Amerikaanske hazze

De Amerikaanske hazze (wittenskiplike namme: Lepus americanus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dêrbinnen foarmet dit bist it monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e Amerikaanske hazzen (Poecilolagus). De Amerikaanske hazze komt foar yn it noarden fan Noard-Amearika yn in brede bân fan Alaska oant Nijfûnlân, dy't fierhinne gearfalt mei de fegetaasjesône fan 'e taiga. De Ingelske namme showshoe hare ("snieskoechhazze") ferwiist nei syn grutte efterpoaten, dy't foarkomme dat er yn 'e snie weisakket. Krekt as oare noardlik libjende hazzesoarten kriget er winterdeis in wite pels. It is foar it meastepart in nachtdier, dat gjin wintersliep hâldt. De IUCN klassifisearret de Amerikaanske hazze as net bedrige.

Amerikaanske hazze

simmerpels

winterpels
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen ('Lepus)
soarte
Lepus americanus
Erxleben, 1777
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

It ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske hazze omfiemet it meastepart fan 'e noardlike helte fan Noard-Amearika. Dêrta heart hast hiel Alaska, útsein de Noarderbedelte, it Alaskaskiereilân, de Aleoeten, de eilannen yn 'e Beringsee en de Kodiakarsjipel. Yn Kanada komt de Amerikaanske hazze foar op hast it hiele grûngebiet fan alle tsien provinsjes, útsein Vancouvereilân yn Britsk-Kolumbia, it uterste súdeasten fan Alberta, it uterste súdwesten fan Saskatchewan, súdlik Ontario, de noardpunt (Nûnavik) fan Kebek en de noardlike punt fan Labrador yn Nijfûnlân en Labrador.

Yn 'e trije Kanadeeske territoaria ûntbrekt de Amerikaanske hazze yn Nûnavût en op 'e Arktyske Arsjipel, en teffens yn it uterste noarden fan 'e Yukon en yn it easten en uterste noarden fan 'e Noardwestlike Territoaria. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt dizze soarte foar yn 'e Rocky Mountains oant yn Nij-Meksiko en yn 'e Appalachen oant yn Georgia, en fierders yn Maine, Nij-Ingelân, New York, Opper-Michigan, it noarden fan Neder-Michigan, it grutste part fan Wiskonsin, de noardlike helte fan Minnesota, it noardeasten fan Noard-Dakota, de Cascades fan Washington en Oregon, en it easten fan Kalifornje oant en mei de Sierrra Nevada.

 
In Amerikaanske hazze yt gers.

Populaasjes yn Firginia, Marylân, Nij-Jersey, Noard-Karolina, Ohio en Tennessee binne útstoarn. Nettsjinsteande dat hat de Amerikaanske hazze likegoed noch de grutste fersprieding fan alle hazzesoarten yn Noard-Amearika. Syn areaal oerlapet dat fan ferskate besibbe soarten, lykas de poalhazze (Lepus arcticus) yn noardlik Kanada en de Alaskahazze (Lepus othus) yn Alaska.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De Amerikaanske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 371/2–461/2 sm, mei in sturtlingte fan 3,9–5,2 sm en in gewicht fan likernôch 11/2 kg. Oer it generaal binne de moerhazzen justjes foarser fan stal as de rammen. De earen binne net lang foar in hazze, mar 6,2–7 sm. De efterpoaten mjitte lykwols 11,7–14,7 sm yn lingte. Dat ferdielt it gewicht fan it bist winterdeis oer de snie, sadat er der net (gau) yn wei sakket. Dêrfandinne de Ingelske namme fan it bist: snowshoe hare, dat "snieskoechhazze" betsjut.

De pels fan 'e Amerikaanske hazze is simmerdeis grizich of rodzich brún, mei in dizinige swarte streek oer rêch fan 'e nekke oant de sturt. De earen binne ek brún, mei swarte puntsjes en wite of krêmkleurige rânen. Op 'e bealch is de pels griis fan kleur. Hjerstmis ferhierje Amerikaanske hazzen lykwols, sadat se foar de winter in hast hielendal wite pels krije, dy't in goede skutkleur is foar in besnijd lânskip. Allinne de eachlidden en de earpunten bliuwe swart. De soallen fan 'e poaten binne tsjûk behierre, mei stive útsteande hierren op 'e efterpoat dy't it oerflak fan 'e poat noch grutter meitsje as it al is.

Amerikaanske hazzen libje benammen yn gebieten mei tsjûke begroeiïng fan beammen sawol as strewelleguod. Gaadlike biotopen binne foar har sadwaande de taiga, heger leine nullewâlden en mingde wâlden yn berchtmen, en moerassen yn leger leine kriten. Fan en ta binne se ek te sjen yn mear iepen romten lykas op lânbougrûn.

 
Amerikaanske hazzen komme ornaris fral yn 'e skimer en by nacht op 'e lapen.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De Amerikaanske hazze is benammen by nacht en yn 'e skimer aktyf. It binne skrutene en geheimdoggerige bisten, dy't it meastepart fan 'e dei trochbringe yn in leger: in ûndjippe dobbe. Faak hawwe se dy útgroeven ûnder wat strewelleguod, in klútsje rintfearren of in omfallen beam. Yn 'e Cascades nimme se soms har yntrek yn 'e hoalen fan it stompsturtiikhoarntsje (Aplondontia rufa). De Amerikaanske hazze hâldt gjin wintersliep is dêrom it hiele jier rûn op 'e lapen. De aktiviteit oerdei nimt ta yn 'e peartiid. Healwoeksen eksimplaren binne altyd aktiver by deiljocht en minder foarsichtich as folwoeksenen.

