Amerikaanske bizon

De Amerikaanske bizon (Latynske namme: Bison bison) is in sûchdier út ít skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e kobisten (Bovinae) en it skaai fan 'e bizons (Bison), dat lânseigen is yn Noard-Amearika. Dit bist, dat ek gewoan fan bizon en soms fan Amerikaanske buffel neamd wurdt, kaam oant yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw rûnom foar op 'e Grutte Flakten, mar stoar tsjin 1900 hast út troch opsetlike oerbejaging om politike redens. Sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw is de soarte mei in fokprogramma wer by de wâl op holpen, en no binne der wer tsjin 'e 500.000 bizons. Der binne twa ûndersoarten, de flaktebizon (Bison bison bison) en de wâldbizon (Bison bison athabascae).

Amerikaanske bizon
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift evenhoevigen (Artiodactyla)
famylje holhoarnigen (Bovidae)
skaai bizons (Bison)
soarte
Bison bison
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

Oarspronklike fersprieding

bewurkje seksje

Om 1600 hinne besloech it ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske bizon rûchwei in trijehoek tusken de Grutte Bearemar, yn it noardwesten fan Kanada, dêrwei ûnder de Grutte Marren troch hast oan 'e Amerikaanske kust fan 'e Atlantyske Oseaan ta, dêrwei súdwestlik, nei de Meksikaanske steaten Durango en Nij-Leön ta, en dêrwei noardoan, by de Rocky Mountains lâns, om werom te kearen by de Grutte Bearemar. Earder moat er sels oant djip yn Alaska, yn noardlik Floarida en bewesten de Rocky Mountains yn 'e Grutte Dobbe foarkommen wêze.

Bizons waarden al fan 'e prehistoarje ôf bejage troch de Yndiaanske befolking fan Noard-Amearika. Yn it tiidrek foar de yntroduksje fan it hynder gie dat bgl. troch saneamde bizonsprongen, plakken dêr't keppels bizons oer de râne fan in klif dreaun waarden, sadat se te pletter foelen. Doe't de Yndianen ienris hynders hiene, koene se de bizons ek al hynsteridend bejeie.

 
De oarspronklike fersprieding fan 'e bizon yn Noard-Amearika, mei yn dûnkerbrún de flaktebizon-ûndersoarte, yn ljochter brún de wâldbizon-ûndersoarte, en yn it ljochtste brún de holoseenbizon (bison occidentalis), in ierdere soarte dêr't de Amerikaanske bizon fan ôfstammet.

Minsklik yngripen

bewurkje seksje

Om't de jacht op bizons de ûngrypbere nomadyske libbensstyl fan 'e Flakte-Yndianen mooglik makke, setten it regear fan 'e Feriene Steaten en yn mindere mjitte it koloniale Britske regear yn Kanada yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw útein mei in opsetlike útrûgingskampanje, dy't in twafâld doel hie. Yn it foarste plak woe men sa de Yndianen harren iten ûntnaderje, sadat men se op 'e knibbels krije koe, mar dêrnjonken makke it ek moai romte foar de feekeppels fan 'e blanke kolonisten, dy't it wengebiet fan 'e Yndianen kolonisearren.

Der wurdt rûsd dat der foar de ûntdekking fan Amearika troch Kolumbus, yn 1492, sa'n 60 miljoen bizons wiene. Yn 1872 wiene der noch 10 oant 15 miljoen, minder as tweintich jier letter, yn 1890, wie dat oantal werombrocht ta 750 eksimplaren, en om 'e iuwwiksel wie it fierder belune ta in stik as hûndert, dy't yn ôfhandige úthoeken yn 'e Rocky Mountains wisten te oerlibjen.

Nei't yn 1905 de American Bison Society (ABS) oprjochte wie, kearde foar de bizon aldergeloks noch krekt op 'e tiid it tij. Under druk fan 'e lobby fan 'e ABS waard der fan oerheidswegen in fokprogramma opset en teffens waarden der nasjonale parken stifte. Yn 2000 wie it tal bizons wer oanwoeksen ta in 360.000 bisten, en hjoed de dei binne der sa'n 500.000. Dêrfan libje der lykwols mar 15.000 yn it wyld. De Amerikaanske bizon hat tsjintwurdich de IUCN-status fan "gefoelich", wat sizze wol dat it direkte gefaar fan útstjerren wykt is, mar dat de soarte likegoed noch yn 'e rekken holden wurde moat.

