Aarhus (fan 1948 oant 31 desimber 2010 offisjeel stavere as Århus) is de twadgrutste stêd fan Denemark en it haadplak fan de gemeente Aarhus. It leit oan 'e eastkust fan it skiereilân Jutlân, yn it geografyske sintrum fan Denemark, 187 kilometer noardwestlik fan Keappenhaven (Kopenhagen) en 289 kilometer benoarden Hamboarch (Hamburg). De stêd hat 269.022 ynwenners (1 jannewaris 2017) en de gemeente hat 335.684 ynwenners (2017).[1] Aarhus is de sintrale stêd yn de Stedsregio East-Jutlân dat yn 2015 in totale befolking fan 1.279.492 minsken hie.

Aarhus
Fan boppe nei ûnder en fan links nei rjochts: Skyline, stedshûs, Isbjerget, Park Allé.
Fan boppe nei ûnder en fan links nei rjochts: Skyline, stedshûs, Isbjerget, Park Allé.
Sifers
Ynwennertal 335.684 (2017)
Oerflak 91 km²
Polityk
Lân Denemark

Tsjintwurdich is Aarhus de kulturele en ekonomyske kearn fan 'e regio en it grutste sintrum foar hannel, tsjinsten en yndustry yn Jutlân. De stêd is de 92e grutste stêd yn 'e Europeeske Uny en nûmer 234 yn 'e list fan wrâldstêden. Aarhus stiet ek yn de top 100 fan stêden dêr't de measte konferinsjes holden wurde. Aarhus is de wichtichste yndustriële haven fan it lân op it mêd fan kontenerferwurking en in wichtich hannelsplak yn it Kattegat. Grutte Deenske bedriuwen hawwe dêr har haadkantoar en der reizgje in protte forinzen út de hiele regio Midtjylland foar wurk en frije tiid nei de stêd. It is in sintrum foar ûndersyk en ûnderwiis yn 'e Skandinavyske lannen en hat mei de universiteit fan Aarhus de grutste universiteit fan Skandinaavje, ûnder oaren Aarhus University Hospital en INCUBA Science Park binne ûnderdiel fan de universiteit fan Aarhus. Mei 48.482 ynwenners ûnder de 18 jier is Aarhus de jongste stêd fan Denemark. Aarhus is ek de twadde fluchstgroeiende Deenske stêd, mei in trochsneed groei fan 4.500 minsken it jier sûnt 2008.[2]

De skiednis fan Aarhus begûn mei in fersterke delsetting, dy't yn 'e 8e iuw troch Wytsingen oprjochte waard. De stêd waard boud op de noardlike iggen fan in fjord mei in natuerlike haven en de primêre ekonomyske groeifaktor wie iuwenlang de oerseeske hannel fan lânbouprodukten. Merkrjocht waard yn 1441 ferliend, mar de groei stagnearre yn 'e 17e iuw doe't de stêd blokkearre en bombardearre waard yn 'e Sweedske oarloggen. Yn 'e 19e iuw waard it twa kear beset troch Dútske troepen yn 'e Sleeswykske oarloggen. Doe't de yndustriële revolúsje de ekonomy in slinger joech, groeide de stêd yn de 20e iuw ta de twadgrutste fan it lân.

Aarhus is ferneamd om syn muzikale skiednis. Yn 'e fyftiger jierren ûntstienen der yn 'e stêd in protte jazzklups, dy't troch de jonge befolking genôch besikers hienen. Yn de jierren '60 fan de tweintichste iuw naam it ferskaat oan muzyk ta mei rock en oare sjenres. Yn 'e jierren 1970 en 1980 waard Aarhus it sintrum foar de Deenske rockmuzyk mei ferneamde bands as TV-2 en Gnags. Aarhus is de festivalstêd foar it jierlikse acht dagen duorjende Aarhus International Jazz Festival, it SPoT Festival en it NorthSide Festival.

Yn 2017 waard Aarhus keazen as Kulturele Haadstêd fan Europa, tegearre mei Paphos op Syprus.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. StatBank Denmark. Population 1. January by urban areas, age and sex. Statistics Denmark
  2. StatBank Denmark. Befolkning og valg. Statistics Denmark
  3. Webside Aarhus 2017
  NODES
INTERN 1