25 april
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 april | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 |
<< | April | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | |||||
2024 |
25 april is de 115e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 116e). Der folgje noch 250 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1444 - Yn Grins wurdt it Ferdrach fan Grins sletten, in ferbûn tusken Eastergoa en de stêd Grins dat dêre in ein makket oan de striid tusken Skier en Fet.
- 1568 - Mei de Slach by Dalheim (by it hjoeddeiske Rheindahlen, yn Noardrynlân-Westfalen, begjint de Tachtichjierrige Oarloch.
- 1607 - Yn 'e Slach by Gibraltar ferslacht in alliëarde Steatsk-Ingelske seemacht ûnder Jacob van Heemskerck de Spaanske float yn syn thúshaven te Cádiz.
- 1883 - Oprjochting fan 'e Ljouwerter fuotbalferiening LAC Frisia 1883.
- 1898 - De Spaansk-Amerikaanske Oarloch brekt út as de Feriene Steaten tuskenbeiden komme yn 'e bloedige Kubaanske Unôfhinklikheidsoarloch tusken de Spaanske machthawwers en de Kubaanske rebellen.
- 1974 - De Fryske Organisaesje foar Kulturele Autonomy fiert aksje ûnder it motto: "Frysk Blinders".
- 1980 - Yn Teheran mislearret in Amerikaanske militêre operaasje om 'e gizelders út 'e Amerikaanske ambassade te befrijen en sa de Iraanske Gizelderskrisis te beëinigjen.
- 2007 - Der wurdt in betinking foar de ferstoarne Fryske folkssjonger Rommy Henstra yn it Cambuur stadion holden.
Berne
bewurkje seksje- 1214 - kening Loadewyk IX fan Frankryk († 1270)
- 1284 - kening Edwert II fan Ingelân († 1327)
- 1599 - Oliver Cromwell, beskermhear fan Ingelân († 1658)
- 1874 - Guglielmo Marconi, Italjaansk natuerkundige († 1937)
- 1874 - Fokke Jacobs de Zee, Frysk skriuwer, taalaktivist en boargemaster († 1950)
- 1911 - Wiert Berghuis, Frysk politikus en fersetsstrider († 1989)
- 1917 - Ella Fitzgerald, Amerikaansk sjongster († 1996)
- 1919 - Finn Helgesen, Noarsk reedrider († 2011)
- 1921 - Karel Appel, Nederlânsk keunstskilder en byldhouwer († 2006)
- 1927 - Albert Uderzo, Frânsk striptekener († 2020)
- 1945 - Björn Ulvaeus - Sweedsk sjonger
- 1947 - Johan Cruijff, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener († 2016)
- 1952 - Jan van der Leij, Frysk skriuwer en arsjitekt
- 1966 - Femke Halsema, Nederlânsk politika en kollumniste
- 1969 - Renée Zellweger, Amerikaansk aktrise
- 1973 - John Wijdenbosch, Nederlânsk-Surinaamsk akteur († 2017)
- 1983 - Audree Jaymes, Amerikaansk pornoaktrise
- 1988 - Sara Paxton, Amerikaansk aktrise
- 1996 - Nils van der Poel, Sweedsk reedrider
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1399 - Widzel tom Brok, Frysk kriichshear (* ±1375)
- 1690 - David Teniers de Jonge, Flaamsk keunstskilder (* 1610)
- 1744 - Anders Celsius, Sweedsk astronoom en útfiner fan de temperatuerskaal Celsius (* 1701)
- 1945 - Abraham Salomon Levisson, oerrabbyn fan Fryslân (* 1902)
- 2018 - Rienk de Haan, Frysk taalkundige (* 1943)
- 2020 - Per Olov Enquist, Sweedsk skriuwer (* 1934)
- 2022 - Henny Vrienten, Nederlânsk sjonger (* 1948)
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 april | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|