Amani Abeid Karume

Amani Abeid Karume (Sansibar (Sultanaat Sansibar), 1 novimber 1948) is in Tanzaniaansk politikus fan etnysk Swahily-komôf. Hy is de soan fan 'e yn 1972 fermoarde Abeid Karume. Nei in wurkpaad by sawol de oerheid as yn 'e partikuliere sektor, gie Amani Abeid Karume yn 1990 de polityk yn as lid fan 'e Tanzaniaanske regearingspartij Chama cha Mapinduzi (CCM). Fan 2000 oant 2010 wied er presidint fan 'e autonome republyk Sansibar.

Amani Abeid Karume
politikus
echte namme Amani Abeid Karume
nasjonaliteit Tanzaniaansk
bertedatum 1 novimber 1948
berteplak Sansibar (Sultanaat Sansibar)
etnisiteit Swahily
partij Chama cha Mapinduzi (CCM)
presidint fan Sansibar
(en as sadanich fise-presidint fan Tanzania)
amtsperioade 20002010
foargonger Salmin Amour
opfolger Ali Mohamed Shein
Sansibareesk minister fan Kommunikaasje en Transport
amtsperioade 19952000
Sansibareesk minister fan Hannel
amtsperioade 19901995
lid fan it Sansibareeske Parlemint
amtsperioade 19902000

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en ier wurkpaad

bewurkje seksje

Karume waard yn 1948 berne yn 'e stêd Sansibar, dat doe noch de haadstêd fan it Sultanaat Sansibar wie. Syn heit, Abeid Karume, wie fan 1964 oant 1972, doe't er by in moardoanslach om it libben kaam, presidint fan Sansibar, dat doe in autonome republyk binnen Tanzania wurden wie. Amani Abeid Karume genoat syn ûnderwiis oan 'e Lumumba Secondary School, dêr't er yn 1969 slagge foar syn eineksamens.

Neitiid sette er útein mei in karriêre as boekhâlder. Under de 1970-er jierren beklaaide er ferskate hege amtlike funksjes yn it regear fan Sansibar, wêrûnder dy fan tesaurier-generaal (1970-1971) en siktaris-generaal fan it Ministearje fan Finânsjes (1971-1974), it Ministearje fan Planning (1974-1978) en it Ministearje fan Kommunikaasje en Transport (1978-1980). Yn 'e 1980-er jierren wurke Karume as in partikulier consultant foar in Britske ûndernimming yn Sansibar.

Politike karriêre

bewurkje seksje

By de ferkiezings fan 1990 waard Karume foar de Tanzaniaanske regearingspartij Chapa cha Mapinduzi (CCM) yn it legerhûs fan it Sansibareeske parlemint keazen foar it kiesdistrikt Raha Leo. Neitiid waard er troch Salmin Amour, de presidint fan 'e autonome republyk Sansibar, beneamd yn dy syn regear, op 'e post fan minister fan Hannel. By de ferkiezings fan 1995 waard Karume as parlemintslid werkeazen, en krige er neitiid yn it regear fan Amour de post fan minister fan Kommunikaasje en Transport taparte.

By de Sansibareeske presidintsferkiezings fan 2000 wie Karume de kandidaat foar de CCM, en wûn er it presidintskip as opfolger fan Amour mei 67,04% fan 'e stimmen. Der hie op Sansibar (mar net op it fêstelân fan Tanzania) lykwols op grutte skaal fraude plakfûn, en de resultearjende folksprotesten waarden bloedich ûnderdrukt doe't oerheidstroepen yn jannewaris 2001 it fjoer iepenen op demonstranten. Dêrby kamen 35 minsken om it libben en rekken 600 oaren ferwûne. Neitiid ûntflechten in protte Sansibarezen op fiskersboaten Tanzania en sochten beskûl yn 'e buorlannen.

Nettsjinsteande dat waard Karume op 30 oktober 2005 werkeazen as presidint, hoewol't de earlikheid by dat barren op 'e nij fûleindich bekritisearre waard troch syn politike tsjinstanners fan it Civic United Front (CUF), de grutste opposysjepartij yn Sansibar, en troch ynternasjonale waarnimmers. Ein 2009, nei't ferskate kearen om 'e noch besocht wie om neieroankommen tusken de CCM en it CUF te reälisearjen, naam Karume it inisjatyf ta direkte besprekkings mei Seif Sharif Hamad, de lieder fan it CUF, dy't ta fermoedsoening liede moasten. Dat wie de earste kear yn 'e skiednis fan Sansibar dat twa lieders in dialooch holden mei as doel om in duorjende frede op 'e Sansibareilannen te beävensearjen.

Yn july 2010 waard de Sansibareeske befolking by in referindum it útstel foar de foarming fan in regear fan nasjonale ienheid troch de CCM en it CUF foarlein, dat de Sansibarezen mei in oerweldigjende mearderheid goedkarden. Yn novimber fan datselde jier fûnen de earste presidintsferkiezings yn Sansibar plak dy't troch ynternasjonale waarnimmers as freedsum en earlik ornearre waarden. De CCM wûn, en Karume droech de macht oer oan syn opfolger Ali Mohamed Shein, dy't CUF-lieder Hamad as fise-presidint krige.

Priveelibben

bewurkje seksje

Amadi Abeid Karume is troud mei syn frou Shadya, mei wa't er seis (no folwoeksen) bern hat. Hy sprekt floeiend Swahily, syn memmetaal, en Ingelsk. Yn 2010 waard him troch de Tanzaniaanske Hubert Kairuki Memorial University yn Dar es Salaam in earedoktoraat takend.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES