De 1990-er jierren, ek oantsjut as de njoggentiger jierren en de jierren ’90, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1991 en duorre it oant en mei 31 desimber 2000, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1990 oant en mei 31 desimber 1999. Ier yn dit desennium kaam der definityf in ein oan 'e Kâlde Oarloch. De Sovjet-Uny, Tsjechoslowakije en Joegoslaavje foelen útinoar, wat yn it lêste gefal oanlieding joech ta de bloedige Joegoslavyske Oarloggen dy't mei tuskenskoften oant de iuwwiksel duorren en mank giene mei de Bosnyske Genoside. Oare wichtige foarfallen yn 'e 1990-er jierren wiene de opkomst fan it ynternet, it fredesproses yn it Midden-Easten, de Golfoarloch en it dêrút fuorkommende slepende konflikt tusken de Westerske wrâld en Irak, de Rûandeeske Genoside en de beëiniging fan it konflikt yn Noard-Ierlân.

1990-er jierren
De Bijlmerramp, yn 1992.
De Bijlmerramp, yn 1992.
<< 1980-er jrn  •  1990-er jrn  •  2000-er jrn >>
1990   •   1991   •   1992   •   1993   •   1994
1995   •   1996   •   1997   •   1998   •   1999

Polityk sjoen waard it begjin fan 'e 1990-er jierren behearske troch it ynstoarten fan de Sovjet-Uny yn 1991, en de ein fan 'e Kâlde Oarloch, dy't koart dêrnei folge. De Sovjet-Uny foel útinoar yn fyftjin nije ûnôfhinklike lannen, wêrfan't de Russyske Federaasje, de Oekraïne en Kazachstan it wichtichst wiene. Trije fan 'e 'nije' lannen, Estlân, Letlân en Litouwen, seagen dizze ûntwikkeling trouwens as de ein oan in fyftichjierrige Russyske besetting, mei't se yn it Ynterbellum ek selsstannich west hiene. Ferskate oare multy-etnyske steaten foelen yn 'e jierren '90 útinoar, wêrûnder Tsjechoslowakije, dat yn 1993 opspjalten waard yn Tsjechje en Slowakije; Etioopje, dêr't yn datselde jier Eritreä him fan ôfskate; en Joegoslaavje, dat yn 1992 útinoar foel yn Sloveenje, Kroaasje, Bosnje, Masedoanje en in Joegoslavyske rompsteat.

 
It Bosnyske parlemints-gebou yn Sarajevo stiet yn 'e brân (1992) nei't it rekke is by artillerybesjittings troch de Bosnyske Serven.

Dat útinoarfallen fan Joegoslaavje late op 'e Balkan ta de Joegoslavyske Oarloggen, in rige slepende etnyske konflikten dy't duorren fan 1991 oant 1999. Yn earste ynstânsje waard der benammen fochten yn eastlik Kroaasje en yn it etnysk tige ferdielde Bosnje, mei as hichtepunt de Fal fan Srebrenica, yn 1995, ûnder de Bosnyske Oarloch, wêrby't 10.000 finzen nommen Bosnyske Moslims troch de Bosnyske Serven om hals brocht waarden as ûnderdiel fan 'e Bosnyske genoside. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren wie it in skoft relatyf rêstich op 'e Balkan oant yn 1998 Kosovo-oarloch útbriek yn Kosovo.

Behalven op 'e Balkan wiene der yn 'e 1990-er jierren ek etnyske konflikten yn 'e Kaukasus (de Nagorno-Karabachske Oarloch tusken Armeenje en Azerbeidzjan; de Abgazyske Unôfhinklikheidsoarloch tusken Georgje en Abgaazje; de Súdossetyske Unôfhinklikheidsoarloch tusken Georgje en Súd-Osseesje; en de Earste Tsjetsjeenske Oarloch tusken Ruslân en Tsjetsjeenje). Yn Rûanda, yn Sintraal-Afrika, fûnen yn 1994 sa'n 800.000 minsken de dea ûnder de Rûandeeske Genoside dy't de Hûtû's op 'e Tûtsys en op moderate Hûtû's diene. Yn it Midden-Easten liek der frede tusken Israel en de Palestinen te kommen doe't yn 1993 ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Bill Clinton de Oslo-akkoarten sletten waarden, mar dy hope ferfleach nei't ien fan 'e inisjatyfnimmers, de Israelyske premier Yitzhak Rabin, neitiid fermoarde waard. Underwilens lokke de Besetting fan Koeweit troch Irak (1990) de Golfoarloch út, wêrby't Koeweit troch in brede koälysje fan lannen ûnder lieding fan 'e Feriene Steaten befrijd waard. It konflikt yn Noard-Ierlân waard yn 1998, nei tritich jier fan geweld, beëinige troch it sluten fan 'e Oerienkomst fan Goedfreed.

Trochdat it kommunisme oan it begjin fan it desennium sa'n knoei krigen hie mei it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny, waarden de 1990-er jierren fierhinne behearske troch in politike swing nei rjochts, benammen yn East-Jeropa. Yn Yndia kaam foar it earst de hindoe-nasjonalistyske Bhartiya Janata Partij (BJP) oan 'e macht, dy't mei syn belied de ynterne spannings tusken hindoes en moslims fierder oanfitere. Yn 'e Feriene Steaten, Kanada, Nij-Seelân en it Feriene Keninkryk waard snien yn 'e sosjale foarsjennings. Yn 'e Feriene Steaten wie ek in ûnbidige grutte taname yn it tal útfierde deastraffen.

 
It histoaryske fûstkjen fan 'e Israelyske premier Yitzhak Rabin (l.) en de Palestynske foaroanman Yasser Arafat (rj.) by de ûndertekening fan 'e Oslo-akkoarten yn 1993. (Yn 'e midden de Amerikaanske presidint Bill Clinton.)

Op ekonomysk mêd waarden de njoggentiger jierren behearske troch in oanhâldende mobilisaasje fan 'e kapitaalmerken troch it opkommende neo-liberalisme. Yn 'e twadde helte fan it desennium waarden guon ûndernimmers tusken 1997 en 2000 ryk troch de dot-combubbel. Der wie in ekstreem grutte foarútgong yn 'e technology, mei as hichtepunten de earste genterapy, de ûnbidige wrâldwide groei fan keabeltillefyzje en de yntroduksje fan it ynternet. Kultureel waarden de 1990-er jierren karakterisearre troch de opkomst fan it multykulturalisme en bewegings lykas grunge en hiphop.

Wichtichste foarfallen

bewurkje seksje
1990
 
In kolonne ferneatige Iraakske tanks ûnder de Golfoarloch.
1991
 
De Russyske presidint Boris Jeltsin en de Amerikaanske presidint Bill Clinton binne slop fan it laitsjen ûnder in parsekonferinsje foar it Wite Hûs.
1992
1993
 
Slachtoffers fan 'e Rwandeeske Genoside fan 1994.
1994
 
De fammeband de Spice Girls ferovere de wrâld yn 1996 stoarmjenderhân.
1995
1996
 
De begraffenis fan Diana, prinsesse fan Wales, op 6 septimber 1997.
1997
 
In ravaazje yn Turkije, nei de swiere ierdbeving fan İzmit, yn augustus 1999.
1998
1999

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES