Albrecht Dürer (Neurenberch, 21 maaie 1471 - dêre, 6 april 1528) wie in Dútske skilder en graveur út de betide renessânse.

Albrecht Durer (selsportret)

Dürer syn famylje kaam út Hongarije en ferdútske de famyljenamme fan Thürer nei Dürer. Heit Albrecht wie goudsmid. Hy troude mei de dochter fan syn patroan. It pear krige leafst 18 bern, wêrfan't Albrecht de twadde wie.

Op syn 15-de wie Dürer yn oplieding by de skilder Wolgemut, dy't net al te opmerklik wurk yn in lette Goatyske styl produsearre. Dürer learde by him net allinne skilderjen, mar ek houtfykjen en kopergravueres. Nei fjouwer jier gie Dürer op reis.

Yn 1492 kaam Dürer oan yn Kolmar om it wurk fan Martin Schongauer, yn dy tiid in respektearre skilder-graveur, te bestudearjen. It die bliken dat Schongauer doe al in jier ferstoarn wie, mar syn famylje ûntfong him waarm, dêr en letter yn Bazel. Hy die dêr wat ûnderfining op mei metaalgravueres en meubelûntwerp. Yn 1494 reizge Dürer fia in koarte besite oan de Nederlannen werom nei Neurenberg. Ut de tiid fan syn earste omswervingen is suver gjin wurk bewarre bleaun.

Op 9 july 1494 troude Dürer, neffens ôfspraken dy't in syn ôfwêzigens makke wiene, mei Agnes Frey, dochter fan in lokale keapman. Oer de relaasje mei har is net in soad bekend. Hy soe net lang yn Neurenberg bliuwe. Yn de hjerst fan 1494 sette Dürer ôf nei Itaalje, en liet syn frou yn Neurenberg efter. Hy kaam telâne yn Venetië. Bewizen fan dizze reis binne werom te finen yn tekeningen en gravueres dy't in soad tinken dogge oan it Noard-Itaalje fan bygelyks Mantegna, Pollaiuolo, Lorenzo di Credi en oaren. Earne yn 1495 moat Dürer werom reizge wêze nei Neurenberg dêr't hy de tsien jier dêrop libje en wurkje soe.

Yn de earste jierren dêr wurke er meast yn de Noardeuropeeske tradysje, mar stie wol iepen foar ynfloeden fan de renessânse. Ut dizze perioade stamme syn grutte houtfykwurken, wêrûnder de Apokalyps. Undertusken wurke Dürer hurd oan syn feardigens as kopergraveur dêr't mear details mei te meitsjen wiene. Omdat it meitsjen fan kopergrafueres in stik djoerder wie as it wurkjen mei hout, makke hy dêryn doe benammen lytsere wurken.

Yn 1500 kaam de Venetiaanske keunstner Jacopo de Barbari, dy't Dürer yn Venetië moete hie, foar in skoftke nei Neurenberg. Fan him learde Dürer de lêste ûntwikkelings op it gebiet fan perspektyf, anatomy en proporsjes leare, dy't er as basis foar syn eigen stúdzjes brûke soe. Yn 1504 produsearre Dürer de ferneamde gravuere Adam en Eva wêrop te sjen is hoe subtyl syn gravearwurk is.

 
Ingel Gabriël en Maria (houtfyk)
 
Foarbyld fan in grafysk wurk fan Dürer dêr't perspektyf de boppetoan yn fiert.

Yn 1505 gie Dürer foar de twadde kear nei Itaalje. Dêr soe er him mear en mear talizze op it skilderjen fan wurken op linnen. Yn 1506 kaam hy wer oan yn Venetië en soe dêr sawat in jier bliuwe. Dürer syn gravueres wiene doe al tige bekend en syn wurk waard rûnom neifolge. Hy soe yn Venetië in tal masterwurken skilderje.

Nettsjinsteande syn sukses dêr, gie hy yn 1507 werom nei Neurenberg. Hy bleau oant 1520 yn Dútslân. Syn reputaasje wie doe al yn hiel Europa fêstige. Oant 1511 soe er him benammen dwaande hâlde mei skilderjen. Dy tiid levere syn bêste skilderijen op, mei as hichtepunten û.o. Adam en Eva (1507) en Maagd mei de Iris (1507) en in twadde ferzje fan de Apokalyps fan 1511.

Fan 1511 oant 1514 konsintrearre Dürer him wer op it gravearwurk, benammen op de kopergrafueres. Dêrnei, oant er yn 1520 nei de Nederlannen ôfreizge, hie Dürer in ferskaat oan projekten ûnder hannen.

Syn reis nei de Nederlannen, syn 4e en lêste grutte reis, makke er yn it selskip fan syn frou. Yn de Nederlannen makken se ferskate rûnreizen; ûnder oaren dienen se Nijmegen, De Bosk, Brussel, Gint, Brugge en Seelân oan. Yn 1521 gie it wer op Neurenberg oan. Dürer hie op syn reis in sykte oprûn, dêr't hy de rest fan syn libben lêst fan hâlde soe.

Syn swakke sûnens wie der debet oan dat er yn syn lêste jierren yn Dútslân gjin grutte wurken mear makke. Ut dy tiid stamme in tal portretten wêrûnder ien fan de Rotterdamske filosoof Erasmus.

Wol wurke Dürer yn dy jierren hurd oan syn boeken, alhoewol hy gjin grut skriuwerstalint hie. Hy slagge der yn om by syn libben twa te publisearjen, wêrfan dy oer geometry en perspektyf lang in standertwurk bliuwe soe. Nei syn ferstjerren yn 1528 ferskynde syn stúdzje oer de minsklike proporsjes.

Dürer, de earste 'moderne' skilder yn Noard Europa

bewurkje seksje

It belang fan Albrecht Dürer foar de ûntwikkeling fan de keunst yn Noard Europa is dat hy in grutte bydrage levere hat oan it ûntwikkeljen fan it perspektyf sa't dat oant hjoed de dei yn û.o. de skilderkeunst noch in soad brûkt wurdt. Fierder wie Dürer ien fan de earsten dy't, yn in tiid dat de keunst yn tsjinst stie fan de tsjerke, profane ûnderwerpen skildere.

Hoewol Dürer benammen bekend is en bewûndere wurdt fanwege syn grutte gravueres binne de twa hjir ôfbylde profane wurkjes guon fan de meast brûkte.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES