Angels & Demons (film)

Angels & Demons is in Amerikaanske detektiveskriller út 2009 ûnder rezjy fan Ron Howard, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks, Ayelet Zurer en Ewan McGregor. De titel betsjut "Ingels & Demoanen". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan 'e Amerikaanske skriuwer Dan Brown. It ferhaal folget de Amerikaanske symbolooch Robert Langdon as syn help ynroppen wurdt troch de Roomsk-Katolike Tsjerke. Nei it hommels ferstjerren fan 'e paus binne nammentlik fjouwer fan 'e kardinalen mei de bêste kânsen om him op te folgjen, ûntfierd troch in terrorist dy't úthâldt foar de Illuminati te sprekken en dy't fan doel is harren te deadzjen en Fatikaanstêd op te blazen. Langdon moat alles op alles sette en ûntsiferje op 'e tiid de obskuere oanwizings dy't de terrorist efterlitten hat, sadat er de kardinalen en de stêd te rêde kin. Angels & Demons is it twadde diel fan 'e Robert Langdon-filmsearje, en folget as sadanich op The Da Vinci Code, út 2006. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative oant tuskenbeiden resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. In trêde film yn deselde rige, Inferno, waard útbrocht yn 2016.

Angels & Demons
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ron Howard
produsint Brian Grazer
Ron Howard
John Calley
senario David Koepp
Akiva Goldsman
basearre op de roman fan Dan Brown
kamerarezjy Salvatore Totino
muzyk Hans Zimmer
filmstudio Columbia Pictures
Imagine Entertainment
Skylark Productions
Panorama Film Studios
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Tom Hanks
Ayelet Zurer
Ewan McGregor
byrollen Stellan Skarsgård
Pierfrancesco Favino
Nikolaj Lie Kaas
Armin Mueller-Stahl
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 4 maaie 2009
foarm langspylfilm
sjenre detektiveskriller
taal Ingelsk (ek wat Italjaansk, Frânsk
   en Switserdútsk)
spyltiid 138 minuten
budget en resultaten
budget $150 miljoen
opbringst $485,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Robert Langdon
● foarich diel The Da Vinci Code
● folgjend diel Inferno

Yn Rome wurdt troch de Roomsk-Katolike Tsjerke roud om it hommels ferstjerren fan paus Pius XVI oan in oerhaal. Der wurdt risselwearre foar it pauslik konklaaf, wêrby't de kardinalen yn Fatikaanstêd yn berie geane om út harren eigen fermidden in nije paus te kiezen. Yn dy perioade fan sede vacante ("de lege troan") nimt de pauslike camerlengo ("keamerhear"), monsênjeur Patrick McKenna, de hearskippij oer it Fatikaan waar.

Underwilens binne by it CERN (Conseil Européen pour la Recherche Nucléaire, "Jeropeeske Ried foar Nukleêr Undersyk") yn it Switserske Sjenêve de Italjaanske natuerkundigen dr. Vittoria Vetra en monsênjeur dr. Silvano Bentivoglio dwaande mei in wittenskiplik eksperimint wêrby't trije trompen mei antymatearje folle wurde. As Vetra om it eksperimint te evaluëarjen út 'e kontrôlekeamer nei it laboratoarium giet, dêr't de trompen efter ûnbrekbere befeiligingsmaatregels bewarre wurde, ûntdekt se dat Bentivoglio fermoarde is en dat ien fan syn eagen útskuord is om 'e irisscantechnology te brekken. Ut it laboratoarium dat op dy wize binnenkrongen is, mist ien fan 'e trije trompen mei antymatearje.

Koarte tiid letter wurde yn Fatikaanstêd fjouwer kardinalen fan 'e preferiti, de favorite gadingmakkers foar de ferkiezing ta paus, by nacht út harren keamers ûntfierd. De dieder nimt neitiid kontakt op mei it Fatikaan om útlis foar syn die te jaan. Hy hâldt út in fertsjintwurdiger te wêzen fan 'e Illuminati, in histoarysk mar al iuwen lyn útstoarn waand geheim genoatskip fan wittenskippers en yntellektuelen, wêrfan't de leden troch de Roomsk-Katolike Tsjerke as ketters ferfolge binne. Fierders dielt er mei dat er fan doel is om 'e ûntfierde kardinalen dyselde jûns noch fan 20.00 oere ôf ien foar ien op 'e folle oere te fermoardzjen. Dêrnei sil er om midsnacht de tromp mei antymatearje ûntploffe litte, dy't er earne ferstoppe hat yn 'e grimelgrammel fan gebouwen dy't mei-inoar it Fatikaan foarmje. Troch de eksploazje sil hiele Fatikaanstêd fan 'e Ierde fuortfage wurde.