De measte hjoeddeiske bizons libje yn domestisearre keppels fan healwylde eksimplaren dy't as fleisfee holden wurde. Dat is yn 'e Feriene Steaten nammentlik tastien om't de bizon dêr fanwegen syn likenis mei de domestisearre ko klassifisearre wurdt as in soarte fan fee. Yn 2005 waarden der 35.000 bizons foar de slacht ferkocht. Hoewol't der net folle ferskil te priuwen is tusken bizonfleis en kowefleis, hat bizonfleis in leger fetgehalte en in heger proteïnegehalte as kowefleis. Dat hat der feitlik sels ta laat dat der foar it fleis in fruchtbere krusing fan 'e ko en de bizon fokt is, dy't de beefalo neamd wurdt (in wurdspiling op buffalo, "buffel", en beef, "kowefleis").

 
Bizonfleis yn blik.

Dat de bizon sa maklik te krusen is mei de domestisearre ko, hat derfoar soarge dat der net mear in protte folbloed-bizonkeppels oerbleaun binne. As wylde folbloed-bizons wurde tsjintwurdich beskôge de keppels yn:

Yn 2002 hat it Amerikaanske regear in stikmannich folbloedbizonkeallen út Súd-Dakota en Kolorado presint jûn oan Meksiko; de ôfstammelingen dêrfan libje no yn trije natuerreservaten oan 'e súdlike igge fan 'e grinsrivier de Rio Grande.

 
In weidzjende bizonkeppel.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De Amerikaanske bizon hat trochinoar in kop-romplingte fan 2-3½ m mei in sturtlingte fan 30-91 sm en in skofthichte fan 1.52 oant 1.86 m. Krekt as by de measte evenhoevigen binne de mantsjes (of bollen) justjes grutter en oansjenlik swierder boud as de wyfkes (of kij). It gewicht bedraacht tusken de 320 en de 1.000 kg. De swierste bolle ea weage, woech 1.270 kg. As er yn finzenskip holden wurdt, foar it fleis, kin de bizon ûnnatuerlike swier wurde, mei in rekôrgewicht fan 1.724 kg. De kop en it foarliif binne oergrut yn ferhâlding mei it efterliif, en oan it begjin fan 'e rêch sit in grouwe bulte fol fetweefsel. Sawol de bollen as de kij hawwe koarte kromme hoarnen dy't likernôch 60 sm lang wurde kinne, en dy't brûkt wurde yn skermutselingen mei oare bizons oer rangoarder, en foar selsferdigening. De bizon hat in rûge, lange dûnkerbrune winterpels en in lichtere, ljochter brune simmerpels.

Fan 'e beide ûndersoarten is flaktebizon (Bison bison bison), dy't foarhinne yn it súdliker ferspriedingsgebiet op 'e Grutte Flakten libben, wat lytser. Teffens hat er in wat rûnere bulte. De wâldbizon (Bison bison athabascae), dy't eartiids lânseigen wie yn 'e wâlden benoarden de Grutte Flakten, is wat grutter, en hat in hegere, fjouwerkantige bulte. Party saakkundigen ûnderskiede noch in trêde ûndersoarte, de noardlike flaktebizon (Bison bison montanae), mar troch de bredere wittenskiplike mienskip wurdt dy sjenswize (noch) net akseptearre. De wâldbizon is ien fan 'e grutste soarten wylde kobisten fan 'e wrâld, dy't allinnich ûnder docht foar twa Aziatyske soarten, de gaur en de wylde wetterbuffel. It is it grutste noch libjende lândier yn 'e Amearika's.

 
Amerikaanske bizons yn it Nasjonaal Park Yellowstone.

De oantsjutting "Amerikaanske" wurdt oan 'e namme fan 'e bizon tafoege om him te ûnderskieden fan syn Jeropeeske sibbe, de Jeropeeske bizon, dy't lykwols better bekend is as de wisint. Hoewol't de beide bisten der frij gelikens útsjogge, binne der in stikmannich ferskillen. Sa is de wisint justjes lytser en wat lichter as de bizon, en hat de bizon mear hier, behalven op 'e sturt. Fierders hawwe bizons koartere skonken as wisinten en ite se mear gers as blêden, wylst dat by wisinten krektoarsom is.

