In album is in samling lûdsopnames fan (yn 'e regel) muzyk dy't as ien gehiel op in lûdsdrager publisearre wurde. De earsten fan sokke albums waarden ûntwikkele yn 'e iere tweintichste iuw, earst as boeken fan yndividuële 78-toeregrammofoanplaten, en fan 1948 ôf as finilen LP's fan 33⅓ toeren. Fan 'e ein fan 'e 1970-er jierren ôf kaam njonken de LP it kassettebantsje yn 'e moade, dat oant yn 'e 1990-er jierren brûkt waard, doe't de opkomst fan 'e cd sawol kassettebantsje as LP út 'e merk drukte. Yn 'e ienentweintichste iuw wurde albums ornaris útbrocht op cd en/of MP3, wylst ek de LP in lytse comeback makke hat.

In cd yn in iepen cd-doaske.

In album kin opnommen wêze yn in (fêste of mobile) opnamestudio en wurdt dan in studio-album neamd as it in 'regulier' album is. Gelegenheidsalbums wurde ek yn 'e studio opnommen, mar wurde gjin studio-albums neamd. Sokke albums wurde útbrocht ta gelegenheid fan it ien of oar, wêrby't alle lieten in beskaat tema hawwe. It krystalbum is it bekendste foarbyld fan sa'n gelegenheidsalbum. In konsertalbum is in muzykalbum dêr't in live-konsert op opnommen is. In sammelalbum (of in greatest hits-album) is in album dêr't de (al earder útbochte) grutste hits fan in artyst op gearbrocht binne.

It opnimmen fan in studio-album kin yn in pear oeren oprêden wêze, mar it kin ek ferskate jierren duorje. By it opnameproses wurde yn 'e regel ferskillende takes dien, wêrby't ûnderskate ûnderdielen fan it album of fan ien en itselde ferske apart opnommen wurde en letter troch audiomontaazje byinoar brocht wurde. It is mooglik dat ferskillende sjongers of muzikanten opnommen wurde op ferskillende tiden of yn ferskillende keamers, wylst se fia koptelefoans harkje nei it wurk fan 'e oaren. Eltse ferskillende opname fan in part fan itselde ferske hjit in track. As in album opnommen is sûnder gebrûk fan overdubbing, wurdt it "live" neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
os 2