Yn Cambridge yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, dêr't er heechlearaar is oan 'e Universiteit fan Harvard, wurdt symbolooch Robert Langdon moarns ier opsocht troch ynspekteur Claudio Vincenzi fan it Sjendarmerykorps fan Fatikaanstêd. Mei't er inkele jierren earder de oandacht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke lutsen hat mei syn syktocht nei de Priorij fan Sion yn Parys en Londen (sjoch: The Da Vinci Code), wurdt er no om help frege by it oplossen fan 'e mei symboalen omjûne krisis yn it Fatikaan.

Langdon reizget mei Vincenzi nei Fatikaanstêd, dêr't er begroete wurdt troch Ernesto Olivetti, de ynspekteur-generaal fan it Sjendarmerykorps, waans idee it wie om him derby te freegjen. Ek moetet er dr. Vetra, dy't ûnderwilens ek nei Fatikaanstêd ôfreizge is, en Maximilian Richter, de kommandant fan 'e Switserske Garde, dy't inkeld minachting hat foar Langdon en syn wurk, en dy miening net ûnder stuollen of banken stekt. Mei't it foarkommen fan misdriuwen en it opspoaren fan kriminelen yn Fatikaanstêd ûnder it foech falt fan it Sjendarmerykorps, wylst de Switserske Garde ferantwurdlik is foar de befeiliging fan 'e paus en it Apostoalysk Paleis en de Italjaanske Caribinieri de plysje binne yn it omjaande Rome, is de hiele saak kwa jurisdiksje in tizeboel.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ut 'e sekuere wurden fan 'e ûntfierder, dy't yn in fideoboadskip by de Switserske Garde ôflevere binne, liedt Langdon ôf dat de fjouwer kardinalen fermoarde wurde sille op 'e fjouwer 'alters' oan it saneamde 'Paad fan Ferljochting', in ûnbekende rûte troch Rome, dy't neamd wurdt yn ferskate teksten fan 'e Illuminati, en dy't elts in bân hawwe mei ien fan 'e fjouwer klassike eleminten. It Paad fan Ferljochting liedt úteinlik nei it plak dêr't de leden fan it genoatskip fan âlds yn it djipste geheim gearkamen. Langdon hat ferlet fan tagong ta de Fatikaanske Geheime Argiven om út te figelearjen hokker tsjerken de alters krekt yn steane. Mei't him foar syn wurk de tagong ta de argiven krekt mei sin ûntsein wie, is dat foar Richter ûnbesprekber. Dat beslút wurdt lykwols oan kant reage troch monsênjeur McKenna, dy't salang't der gjin paus is, sizzenskip oer sokke dingen hat.

Langdon en Vetra fine yn 'e marzje fan in bledside fan Dialooch oangeande de Beide Wichtichste Wrâldsystemen, in ferbean boek fan 'e astronoom Galileo Galilei, oanwizings foar de lokaasje fan it earste alter. Langdon ornearret dat it om it Panteön gean moat, om't der sprutsen wurdt oer "Santi's tombe", wat neffens him ferwize moat nei de Renêssânsekeunstner Rafael, waans fergetten efternamme "Santi" wie; de man leit begroeven yn it Panteön. Hy giet mei Vetra, Olivetti, Vincenzi en Richter en syn mannen nei it Panteön ta, dêr't er lykwols ta de konklúzje komt dat er him fersind hat: it stoflik omskot fan Rafael is pas folle letter nei it Panteön oerbrocht en dêr werbegroeven. Richter beslút dat Langdon net wit wêr't er it oer hat en keart mei syn mannen werom nei it Fatikaan. Langdon beseft no lykwols dat "Santi's tombe" ferwize moat nei in tsjerke dy't troch Rafael ûntwurpen en beskildere is: de Chigikapel. Mei noch inkele minuten te gean foar't it 20.00 oere is, hastiget er him mei Vetra, Olivetti en Vincenzi nei de kapel ta, dêr't se lykwols te let oankomme om kardinaal Ebner te rêden. De âldman, dy't foar syn dea brânmerke is mei it ambigrammatyske symboal foar "ierde", is stikt mei in mûle fol moude.

Nettsjinsteande it feit dat no dúdlik is dat de drigeminten fan 'e Illuminati serieus nommen wurde moatte, wegeret kardinaal Strauss, de deken fan it Kolleezje fan Kardinalen, om it pauslik konklaaf, dat ûnderwilens úteinset is, ôf te brekken. Op grûn fan in nije oanwizing, dy't Langdon basearret op 'e oanwêzigens en foarm fan in stânbyld fan in ingel troch Bernini yn 'e Chigikapel, ûntdekt er dat it twadde alter ferbûn is oan 'e Sint-Pitersbasilyk. Op it Sint-Pitersplein foar de basilyk treffe se om 21.00 oere kardinaal Lamassé deadlik ferwûne oan by in reliëf fan in ingel, op 'e nij troch Bernini. De longen fan 'e prelaat binne trochboarre en it ambigram "lucht" is him op it boarst brânmerke. Op it lichem fan Lamassé wurdt in driichbrief oantroffen, wêryn't de ûntfierder en moardner beweart dat preesters noch heechleararen him tsjinhâlde kinne. Langdon begrypt dêrút dat syn eigen belutsenens by de saak gjin geheim mear is.

Yn it brief skept de moardner ek op dat nimmen foar him feilich is, sels, sa hat al bliken dien, de paus sels net. Richter hâldt fol dat de befeiliging troch de Switserske Garde sa goed is dat nimmen mei kwea yn 't sin by de paus yn 'e buert komme kin. Dêrta binne koartby sels noch mear maatregels nommen om 'e pauslike fertrekken yn 'e rekken te hâlden. Nettsjinsteande dat begjint Vetra te fermoedzjen dat paus Pius XVI net oan in oerhaal beswykt is, sa't men tocht, mar ynstee fermoarde is mei in oerdoazis fan syn eigen medisyn tinzaparine, dat er ynnaam foar syn tromboflebitis (ûntstekking fan 'e ieren feroarsake troch bloedproppen). Underwilens binne de deiboeken fan Bentivoglio, dy't Vetra earder by it CERN opfrege hie, yn Fatikaanstêd besoarge, en Vetra set har oan it lêzen om te sjen oft har kollega syn kennis oer it antymatearje-eksperimint soms mei immen dield hie. Ear't se botte fier kommen is, freget McKenna har help om út te finen oft de paus silger echt fermoarde is. Vetra berget de deiboeken sekuer op en giet mei McKenna nei de Fatikaanske nekropolis, dêr't se de sarkofaach fan Pius XVI iepenje en oan 'e hân fan syn swarte tonge fêststelle dat er yndie fermoarde is mei in oerdoazis tinzaparine. Werom yn 'e pauslike fertrekken binne de deiboeken fan Bentivoglio poater. Vetra ûntdekt dat se yn beslach nommen binne troch Richter, dy't wegeret en jou se werom.

Wilens giet Langdon, begelaat troch luitenant Chartrand fan 'e Switserske Garde, werom nei de argiven. It bestudearjen fan 'e ynvintaris fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke is de iennichste flugge manear om út te finen hokker fan mear as tweintich tsjerkegebouwen op in line dwers troch Rome, dy't oanjûn wurdt troch it ingelreliëf op it Sint-Pitersplein, in stânbyld fan Bernini befettet. Wylst Langdon en Chartrand har yn 'e hermetysk ôfsletten argiven befine, dêr't in legere soerstofgraad yn stân holden wurdt om 'e âlde dokuminten te sparjen, wurdt de elektrisiteit útskeakele. Dêrmei hâldt de soerstoftafier ek op. Mei't de doar ta de argiven ek elektrysk is, komme Langdon en Chartrand op in hier nei om troch ferstikking, foar't se troch gâns skea oan te rjochtsjen witte út te brekken. Mei't bekend wie dat hy de argiven rieplachtsje soe, fermoedet Langdon dat it om in moardoanslach giet.

Nettsjinsteande alle tsjinwurking hat er dochs it trêde alter identifisearre as de Tsjerke fan Marije fan 'e Oerwinning. As Langdon dêr mei Olivetti, Vincenzi en ferskate carabinieri hinne set, treffe se om 22.00 oere kardinaal Guidera, dy't brânmerke is mei it ambigram "Fjoer", hingjend boppe it eigentlike heechalter oan, dat yn ljochte lôge stutsen is. Wylst Langdon en de carabinieri de kardinaal besykje te rêden, komt de moardner fanwegen, dy't noch yn 'e tsjerke oanwêzich is, en deadet Vincenzi en Olivetti. Hy deadet ek de beide carabinieri en keart de rêding fan Guidera tsjin. Wylst er ôflaat wurdt troch de oankomst fan in pear oare carabinieri (dy't er ek oer it mad komt en ombringt), wit Langdon troch in roaster nei de kelder fan 'e tsjerke te ûntkommen. De moardner lit him fierders gewurde en pykt út. Underwilens wurdt kardinaal Strauss op it pauslik konklaaf bepraat en lis syn funksje as deken fan it Kolleezje fan Kardinalen del, sadat er sels ferkiesber wurdt foar it pontifikaat. De oare kardinalen binne bang dat se der oars net út komme sille.

Nei't er in plattegrûn fan Rome rieplachte hat en foar it ferstân kriget dat it 'Paad fan Ferljochting' de foarm fan in krús hat, mei de fjouwer tsjerken op 'e fjouwer úteinen, identifisearret Langdon it lêste 'alter' as it stânbyld fan Bernini yn 'e Fontein fan 'e Fjouwer Rivieren op it plein Piazza Navona. Mei't er frijwat tiid ferdien hat mei it sykjen fan in útwei út 'e kelders fan 'e Tsjerke fan Marije fan 'e Oerwinning, hastiget Langdon him mei luitenant Valenti en in oare carabiniere nei it Piazza Navona, dêr't se in autobuske by de fontein stean sjogge. De beide carabinieri geane der op ôf, mar de moardner wurdt harren oermânsk en sjit har dea, wêrnei't er kardinaal Baggia, dy't er brânmerke hat mei it ambigram "Wetter", op in mei gewichten ferswierre stekkarke yn it wetterreservoir soalt. Sadree't de moardner him ôfjûn hat, fljocht Langdon der op ôf en dûkt de fontein yn om 'e kardinaal te rêden. It slagget him net om it stekkarke boppe wetter te krijen, mar op syn fertwifele gjalpen om help komme lang om let foarbygongers ôf, en mei feriene krêften wurdt de kardinaal út 'e fontein skuord, krekt op 'e tiid om him it libben te rêden.

Mei't Baggia útbrocht hat dat hy en de oare trije kardinalen yn it Castel Sant'Angelo finzen holden binne, lyk ûnder de noas fan it Fatikaan, dogge de Carabinieri dêr in ynfal. Langdon giet mei, en ek Vetra jout har derby. Hja fertelt him oer de ynbeslachname fan 'e deiboeken troch Richter. Mei't dyselde it ûndersyk dochs al hieltyd dwerseide, begjinne Vetra en Langdon te fermoedzjen dat er in ynfiltrant fan 'e Illuminati is. Yn it Castel Sant'Angelo reitsje Langdon en Vetra by de plysje wei en ûntdekke op eigen manneboet it skûlplak fan 'e moardner mei de fjouwer brânmerken en de sellen dêr't de kardinalen fêstholden waarden. Langdon ornearret dat der ien brânmerk mist en figelearret út dat dat foar McKenna bedoeld is. De moardner komt harren oer it mad en hâldt harren ûnder skot. Ut syn wurden kin opmakke wurde dat er in hiermoardner is, dy't foar syn wurk betelle wurdt troch "godfrezende manlju". Hy lit Langdon en Vetra gewurde om't er foar harren dea net betelle is en om't se him net mei wapens besocht hawwe tsjin te hâlden, mar hy warskôget harren dat it min mei har ôfrinne sil as se oanhâlde him foar de fuotten te rinnen.

De hiermoardner jout him ôf en wurdt troch in tillefoantsje fan syn opdrachtjouwer nei in auto laat. As er dy start, wurdt er lykwols deade by in ûntploffing, mei't de auto foarsjoen wie fan in autobom. Syn opdrachtjouwer is blykber dwaande mei it ôftriedzjen fan losse eintsjes. Langdon en Vetra binne, ûnderweis werom nei it Apostoalysk Paleis, fan it dak fan it Castel Sant'Angelo ôf tsjûge fan it ôfgean fan 'e autobom. Se fine in geheime gong nei it Apostoalysk Paleis en arrivearje krekt op 'e tiid om Chartrand en oare leden fan 'e Switserske Garde te warskôgjen dat camerlengo McKenna yn grut gefaar is. It docht bliken dat dyselde krekt efter sletten doarren yn besprekking is mei Richter. De Switserske gardisten brekke de doar iepen en sjogge McKenna op 'e flier lizzen mei in iepenskuord preesterklaad en it fyfde brânmerk, in ûnderstboppeste ferzje fan 'e Kaaien fan Petrus, yn syn boarst skroeid. Richter stiet oer him hinne mei in lutsen pistoal. As McKenna om help kryt, sjitte Chartrand-en-dy Richter del. Aartsbiskop Simeon, de prefekt fan 'e Pauslike Húshâlding, wurdt troch McKenna identifisearre as mei-gearspanner fan Richter. As de aartsbiskop him dêrop oanfalt, wurdt ek hy deasketten. Yn alle trelit merkt nimmen op dat de stjerrende Richter de hân útstekt yn 'e rjochting fan Langdon of dat Langdon in kaai út dy hân weinimt.

Neitiid wurdt de antymatearje weromfûn yn 'e Tombe fan Petrus, fiif minuten foar't om midsnacht de batterijen fan it trompke leech reitsje en de antymatearje yn kontakt komt mei matearje, wat in reuseftige ûntploffing tewei bringe sil. Vetra doar it net mear oan en ferwikselje de batterijen, mei't it kâld is yn 'e tombe en batterijen by kjeld gauwer leechreitsje. It soe dêrom neffens har skoan sa wêze kinne dat it apparaat gjin enerzjy mear oer hat om 'e antymatearje yn stasis te hâlden as se de batterijen derút hellet. Ynstee stelt hja foar om 'e ûntploffing te dempen troch dy yn 'e tombe fan Petrus, fier ûnder de grûn, plakfine te litten. McKenna wol dêr neat fan witte, grypt it trompke fêst en naait der mei út. Hy bejout him nei in helikopter dy't op it Sint-Pitersplein klear stiet en mei't er, sa't er Vetra earder ferteld hie, as helikopterpiloat yn it leger tsjinne hat, set er lykme alinne yn it tastel ôf. Hy fljocht der sa heech mei as er kin oant er yn 'e wolkens de automatyske piloat oanset, in parasjute omdocht en út 'e helikopter springt.

Koart nei midsnacht binne de batterijen fan it trompke leech en komt de antymatearje yn kontakt mei matearje. Der folget in gigantyske ûntploffing heech yn 'e loft, dy't in skokweach feroarsaket dy't alle oanwêzigen op it Sint-Pitersplein omblaasd en frijwat skea oanrjochtet oan 'e Fatikaanske arsjitektuer. Tanksij it moedige yngripen fan McKenna falle der lykwols gjin deadlike slachtoffers, sels hysels net, mei't er bewusteleas oan syn parasjute op it plein del komt. McKenna wurdt troch de roomske leauwenden op it plein ynhelle as in held. Hoewol't er as sljochtwei preester ornaris net yn oanmerking komt foar it pontifikaat, beslute de kardinalen yn it pauslik konklaaf en ferkies him ta paus by akklamaasje, dêr't in presedint foar bestiet. Kardinaal Strauss besiket dat plan út alle macht tsjin te kearen, mar om't er gjin deken fan it Kolleezje fan Kardinalen mear is, hat er dêr no it foech net mear ta.

Vetra bejout har nei it kantoar fan Richter, dêr't se de deiboeken fan har kollega Bentivoglio weromstelt út syn buro. Langdon, dy't har folge is, falt in monitor op, dy't ek yn it buro ferburgen sit. It komt him yn 't sin dat Richter sein hat dat der koartby yngeandere befeiligingsmaatregels nommen binne foar de pauslike fertrekken, en hy freget him ôf oft der soms befeiligingskamera's pleatst binne en oft Richter de bylden dêrfan op dizze monitor ûntfong. Hy hellet de kaai foar 't ljocht, dy't Richter him as syn lêste die ta hawwe woe, en dy blykt yndie de monitor te ûntsluten, sadat de bylden fan 'e befeiligingskamera's sichtber wurde. As Langdon en Vetra sjogge dat der ek in kamera pleatst is yn it fertrek dêr't McKenna brânmerke en Richter deasketten is, draaie se de fideo werom.

Se sjogge Richter by McKenna kommen en hearre him sizzen dat it ôfrûn wêze moat mei dy flauwekul. Hy hat mei aartsbiskop Simeon praat, dat dy wit derfan, en sadree't de kardinalen út harren konklaaf komme, sille dy ek ynljochte wurde. Der binne hielendal gjin Illuminati mear en McKenna hat de brânmerken en oar gereid út 'e Fatikaanske Argiven opfandele. Richter wit dat Bentivoglio, dy't behalven natuerkundige ek preester wie, tige by tige mei de betsjutting fan syn eksperiminten ompakte. Hy kaam by de paus foar geastlike bystân en dat is hoe't McKenna oan 'e wittenskip oer de antymatearje by it CERN kaam. Dêrop seit McKenna dat de moderne wittenskip him bemuoit mei saken dy't inkeld God oangeane. Hy fart út tsjin wittenskippers en tsjin tsjerkelieders dy't sokken mar gewurde litte wolle, sa't paus Pius XVI die. Dy woe nammentlik de antymatearje brûke as bewiis foar it bestean fan in hegere macht en sa de kleau tusken leauwe en wittenskip tichtsje. McKenna beskôge dat as blasfemy en fielde him roppen om it hoe dan ek tsjin te hâlden.

McKenna skuort syn eigen preesterklaad iepen, hellet it fyfde brânmerk út it fjoer fan 'e iepen hurd en brânmerket himsels op it boarst. Richter lûkt syn pistoal, mar is te feralterearre om fierder wat te dwaan. De doarren wurde iepenbrutsen en Chartrand en oare Switserske Gardisten falle de keamer binnen. McKenna, dy't ferwûne op 'e flier leit, kryt om help, Chartrand-en-dy sjogge it pistoal yn Richter syn hân, en as dyselde in hommelse beweging makket, sjitte se him del. Aartsbiskop Simeon komt de keamer yn, sjocht hoe't McKenna de leden fan 'e Switserske Garde manipulearre hat om har eigen kommandant dea te sjitten, en ferliest syn selsbehearsking. Hy pakt it falle brânmerk op en sil McKenna te liif, mar wurdt ek delsketten.

Langdon en Vetra litte de bylden sjen oan kardinaal Strauss en ferskate oare leden fan it Kolleezje fan Kardinalen. Ut it petear tusken McKenna en Richter is ôf te lieden dat it McKenna wie dy't paus Pius XVI fermoarde hat en dat hy ek dejinge is dy't de hiermoardner ynhierd hat, wylst er de swarte pyt taspylje woe oan 'e Illuminati. Neitiid wurdt McKenna by it pauslik konklaaf roppen. Hy giet der optein hinne, mei't er ferwachtet te hearren dat se him by akklamaasje ta paus ferkieze wolle. As er de bedrukte gesichten sjocht, en de leden 'e Switserske Garde dy't op him ta komme, begrypt er hoe let oft it is. Hy naait út, en as er foar it ferstân kriget dat eltse ûntsnappingsrûte út it Apostoalysk Paleis ôfsnien is, stekt er himsels yn 'e brân om foar te kommen dat er libben finzen nommen wurdt.

De oare moarns wurdt kardinaal Baggia keazen ta de nije paus, dy't de namme Lukas oannimt. It is in ferwizing nei de skriuwer fan it Evangeelje fan Lukas út it Nije Testamint fan 'e Bibel, dy't sawol dokter as apostel wie; krekt sa wol paus Lukas de kleau tusken leauwe en wittenskip tichtsje. Oan 'e wachtsjende leauwenden op it Sint-Pitersplein en oer de hiele wrâld wurdt ferteld dat de dappere monsênjeur McKenna beswykt is oan 'e ferwûnings dy't er de jûns tefoaren oprûn hat by syn parasjutesprong. (De wierheid oer him wurdt ûnder it flierkleed fage.) Der geane daliks stimmen op om 'e dappere rêder fan Fatikaanstêd hillich te ferklearjen. Langdon en Vetra wurde by de nije paus ûntbean. Kardinaal Strauss, de nije camerlengo, jout Langdon by wize fan tankbewiis foar de ferliende tsjinsten it ferbeane boek fan Galileo oer (dêr't Langdon ferlet fan hat om syn stillizzende twadde boek ôf te meitsjen). Hy freget inkeld dat Langdon yn syn testamint fermelde sil dat it boek werom moat nei it Fatikaan. Paus Lukas knikt Langdon en Vetra tankber ta en stapt dan op it balkon om syn earste, tradisjonele Urbi et Orbi-rede te hâlden.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Tom Hanks.
 
Ayelet Zurer.
 
Ewan McGregor.
haadrollen
personaazje                          akteur/aktrise
prof. dr. Robert Langdon Tom Hanks
dr. Vittoria Vetra fan it CERN Ayelet Zurer
monsênjeur Patrick McKenna, de pauslike camerlengo Ewan McGregor


byrollen
personaazje akteur/aktrise            
kommandant Maximilian Richter fan 'e Switserske Garde Stellan Skarsgård
ynspekteur-generaal Ernesto Olivetti fan it Sjendarmerykorps fan Fatikaanstêd Pierfrancesco Favino
de hiermoardner Nikolaj Lie Kaas
kardinaal Strauss, deken fan it Kolleezje fan Kardinalen Armin Mueller-Stahl
luitenant Chartrand, in ofsier fan 'e Switserske Garde Thure Lindhardt
ynspekteur Claudio Vincenzi fan it Sjendarmerykorps fan Fatikaanstêd David Pasquesi
aartsbiskop Simeon, prefekt fan 'e pauslike húshâlding Cosimo Fusco
luitenant Valenti fan 'e Romeinske Carabinieri Victor Alfieri
monsênjeur dr. Silvano Bentivoglio fan it CERN Carmen Argenziano
kardinaal Baggia / paus Lukas Marc Fiorini
kardinaal Guidera Bob Yerkes
kardinaal Lamassé Franklin Amobi
kardinaal Ebner Curt Lowens
in karabiniere, de partner fan luitenant Valenti Todd Schneider
toergids yn it Panteön Anna Katarina
kardinaal Yoruba Howard Mungo
kardinaal Beck Rance Howard
kardinaal Colbert Steve Franken
kardinaal Pugini Gino Conforti
kardinaal Petrov Elya Baskin
in soldaat fan 'e Switserske Garde August Wittgenstein

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Angels & Demons is basearre op 'e roman Angels & Demons, fan 'e Amerikaanske skriuwer Dan Brown, dy't yn 2000 publisearre wie. De filmrjochten op dat boek wiene yn 2003 troch filmstudio Sony Pictures oankocht tagelyk mei dy op 'e ferfolchroman The Da Vinci Code, dy't in reuseftige bestseller waard. Sadwaande waard dat boek it earst ferfilme, as The Da Vinci Code, in film dy't útkaam yn 2006. Ron Howard, de regisseur fan dy film, waard neitiid frege om ek Angels & Demons te ferfilmjen. Hy keas derfoar om fan 'e film Angels & Demons in ferfolch op (ynstee fan in prequel fan) The Da Vinci Code te meitsjen, om't er ornearre dat de measte lêzers ek earst The Da Vinci Code lêzen hiene, en dêrnei pas de yn 't earstoan folle minder súksesfolle roman Angels & Demons.

Howard wurke foar Angels & Demons nei in senario dat oarspronklik skreaun wie troch Akiva Goldsman, dy't ek ferantwurdlik west hie foar it skript fan The Da Vinci Code. Syn wurk waard letter nochris hielendal op 'e nij oereide troch David Koepp. Dêrby rûn de produksje oansjenlike fertraging op troch de de lange staking fan it Writers Guild of America, it machtige Amerikaanske fakbûn fan senarioskriuwers, yn 2007-2008. As produsinten wiene Howard sels, Brian Grazer en John Calley by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Imagine Entertainment, Skylark Productions en Panorama Film Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan $150 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Salvatore Totino, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.

 
Ayelet Zurer en Tom Hanks by opnamen bûten it Panteön yn Rome.

De opnamen foar Angels & Demons setten op 4 juny 2008 útein ûnder de mei opsetsin misliedende wurktitel Obelisk. De measte bûtendoarsênes waarden op lokaasje filme yn Rome, en datselde gou foar guon sênes yn it Fatikaan, dy't ynstee opnommen waarden yn it Casertapaleis, en de Fatikaanske Bibleteek, dy't foar in diel opnommen waarden yn 'e Biblioteca Angelica. Der waard ek filme op 'e kampus fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA). De Roomsk-Katolike Tsjerke naam (en nimt) oanstjit oan 'e boeken fan Dan Brown, en ferbea opnamen yn roomske tsjerkegebouwen. De sênes yn 'e tsjerken (en oare binnendoarsênes) waarden dêrom filme yn 'e Sony Pictures Studios yn Culver City (Kalifornje). Dêr waarden ek de sênes op it Sint-Pitersplein en it Piazza Navona opnommen, op neiboude filmsets op deselde backlot, mei in ynterfal fan seis wiken om 'e boel om te bouwen. Oare binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Twickenham Studios yn Londen.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Angels & Demons waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film gie op 4 maaie 2009 yn Rome yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn it strang kristlike Samoä waard de film ferbean omreden fan 'e krityk op 'e Roomsk-Katolike Tsjerke dy't yn 'e plot ferwurke sit (benammen oangeande de histoaryske ketterferfolging fan 'e Illuminati). It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 maaie by platemaatskippij Columbia Pictures Industries, Inc. Angels & Demons waard op 24 novimber 2009 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Angels & Demons oer it algemien negative oant tuskenbeiden resinsjes. Typearjend foar it soarte kritiken dat de film ûntfong, wie dy fan Mark Kermode op 'e BBC, dy't de "healwizens" fan 'e film sa beskreau: "Wylst Hanks yn 'e oarspronklike film yn fertsjustere keamers stie om 'e plot út te lizzen oan wa't op dat stuit dan ek noch mar wekker wie, ferheget dizze twadde salvo de aksje troch [Hanks] drave te litten wylst er de plot útleit – in grutte trochbraak."

Oare resinsjes wiene minder sarkastysk, mar faak dochs noch frij lau. Sa joech Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone oan Angels & Demons 21/2 fan 4 stjerren, en skreau: "de film kin men fan genietsje om 'e ûnsinnige rebûlje dy't er is." Yn 'e krante The Wall Street Journal skreau Joe Morgenstern dat de film "it oprêdt om jin foar in diel by it ferhaal belutsen te hâlden, sels as er op syn meast esotearysk of absurd is." De krante The Christian Science Monitor kwalifisearre Angels & Demons as "in aksjefilm dy't wol okee is."

Yn it tydskrift Time krige de film in positive resinsje fan Richard Corliss, neffens wa't Angels & Demons in "elemintêre befrediging hat yn syn ferminging fan filmsjenres dy't in breed segmint fan it publyk oansprekke kinne." Fan Roger Ebert krige de film yn 'e Chicago Sun-Times 3 fan 4 stjerren, deselde beoardieling dy't er ek oan The Da Vinci Code taparte hie. Hy skreau dat de film "fermaak ûnthjit" en priizge de rezjy fan Ron Howard as in "evenredige prestaasje om 'e skealjes yn lykwicht te hâlden." L'Osservatore Romano, de offisjele krante fan it Fatikaan, omskreau Angels & Demons opmerklik genôch as "ûnskeadlik fermaak" en joech de film in positive resinsje. Dêryn waard beklamme dat de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e film oan 'e goede kant stiet.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Angels & Demons in leech goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 260 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in achtbaanrit yn heech tempo, en in ferbettering fan 'e lêste filmadaptaasje fan it wurk fan Dan Brown, mar de ferhaalline wifket te faak tusken ûnoannimlik en healwiis, en lient him der net foar om effektyf op it wite doek oerset te wurden." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Angels & Demons in goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 36 resinsjes.

Angels & Demons brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $131,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $354,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $485,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $335,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Angels & Demons de op acht nei meast opbringende film fan 2009. Yn 'e bioskopen ûnderfûn de film benammen konkurrinsje fan 'e fantasykomeedzje Night at the Museum: Battle of the Smithsonian, dy't tagelyk útbrocht waard.

Angels & Demons waard yn 2009 nominearre foar twa Teen Choice Awards, yn 'e kategoryen favorite dramafilm en favorite simmerdramafilm.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
INTERN 1