De Arabyske Liga (ar: جامعة الدول العربية) is in organisaasje fan 22 Arabyske en islamitysk-Afrikaanske lannen, dy't yn 1945 oprjochte waard om gearwurking tusken de lidsteaten te befoarderjen en de mienskiplike belangen te behertigjen. It haadkertier fan de Arabyske Liga stiet yn Kaïro, Egypte.

embleem Arabyske Liga
De 22 lannen fan de Arabyske Liga mei jier fan tatreden.

Skiednis

De Arabyske Liga waard oprjochte yn Kaïro op 22 maart 1945. De oarspronklike leden wienen Egypte, Irak, Transjordaanje (yn 1946 werneamd ta Jordaanje), Libanon, Saûdy-Araabje en Syrje. Op 5 maaie fan dat jier trede ek Jemen ta. It oarspronklike dioel wie: it ferstevigjen en koördinearjen fan politike, ekonomyske en sosjale programma's foar alle leden fan de Liga en bemiddeling by konflikten tusken de leden ûnderling en tusken leden en tredde partijen. Sûnt 13 april 1950 hat de Liga ek in koördinearjende rol yn definsive militêre operaasjes.

De Arabyske Liga hat yn it ferline in grutte rol spile binnen it ûnderwiis, de Liga woe it analfabetisme bestride. Ek bemuoide de Liga him mei it wolwêzen fan bern en it ferbetterjen fan de posysje fan froulju de Arabyske wrâld.

Doelen

Op dit momint binne de wichtichste doelen foar de Liga omskreaun as: It ferstevigjen fan de relaasje tusken Arabyske lannen, soarch foar de ûnôfhinklikheid fan Arabyske lannen, it mienskiplike tsjinjen fan alle Arabyske lannen, it fersekerjen fan bettere kondysjes foar alle Arabyske lannen, de takomst fan alle Arabyske lannen garandearje en de hoop en ferwachtingen fan alle Arabyske lannen ta útfier te bringen

Dit kaam en komt del op de befrijing fan Arabyske/islamityske lannen fan westerske oerhearsking (yn de oprjochtingstiid wienen in soad fan de lannen noch ûnder Britsk of Frânsk bestjoer) en stypjen fan de 'Arabyske ienheid' (oemma). In doel yn it ferline wie it foarkommen fan de oprjochting fan in Joadske steat binnen Palestina. Nei de oprjochting fan de steat Israel yn 1948 ferskode it doel nei de bestriding fan Israel. Doe't Egypte yn 1979 de Camp-David-akkoarden sluet mei Israel - en dus tanadering socht ta Israel - waard it haadkantoar fan de Liga út Kaïro oerpleatst nei Tunis en it lidmaatskip fan Egypte skrast. Yn 1987 waarden de diplomatike bannen mei Egypte wersteld, en yn 1989 waard Egypte wer as lid talitten. It haadkertier waard dêrnei wer oerpleatst nei Kaïro (yn 1989). Ek no noch binne in soad lannen fan de Arabyske Liga tsjin it bestean fan de steat Israel. Fjouwer leden fan de Arabyske Liga ûnderhâlde wyls diplomatike relaasjes mei Israel: de Komoaren, Egypte, Jordaanje en Mauritaanje. Sommige oare lannen ûnderhâlde betrekkingen op in leger nivo.

In juny 1976 stjoerde de Liga in fredesmacht nei Libanon. Yn de jierren tachtich besocht de Arabyske Liga te bemiddeljen tusken de stridende partijen yn de Libaneeske boargeroarloch.

  NODES