Alexis Amore
Alexis Amore, echte namme Fabiola Melgar (Lima, 29 desimber 1978), is in Perûviaansk-Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, regisseur, kollumniste en radiopresintatrise. Hja sette yn 1999 útein mei in wurkpaad as pornoaktrise yn Los Angeles en spile yn in grut tal films. Benammen troch har grutte boarsten en eksoatyske foarkommen wie Amore tusken 2005 en 2010 ien fan 'e populêrste aktrises yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Se waard trijeris nominearre foar in prestizjeuze AVN Award. Yn 2013 beëinige Amore har karriêre as pornoaktrise.
Alexis Amore | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Fabiola Melgar | |
nasjonaliteit | Perûviaansk Amerikaansk | |
berne | 29 desimber 1978 | |
berteplak | Lima (Perû) | |
etnisiteit | Perûviaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, regisseur | |
jierren aktyf | 1999 – 2013 | |
offisjele webside | ||
www.clubalexisamore.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeAlexis Amore waard yn 1978 berne yn Higuereta, in wyk fan 'e Perûviaanske haadstêd Lima, mar emigrearre mei har âlden nei de Feriene Steaten doe't se njoggen jier wie. Se brocht har jonkheid troch yn Redondo Beach, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en waard Spaansktalich grutbrocht. Amore folge de middelbere skoalle oan in ûnderwiisynstelling op kristlike grûnslach yn Hermosa Beach, dêr't se û.m. lid fan it cheerleaderstiim wie. Yn dyselde snuorje wist se mei fyftjin jier in bybaantsje te bemachtigjen as fotomodel foar de warehûskeatling Nordstrom. Se posearre foar folders en katalogussen en mocht graach oer dat wurk.
Modellewurk
bewurkje seksjeNei't se har oplieding ôfrûne hie, wurke Amore in skoftke as ferpleechkundige yn in sikehûs, mar ûnderwilens sette se ek har modellewurk troch. Doe't har yn 1998 by in audysje oanret waard om neakenmodel te wurden, folge se dy rie op, en al rillegau posearre se foar ferskate neakenblêden, wêrûnder de Playboy. Amore waard oannommen as model foar it kabeltillefyzjekanaal Playboy TV, dêr't se ek presintatrise waard fan 'e programma's Playboy Night Calls en XXX Contract Star. It wie yn dy snuorje dat Amore har boarsten fergrutsje liet.
Pornokarriêre
bewurkje seksjeFia Playboy TV kaam se by fraachpetearen yn 'e kunde mei ferskate pornoaktrises, wêrûnder Jewel De'Nyle en Alexa Rae, dy't har nijsgjirrich makken nei harren wurk. Amore naam kontakt op mei de filmstudio Vivid Entertainment en makke yn novimber 1999 har debút yn 'e pornografyske film The Watcher 6. Koart dêrnei begûn se ek te wurkjen as stripper, wêrby't se foar optredens by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns reizge. Troch har grutte boarsten en eksoatyske uterlik waard Amore al rillegau tige populêr by de fans. Yn 'e simmer fan 2001 hold se op mei har aktearwurk oant se yn jannewaris 2003 in comeback makke. Yn 'e tuskenlizzende perioade konsintrearre se har benammen op har wurk as stripper.
Yn maart 2003 sleat Amore in eksklusyf kontrakt mei de filmstudio Jill Kelly Productions. Nei't dat ôfrûn wie, gie se yn juny 2004 in ienjierrich kontrakt mei Anabolic Video oan. Behalven foar aktearwurk naam Anabolic har ek oan foar har rezjydebút Lascivious Latinas, út 2005, dat de iennichste film bliuwe soe dy't Amore regissearre hat. Yn septimber 2005 stapte se oer nei Video Team en waard se wurdfierster foar dy studio. Har earste film foar Video Team wie All About Alexis. Yn septimber 2006 besleat Amore har kontrakt mei Video Team net te ferlingjen. Fierders woe se fan dy tiid ôf inkeld noch lesbyske pornografy meitsje, oant se yn jannewaris 2008 bekendmakke ek wer beskikber te wêzen foar heteroseksuële sênes.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Amore yn totaal yn krapoan 350 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Jill Kelly Productions, Adam & Eve, Red Light District, Anabolic Video, Hustler Video, Digital Sin, VCA Pictures, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Private, Elegant Angel, Digital Playground, New Sensations, Sin City, ClubJenna en Devil's Film. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Metro, Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video, Mile High Media, Third Degree Films, Extreme Associates, Gina Lynn Productions, Big Top Video en Pure Play Media. En teffens hat se wol yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros.
