Alice Boughton (Brooklyn (New York), 14 maaie 1866 - 21 juny -1943) wie in Amerikaansk fotografe.

Alice Boughton
keunstner
Alice Boughton om 1916 hinne
Alice Boughton om 1916 hinne
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 14 maaie 1866
berteplak New York City
stoarn 21 juny -1943
wurkpaad
wurksum as Fotograaf, portretfotograaf
streaming Pikturalisme
jierren aktyf 1890–1931
offisjele webside
gjin

Alice Boughton wie in dochter fan Frances Ayres en William H. Boughton, in abbekaat yn New York. Se studearre oan de private keunstakademy Pratt Institute. Dêr kaam se yn kontakt mei fotografy en krige ûnder oare kunde oan Gertrude Käsebier en waard in skoftke dy har assistinte. Yn 1890 iepene se har eigen portretstudio oan East 23rd Street yn New York. Yn 1901 folge se in keunstoplieding yn Rome en studearre se fotografy yn Parys, dêr't se fannijs mei Käsebier gearwurke yn har simmerstudio. Fan doe ôf oan hie se in protte súkses op eksposysjes, ûnder oaren yn Art Gallery 291 fan Alfred Stieglitz. Stieglitz, dy't har al sûnt 1902 bewûndere, makke har yn 1906 ek lid fan de artistike fotografyferiening Photo-Secession. Yn 1909 waarden in tal fan har foto’s publisearre yn it paadsljochtsjende keunstfototydskrift Camera Work. Wilens gie se troch mei eksposearjen oer de hiele wrâld, ûnder mear yn Londen, Parys, Wenen en De Haach.

Behalven as pikturalistysk keunstfotografe krige Boughtons namme ek ynternasjonaal klank as portretfotografe. Se portrettearre tal fan foaroansteande keunstners en akteurs, dêr't Eugene O'Neill, John Butler Yeats, William Butler Yeats, Henry James, Walter de la Mare, G.K. Chesterton, Maxim Gorky, John Burroughs, Ruth St. Denis, Eleonora Duse, Yvette Guilbert, Albert Pinkham Ryder, George Arliss en Robert Louis Stevenson ûnder wiene. Har portret fan dy lêste ynspirearre John Singer Sargent ta syn bekende skilderij fan de ferneamde skriuwer fan Treasure Island.

Fan de jierren tweintich ôf wurke Boughton nau op mei keunstdosinte Ida Haskell (1861-1932), dy't hja as learling al kennen leard hie yn har Pratt-tiid. Yn 1926 makke se mei har in grutte reis troch Jeropa. Yn 1931 sleat se har fotostudio en sette sy har mei Haskell nei wenjen yn Brookhaven op Long Island. Boughton stoar yn 1943 oan longûntstekking.

In protte fan Boughtons wurk sit hjoed de dei yn de kolleksje fan it Metropolitan Museum of Art, de National Portrait Gallery yn Londen en yn it foto- en filmmuseum George Eastman House yn New York.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedia, Alice Boughton en in lyts tal feiten fan de Ingelsktalige Wikipedia, Alice Boughton.
  NODES
camera 3
os 4
web 1