All I Want for Christmas Is You

All I Want for Christmas Is You is in liet dat oarspronklik songen waard troch de Amerikaanske sjongster en lietsjeskriuwster Mariah Carey. Hja brocht it op 1 novimber 1994 út as de lead-single fan har fjirde studio-album, Merry Christmas, publisearre troch Columbia Records. It is in krystliet, dat skreaun en produsearre waard troch Carey sels yn gearwurking mei Walter Afanasieff. All I Want for Christmas Is You is in romantysk leafdesliet mei in flot tempo, wêrfan't de tekst ferkundiget dat de sjongster neat jout om krystpresintsjes, mar inkeld de feestdagen trochbringe wol mei har frijer.

All I Want for Christmas Is You
algemiene ynformaasje
artyst Mariah Carey
album Merry Christmas
taal Ingelsk
sjenre R&B, pop, dance-rock
útbrocht 1 novimber 1994
opnommen augustus 1994
doer 4:01
label Columbia Records
skriuwer Mariah Carey, Walter Afanasieff
komponist Mariah Carey, Walter Afanasieff
produsint Mariah Carey, Walter Afanasieff
resultaten
ferkocht 14 miljoen stiks
hitlisten nû. 1 yn 3 lannen
nû. 2 yn 6 lannen
nû. 6 yn 'e Feriene Steaten
sertifisearre (8× platina)
(6× platina)
(goud)
   (3× platina)
(3× goud)
(4× platina)
(2× platina)
(3× platina)
(2× platina)
   (4× platina)
(goud)
(2× platina)
covers û.m. troch Justin Bieber, Michael
Bublé
, Miley Cyrus, Ariana Grande,
Shania Twain

It liet waard goed ûntfongen troch sawol de muzykresinsinten as de fans, en helle it earste plak op 'e hitlisten yn Itaalje en it twadde plak yn Nederlân, Grut-Brittanje en trije oare lannen, al bleau it yn 'e Feriene Steaten sels stykjen op plak seis. Al I Want for Christmas Is You is sûnt withoefaak covere, û.m. troch Shania Twain, Michael Bublé en Miley Cyrus. Mei 14 miljoen ferkochte eksimplaren is it Carey har grutste ynternasjonale hit, en fral bûten de Feriene Steaten is it foar in hiele generaasje popfans it ultime krystliet wurden.

Nei't Mariah Carey yn it begjin fan 'e jierren njoggentich in stikmannich tige súksesfolle albums útbrocht hie, kaam har platemaatskippij Columbia Records mei it idee op 'e lapen om in spesjaal krystalbum te meitsjen. De bedoeling wie om dêrmei Carey har doelpublyk te ferbreedzjen en teffens om har mear as in allround-sjongster del te setten ynstee fan simpelwei as in popartyste. It album, dat úteinlik Merry Christmas kaam te hjitten, moast in mjuks wurde fan tradisjonele kristlike krysthymnen, en nije poplieten. Carey hie der gjin beswieren tsjin doe't it plan oan har foarlein waard, en sette mei lietsjeskriuwer, komponist en muzykprodusint Walter Afanasieff útein om 'e nije ferskes te skriuwen. It nûmer All I Want for Christmas Is You skreaune se yn 'e simmer fan 1994. Neffens eigen sizzen waard Carey dêrby ynspirearre troch har eigen romantyske gefoelens foar har doetiidske man, muzykprodusint Tommy Mottola.

 
Mariah Carey ûnder in optreden.

All I Want for Christmas Is You is romantysk leafdesliet mei in flot tempo, dat yn 'e orizjinele útfiering gebrûk makke fan û.o. bellen, synthesizers en eftergrûnsang. It omfiemet eleminten fan pop, soul, R&B, gospel, dance-pop en it adult contemporary-sjenre. De tekst lit witte dat de sjongster neat jout om krystpresintsjes en oare omballingen dy't mankgeane mei de feestdagen fan ein desimber, mar inkeld dy tiid trochbringe wol mei har frijer.

It nûmer waard goed ûnfongen troch de muzykresinsinten. Sa skreau Barry Schwarz, fan Stylus Magazine: "om te sizzen dat dit liet daliks in klassiker is, docht op 'e iene of oare manear gjin rjocht oan 'e treflikens derfan; it is in moderne mjitstêf: fleurich, opwinend, lûd, mei sels in swymke langstme." Schwarz wie ek tige te sprekken oer de tekst, dy't er "prachtich ûnder wurden brocht" neamde, wylst er Carey har stim priizge as "wûndermoai" en "oprjocht". Oare kritisy hiene doedestiden soartgelikense loovjende wurden foar All I Want for Christmas Is You.

Doe't Carey it nûmer yn 2010 op 'e nij útbrocht op har album Merry Christmas II You, wie de glâns noch altyd net útdôve. Shona Craven, fan 'e Skotske krante The Herald, skreau: "[it is] in liet fan optimisme en blydskip, dat miskien, hiel miskien, in lyts bytsje ferwiist nei de wiere betsjutting fan 'e kryst." Ek neamde se it liet "sublym", en fierders oppenearre se de miening dat in grut diel fan it súkses fuortkaam út it gebrûk fan it wurd you, wat makke dat de tekst oer lykfolwa gean koe. Datselde jiers wiisde it toanoanjaande Amerikaanske poptydskrift Rolling Stone All I Want for Christmas Is You in fjirde plak ta op 'e list fan 'e bêste rock 'n roll-krystferskes aller tiden.

 
In swiere Mariah Carey dy't yn desimber 2010 All I Want for Christmas Is You sjongt yn it ferdivedaasjepark Disney World, yn Orlando.

Ferkeapsifers

bewurkje seksje

Yn 'e Feriene Steaten berikte All I Want for Christmas Is You yn 'e earste wike fan 1995 it sechsde plak op 'e hitlisten. Yn desimber fan 1995 en desimber 1996 krong it op 'e nij de hitlisten binnen, al helle it doe net sa'n heech plak. Fan 2005 ôf stiet it nûmer eltse desimbermoanne wer op 'e Amerikaanske hitlisten op in plak earne yn 'e tweintich. Dêrmei hat it it yn Carey har heitelân nea sa goed dien as yn it bûtenlân.

Yn 1994 stie it nammentlik al op it earste plak op 'e hitlisten yn Itaalje, wylst it yn Nederlân, Grut-Brittanje, Austraalje en Japan it twadde plak helle, yn Ierlân it trêde plak en yn Nij-Seelân it fjirde plak. Doe't it yn 2007 op 'e nij útbrocht waard, helle it yn Noarwegen it twadde plak en yn Grut-Brittanje it sechsde. Yn 2008 stie it yn Noarwegen nochris op it trêde plak en yn Denemark op it fjirde plak, wylst it yn 2009 yn Belgje en Portegal it earste plak berikte en yn Itaalje it fjirde. Yn 2010 stie it yn Noarwegen wer op it trêde plak, yn 2011 yn Spanje op it fjirde plak en yn 2012 wie it yn Belgje wer nûmer 1, wylst it doe yn Súd-Koreä in twadde plak helle. Yn 2013, ta ein beslút, stie it op it earste plak op 'e hitlisten yn Belgje, Súd-Koreä en Hongkong.

 
Sjongster Miley Cyrus is ien fan 'e artysten dy't All I Want for Christmas Is You covere hat.

Yn totaal binne der wrâldwiid mear as 14 miljoen eksimplaren fan All I Want for Christmas Is You oer de toanbank gien, wêrfan 1,1 miljoen allinnich al yn Japan. Dêrmei is dit liet fierwei Mariah Carey har grutste ynternasjonale hit. Tsjin mids desimber 2012 wie it nûmer boppedat goed 2.311.000 kear download wurden fia it ynternet.

Doe't it liet yn 1994 foar it earst útbrocht waard, wie der mar ien remix makke, in ynstrumintale ferzje, dy't net op 'e single stie dy't yn 1995 ferskynde. Doe't se it liet yn 2000 yn Japan op 'e nij útbrocht, foege Carey lykwols in nije remix ta, dy't bekend stiet as de So So Def-remix. Dy befettet nije sang en in hurdere, urban-beat, mei rap fan Jermaine Dupri en Bow Wow. De So So Def-remix stiet ek as bonusnûmer op Carey har kompilaasje-album Greatest Hits, út 2001.