Amerikaanske bizons libje benammen yn rivierdellingen en op prêrjes en oarsoartige flakten. Harren karakteristike biotoop is iepen of healiepen gerslân of terrein mei in protte strewelleguod. Histoarysk sjoen kamen se ek foar yn licht beboske gebiet, en se gerskje soms yn heuvellân of yn berchgebiet as de skeanten mar net te steil binne. Hoewol't se net by útstek bekend steane as berchbewenners komme se yn it wyld yn it Nasjonaal Park Yellowstone dochs geregeldwei foar boppe de 2.400 meter.

Fretten en oar hâlden en dragen

bewurkje seksje

Bizons binne plante-iters, dy't libje fan 'e gerzen en siggen fan 'e Noardamerikaanske prêrjes. Harren dei-yndieling is opboud út perioaden fan twa oeren wêryn't se earst weidzje en har dan deljouwe om te wjerkôgjen en út te rêsten. Dêrnei rinne se kalm nei in oar plak ta om wer mei weidzjen te begjinnen, op 'e nij folge troch útrêsten en wjerkôgjen.

 
In bizonkeal.

De Amerikaanske bizon pearet yn augustus en septimber, en de draachtiid duorret 285 dagen. Der komt dan ien readbrún kealtsje te wrâld, dat by de ko drinkt oant dy op 'e nij drachtich rekket. Wurdt de ko net drachtich, dan drinkt it keal likernôch achttjin moanne lang by de mem. De earste twa moanne hawwe de keallen in ljochtere kleur as folwoeksen bizons. Hiel selden wurdt in keal nei de earste pear moanne net dûnkerder, mar just ljochter, oant it wyt is. Sokke wite bizons wurde troch de Yndianen as hillich beskôge.

Bizonkij binne mei trije jier geslachtsryp; bizonbollen binne dat ek, mar troch de konkurrinsje mei âldere en dus gruttere bollen komt it mar selden foar dat dy foar har fyfde jier mei in ko pearje kinne. Yn it wyld wurde bizons yn 'e regel net âlder as 15 jier; yn finzenskip kinne se wol 25 jier wurde.

 
In bizonbolle nimt it op tsjin in ridel wolven.

Natuerlike fijannen

bewurkje seksje

Troch syn krêft en omfang hat de Amerikaanske bizon net folle natuerlike fijannen. Allinnich ridels wolven jeie wol op jongere of sike eksimplaren, en hiel inkeld sil miskien in grizzlybear in keal snippe. Bejaging troch wolven fynt yn 'e regel fral oan 'e ein fan 'e maityd en it begjin fan 'e simmer plak, yn 'e tiid dat de kij kealje moatte. Bizonkeallen hawwe fiif ynstinktive ferdigeningstaktiken tsjin bejaging troch wolven: nei in ko ta drave, nei de keppel ta drave, nei de tichtsbye bolle ta drave, foar in keppel lâns drave dy't op 'e rin slein is, en beskûl sykje yn wetter, lykas marren of rivieren. As in keppel op 'e romte op 'e flecht is foar wolven, sille de kij en keallen foaropgean, wylst de bollen de efterhoede bewekje. Wolven dy't gjin jachtgedrach fertoane, wurde ornaris troch bizons negearre.

Gefaar foar de minske

bewurkje seksje

Bizons binne yn prinsipe de gefaarlikste bisten dy't besikers oan nasjonale parken yn Noard-Amearika tsjinkomme kinne, mei't rôfdieren as de wolf en de grizzlybear minsken yn 'e regel aktyf ûntrinne. Bizons, oan 'e oare kant, negearje minsken oer it algemien, mar as se útlokke wurde, hawwe se alhiel gjin skrupules om minsken oan te fallen. Se meie der dan traach en lôch útsjen en har op letargyske wize bewege, mar dêr fersjocht men jin op, want bizons kinne 1.80 m heech springe, en hawwe in topsnelheid fan 56 oant 64 km per oere, wêrmei't se minsken sûnder muoite ynhelje kinne. Tusken 1980 en 1999 rekken yn it ferneamde Amerikaanske Nasjonaal Park Yellowstone 79 minsken ferwûne troch in bizonoanfal, tsjin 24 lju yn deselde perioade troch oanfallen fan bearen. Trije minsken stoaren oan har ferwûnings: ien yn 1983 troch in bizonoanfal, en twa yn 1984, resp. 1986 troch beare-oanfallen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


  NODES
mac 1
OOP 3
os 3