De djoeitiid begjint yn 'e regel yn desimber of jannewaris en duorret oant yn july of augustus. Yn Oregon en Ontario falt it hichtepunt fan 'e peartiid yn maaie, mar yn Nijfûnlân yn juny. Dat hat dermei te krijen dat de hiele peartiid dêr letter begjint, mei't de moerhazzen dêr, en ek yn Alberta en Maine, pas yn maart jachtich wurde. De draachtiid duorret 35–40 dagen; út 'e measte ûndersiken komt in gemiddelde fan 37 dagen nei foarren. De moerhazze smyt dêrnei in nêst fan 1–7, mar ornaris 3–5 jongen. De grutte fan 'e smeet liket mei ôf te hingjen fan faktoaren as noarderbreedte, hichte fan it terrein en faze fan 'e populaasjesyklus.

 
De wite winterpels kamûflearret tige goed.

De jongen binne al binnen in etmiel aktyf en bliuwe fan dy tiid ôf oerdeis byinoar yn 'e buert. Se drinke mar ienris deis by de mem, yn 'e jûnsskimer. Mei 25–28 dagen wurde se ôfwûn, útsein by de lêste smeet fan it jier, dy't soms twa moannen of noch langer trochgiet mei it drinken by de mem. Moerhazzen kinne nei de 35e dei fan 'e draachtiid alwer op 'e nij drachtich wurde, dus noch foar't de foargeande jongen berne binne. Yn Nijfûnlân wiene der jiers trochinoar 2,9–3,5 smeten, en yn Alberta 2,7–3,3. De jongen binne it jiers nei de berte geslachtsryp en nimme dan oer it algemien ek foar it earst oan 'e fuortplanting diel.

Amerikaanske hazzen yn it noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet ûndergeane in sterk skommeljende populaasjesyklus fan 7–17 jier, wêrby't de populaasje tanimt oant ekstreme oantallen om dan ynienen yn te stoarten. De tiid tusken twa piken yn dy syklus is likernôch 10 jier. De populaasje fan 'e wichtichste natuerlike fijân fan 'e Amerikaanske hazze, de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), folget yn dy kontreien in gelikense syklus dy't likernôch in jier efterrint op dy fan 'e Amerikaanske hazze.

 
In foks mei in Amerikaanske hazze yn 'e bek.

De Amerikaanske hazze is in herbivoar, dy't in breed ferskaat oan plantaardich materiaal fret. By 't simmer giet it dêrby fral om blêden fan ûnderskate soarten fan 'e blebberbei (Vaccinium) en nije leaten fan 'e rûgebal (Equisetum arvense) en de tieneblom (Epilobium angustifolium). Hoewol't Amerikaanske hazzen wol gers meie en it frette sille as se der de kâns foar krije, makket it gjin grut diel fan harren dieet út om't der yn it beskutte wâldlân fan har habitat net folle gers groeit. Simmerdeis frette se ek blêden fan wylgen, bjirken en de moerasroazemaryn (Ledum groenlandicum) en nullen fan 'e swarte spjirre (Picea mariana). By 't winter fret de Amerikaanske hazze twigen mei in diameter fan maksimaal 6,3 mm, benammen fan wylge- en bjirkebeammen. Regionaal wurde ek twigen fan oare beammen fretten, lykas fan elzen yn Alaska en fan spjirren yn Oregon.

Natuerlike fijannen

bewurkje seksje

De wichtichste natuerlike fijân fan 'e Amerikaanske hazze is de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), mar dat is net it iennichste rôfdier dêr't de hazzen om tinke moatte. Oare natuerlike fijannen binne û.m. de reade lynks (Lynx rufus), fiskmarter (Pekania pennanti), Amerikaanske marter (Martes americana), Pasifyske marter (Martes caurina), langsturtwezeling (Neogale frenata), Amerikaanske nerts (Neogale vison), foks (Vulpes vulpes), poalfoks (Vulpes lagopus), grize foks (Urocyon cinereoargenteus), prêrjewolf (Canis latrans), grize wolf (Canis lupus), poema (Puma concolor), Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), raven (Corvus corax), streke wâldûle (Strix varia), bûnte wâldûle (Strix occidentalis), Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis), hauk (Accipiter gentilis) en keningsearn (Aquila chryseatos).

 
In Amerikaanske hazze ferskûlet him yn strewelleguod.

De Amerikaanske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Ien bedriging dêr't dizze soarte wol mei te krijen hat, is klimaatferoaring. Dat hat derfoar soarge dat it yn guon dielen fan it ferspriedingsgebiet no hast nea mear snijt. Party hazzen hawwe har oan 'e nije sitewaasje oanpast troch de hiele winter in brune pels te hâlden, mar oaren wurde winterdeis noch altyd wyt, wat derfoar soarget dat se gauwer ta proai falle oan rôfdieren om't in wite pels yn snieleas terrein it tsjinstelde fan in skutkleur is.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 14 (stân fan saken anno 2023) erkende ûndersoarten fan 'e Amerikaanske hazze (Lepus americanus):

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES