De Allianz Arena is in fuotbalstadion yn München mei 66.000 sitplakken. It stadion is yn 2005 iepene en der spylje twa klups, TSV 1860 München en Bayern München. De iepeningswedstriid fan de wrâldfuotbalkampioenskippen fan 2006 waard yn dit stadion spile.

De Allianz Arena
read Bayern München
blau 1860 München
wyt Neutraal, nasjonale alvetal

It stadion kin fan kleur feroarje. As Bayern München thús spilet, dan is it stadion read. As 1860 München thús spilet, dan is it stadion blau. Foar oare wedstriden, bygelyks fan it Dútske nasjonale team, wurdt de neutrale kleur wyt brûkt.

Yn it stadion binne 66.000, as de steanplakken meirekkene wurde is der yn totaal plak foar 69.901 minsken. It tal sitplakken op de ûnderste ring is 20.000, de middelste hat 24.000 en boppe kinne 22.000 minsken sitte. Fan de 66.000 sitplakken binne 2.000 business seats, 400 sitplakken foar parse. Allinnich by wedstriden fan de DFB (Dútske Fuotbal Bûn) meie der 69.901 minsken yn it stadion. By wedstriden fan de FIFA en UEFA meie der net mear as 66.000 minsken yn it stadion.

  NODES