Under har karriêre hat Amore gearwurke mei kollega-aktrises as Eva Angelina, Nikki Benz, Cherokee, Daisy Marie, Stormy Daniels, Donita Dunes, Jeanna Fine, Jada Fire, Jenna Haze, Jenaveve Jolie, Gina Lynn, Mariah Milano, Olivia O'Lovely, Alexandra Silk en Sienna West, en mei manlike tsjinspilers as Marco Banderas, T.T. Boy, Mark Davis, Jon Dough, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Billy Glide, Tommy Gunn, Mike Horner, Brandon Iron, Jules Jordan, Keiran Lee, Mandingo, Mr. Marcus, Sean Michaels, Pat Myne, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Herschel Savage, Lexington Steele, Michael Stefano, Tony Tedeschi, Frank Thring, Frank Towers, Nacho Vidal, Voodoo, Vince Vouyer en Mark Wood.
Amore waard ûnder har karriêre trijeris nominearre foar in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld): yn 2003 mei kollega-pornoaktrise Friday yn 'e kategory bêste lesbyske sekssêne, en yn 2006 yn 'e kategory bêste opfiering fan in striptease en mei Voodoo en Nicole Sheridan yn 'e kategory bêste groepsekssêne. Dêrnjonken wûn Amore in AFWG Award en twa NightMoves Awards. Tusken 2005 en 2010 wie Amore ien fan 'e populêrste aktrises yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn juny 2004 makke it Perûviaanske tillefyzjekanaal Frecuencia Latina in dokumintêre oer har foar de rige Reporte Semanal. Yn septimber 2006 stie Amore op 'e omslach fan it Amerikaanske mainstream-tydskrift Lowrider. Yn in fraachpetear mei Newzbreaker.com sei se fan harsels dat se de meast googlede Perûviaanske persoan wie nei de presidint. Yn 2013 beëinige Amore har wurkpaad as pornoaktrise, hoewol't se efter de skermen by de pornoyndustry belutsen bleau.
Oare beuzichheden
bewurkje seksjeNjonken har aktearwurk hie Amore sûnt desimber 2004 in kollumn mei as titel Simply Alexis, yn it tydskrift AVN Insider, wylst se foartiid al lêzersfragen oer seks beäntwurde yn in kollumn yn it Perûviaanske mainstream-blêd Oye. Sûnt oktober 2014 presintearre se in eigen radioprogramma, That's Amore, op 'e stjoerder Vivid Radio. Teffens hie Amore in kontrakt oangeande de makkelei fan seksboartersguod yn har namme troch it bedriuw California Exotic Novelties.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeAlexis Amore is in Latina mei in soad Yndiaansk bloed, dat ta utering komt yn in brune hûdskleur. Se hat brune eagen en swart hier, en is neffens har offisjele opjefte 1.55 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en kupmaat 34DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat Amore ek piercings troch har spiennen en klitoris, mei dêropta in nâlpiercing. Fierders hat se ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in Playboy-kninekopke mei de tekst "Sexy" ûnder har nâle en in duveltsje mei ingelwjukken op har rjochterstút. Teffens hat se in lytse tatoeaazje fan in kat op har lofterankel.
Prizen en Nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2003 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Friday) | Still Up in This XXX |
2004 | 1Down.com | wûn | bêste XXX-artyste | n.f.t. |
NightMoves Award | wûn | bêste aktrise (publykspriis) | n.f.t. | |
2006 | Adam Film World Guide Award | wûn | comeback fan it jier | n.f.t. |
AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptease | Zrotique | |
nominearre | bêste groepsekssêne (film) (mei Nicole Sheridan en Voodoo) | Sentenced | ||
NightMoves Award | wûn | bêste feature entertainer (publykspriis) | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Alexis Amore
- (in) Alexis Amore op Twitter
- (in) Alexis Amore op Instagram
- (in) Alexis Amore op YouTube
- (in) Biografy en filmografy fan Alexis Amore yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Alexis Amore yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Alexis Amore op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|