Yn 2009 waard der in nije remix útbrocht, Mariah's New Dance Mix, wêrby't de orizjinele sang út 1994 oer in elektroanyske dance-mix hinne lein wie. Op Carey har twadde krystalbum, Merry Christmas II You, út 2010, stie it nûmer ûnder de titel All I Want for Christmas Is You (Extra Festive), yn in op 'e nij opnommen ferzje mei nije sang, sêfter belgerinkel en lûdere drums. Ek wie de a kapella-yntroduksje ferfongen troch in orkestrale ynlieding. Hoewol't de resinsinten der bêst oer te sprekken wiene, kaam de krityk derop del dat de nije ferzje en de âlde te min faninoar ferskilden en, sa't Caryn Ganz fan Rolling Stone it ferwurde: "it is dreech om te sizzen wat der no eins 'ekstra feestlik' [extra festive] oan is."

Der besteane trije fideoklips foar All I Want for Christmas Is You. De earste, orizjinele klip hat de styl fan in home video, en waard filme en regisearre troch Carey sels ûnder de oanrin nei de krystdagen fan 1993. Dêrta hearre bylden fan Carey dy't de piik op 'e krystbeam set, Carey dy't op in berchskeante yn 'e snie omhoallefoallet, Carey dy't risselwearret om op 'e foto en Carey dy't mei har hûn Jack oan it boartsjen is. It einiget as de krystman (in kameoroltsje fan Carey har doetiidske man Tommy Mottola) Carey in sekfol presinten bringt en farwol wiuwt. Dit is de fideoklip dy't it meast toant wurdt en dy't de measte minsken kenne. De alternative klip is swart-wyt en ynspirearre troch de groep The Ronettes, út 'e sechstiger jierren. Dêryn ferskynt Carey yn hege wite learzens en mei opstutsen hier yn in studio, dêr't se dûnset omjûn troch go-godûnsers.

 
Mariah Carey by in optreden yn 1998.

Foar de So So Def-remix waard yn 2000 in trêde klip makke, mar dêr komme Carey noch de hiphopartysten dy't de remix makken yn foar. It is in tekenfilmke dat basearre is op in sêne út 'e klip fan Carey har liet Heartbreaker (1999). De cast bestiet út animearre ferzjes fan Carey, Jermaine Dupri, Bow Wow, Luis Miguel (Carey har doetiidske freon), har hûn Jack en de krystman. De rezjy soe dien wêze troch Kris Kringle (in oare namme foar de krystman).

Cover-ferzjes

bewurkje seksje

All I Want for Christmas Is You is troch de jierren hinne covere troch in grut tal oare artysten. Sa song Shania Twain it live yn The Today Show, yn 1998, wylst Miley Cyrus it yn 2007 song by in optreden ûnder de Walt Disney Christmas Day Parade yn it ferdivedaasjepark Disneyland, yn it Kalifornyske Anaheim. Ariana Grande song it ferskate kearen by live-optredens yn 2012. Ek stie it op 'e cd Cheetah-licious (2005) fan 'e band The Cheetah Girls; op A Merry Little Christmas (2010) fan 'e countrygroep Lady Antebellum; en op Holiday Bundle (2010) fan 'e boyband Big Time Rush (yn twa ferzjes, wêrûnder in duët mei Miranda Cosgrove).

De Britske sjonger Michael Bublé covere it op syn cd Christmas (2010); de cast fan 'e musicaltillefyzjesearje Glee song it op har album Glee: The Music, The Christmas Album Volume 2 (2011), en de Amerikaanske sjonger Cee Lo Green brocht in ferzje út op syn cd Cee Lo's Magic Moments (2012). Fierders makke it nûmer diel út fan 'e soundtrack fan 'e tige súksesfolle Britske krystfilm Love Actually (2003), en waard it yn 'e film sels songen troch aktrise Olivia Olson. Yn 2011, ta einbeslút, brocht it Kanadeeske jeugdidoal Justin Bieber All I Want for Christmas Is You yn in duët fan himsels mei Mariah Carey út op syn krystalbum Under the Mistletoe. Dy fariant helle yn Noarwegen it twadde plak op 'e hitlisten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES