In arsjitekt (Gryksk: architektón: boumaster; archi: opper, tektón: hy dy't bout)(eartiids boumaster) is immen dy't gebouwen ûntwerpt. In arsjitekt makket syn ûntwerp sichtber op in boutekening en begeliedet de technyske- en administrative ferwurkliking fan it konsept. Somtiids wurdt it synonym boumaster noch wol brûkt, bygelyks as de "Flaamsk Boumaster" dy't de oerheid advisearret by bouprojekten; in Nederlân hjit dizze funksjonaris "Ryksboumaster"

In arsjitekt oan syn tekenboerd, 1893

Fierders binne der tún- en lânskipsarsjitekten en ynterieurarsjitekten. In ûntwerper fan ynfrastruktuer, brêgen en soks, wurdt yn Nederlân meast in sivyl-yngenieur neamd. Faak wurkje boppeneamde dissiplines gear oan grutte projekten.

Nau ferbûn mei it wurk fan de arsjitekt is dat fan de stêdeboukundige.

Wenten dy't troch in arsjitekt ûntwurpen binne, wurde troch makelders faak oantsjutten as 'ûnder arsjitektuer boud'.

Yn Nederlân kinne mear as ien opliedingstrajekten folge wurde dy't rjocht jouwe op de titel arsjitekt en it opnaam wurde yn it arsjitekteregister:

  • fia de praktyk (steatseksamen).
  • fia de Technyske Universiteit Delft of de TU Eindhoven. Dy ynstellings liede op ta de ynternasjonaal erkende titel Master of Science, wat eartiids (boukundich) yngenieur (yr.) hjitte.
  • fia de ferkate Akademys fan Boukeunst. Ferfolchoplieding nei de HTS of Keunstakademy; men kriget dan de (ynternasjonale) titel Master of Architecture.
  • at men yn ien lân yn de EU rjocht hat op it útoefenjen fan it berop arsjitekt, dan mei men dit berop yn de hiele EU praktisearje.

Beskerming fan de beropstitel

bewurkje seksje

Yn Nederlân meie alinnich persoanen dy't ynskreaun binne yn it Arsjitekteregister de beskerme titel arsjitekt brûke. Om talitten te wurden yn it register binne strange betingsten ferbûn. At men net ynskreaun is mei in persoan neffens de wet op de arsjitektetitel net iens suggerearje, dat er arsjitekt is of "arsjitektoanysk" of "ûnder arsjitektuer" arbeidet.
Dan binne yn Nederlân is protte arsjitekten ek oansletten by de beropsorganisaasje BNA, it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten. Dit wurdt troch opdrachtjouwers faak as karteken beskôge. Ynskriuwing is net ferplicht, mar kin de arsjitekt wol fertuten dwaan.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  NODES
os 1