oare kant de prins fan Condé en de abt fan Saint-Germain, dy't de útjeften foar de bou fan in oan de tsjerke ferbûn seminaarje te heech fûnen, bleau it projekt ynearsten oant 1645 lizzen.

De earste stien waard yn 1646 lein troch keninginne-regintesse Anna fan Eastenryk.

Al yn 1678 moast de bou fanwegen jildkrapte stopset wurde. Allinne it koer, de omgong mei de kapellen en it noardlike dwersskip wiene foltôge. De fierdere bou fan it tsjerkeskip, de krusing en de súdlike dwersearm folgen pas tusken 1719 en 1736. It duorre noch oant 1788 doe't de tsjerke foltôge wie.

 
Ynterieur

Yn 'e 17e en 18e iuw wie de Sint-Sulpisiustsjerke it begraafplak foar bekende Frânske famyljes. Ek binne der in soad letter ferneamde minsken doopt of troud, lykas bygelyks Victor Hugo en Heinrich Heine.

De tsjerke funksjonearre yn de tiid fan de Frânske Revolúsje as Temple de la Victoire en waard fuort dêrnei plondere en skansearre. Yn it ramt fan de weropbou brocht Eugène Delacroix tusken 1858 en 1861 yn de earste súdlike kapel twa fresko's oan fan it gefjocht fan Jakob mei de ingel en de skiednis fan Heliodorius.

Nei de brân yn de Notre-Dame op 15 april 2019 tsjinne de Sint-Sulpisiustsjerke de Notre-Dame tydlik as katedraal.

De tsjerke hat njonken it haadoargel op de westlike galerij noch in koeroargel.

It haadoargel giet op in ynstrumint werom fan François-Henri Clicquot, dy't tusken 1776 en 1781 in oargel fan 64 registers op fiif manualen en pedaal boude. De monumintale oargelkas waard troch de arsjitekt Jean-François Chalgrin ûntwurpen.

 
Haadoargel

Tusken 1834 en 1846 fierde Daublaine-Callinet in ferbouwing út, mar it resultaat wie net befredigjend. Sûnt 1855 naam Aristide Cavaillé-Coll it wurk oer en tusken 1857 en 1862 feroare dy it oargel mei gebrûk fan likernôch 40% fan it piipwurk fan Clicquot en Callinet.

Yn april 1862 waard it oargel mei 100 registers op fiif manualen en pedaal ynwijd en it wie doe ien fan de grutste oargels yn Europa. Tsjintwurdich is it oargel noch jimmeroan ien fan de belangrykste oargels fan de Frânsk-romantyske oargelbou, werby op útsûnderlike wize de klank fan in grut tal oarspronklike registers út de tiid fan de barok mei it 19e-iuwske piipwurk harmonysk kombinearre wurdt.

Sûnt de bou binne der mar in pear lytse feroarings oanbrocht. It oargel hat hjoed-de-dei (2023) 102 registers (7.000 pipen) op fiif manualen en pedaal. De spyl- en registertraktuer is mechanysk.

De Association pour le rayonnement des orgues Aristide Cavaillé-Coll de l’église Saint-Sulpice (Paris) krewearret der al in skoft foar om it ynstrumint op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO te krijen.

Under de tsjerke lizze ferskillende krypten, dy't meiïnoar likernôch itselde oerflak ha as de tsjerke sels. De krypten besteane út oerbliuwsels fan de âldere tsjerke, dy't by de bou fan de hjoeddeiske tsjerke ta in hichte fan fjouwer meter bewarre bleaun binne. Sels it skip, it koer en it begjin fan de trep dy't nei de toer gie binne noch te werkennen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St-Sulpice (Paris)


  NODES
Done 1