Athelstaneford
Athelstaneford (Skotsk: Atholstanefuird of Elshinthurd) is in doarp yn East Lothian yn Skotlân. It tichtby de stêd Haddington en sa'n 38 km beëasten Edinboarch.
Athelstaneford | ||
Bestjoer | ||
Lân | Skotlân | |
Regio | East Lothian | |
Status | Landsby (doarp) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ? | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC-1) |
Leginde fan de flagge
bewurkje seksjeDe leginde wol hawwe dat Athelstaneford it plak is dêr't de oarspronlike Flagge fan Skotlân (The Saltire) it earst oannaam waard. Op de foarjûn fan in fjildslach tusken in Piktenleger en ynfallende Angelen út Northumbria yn 832, kaam Sint Andreas, dy't op in diagonaal krús krusige waard, yn in fisioen by de Piktyske kening Óengus II en ûnthjitte in oerwinning. De oaremoarns seagen de pikten in wyt wolkekrús yn de loft. Sy wûnen de slach en witen dat oan Andreas syn seine; sy beneamden him ta patroanhillige en setten syn krús op harren flagge. De oanfierder fan weromlûkende Angelen, Athelstan,[1] waard deadien by in furde yn dy krite, dêrfandinne de namme Athelstaneford. Der binne mear as ien ferzjes fan it ferhaal. Hokker at wier is wit nimmen, mar de leginde hat Athelstaneford yn alle gefallen in plak yn de Skotske skiednis jûn.
It doarp hat it National Flag Heritage Centre dat yn in doweflecht út 1583 húsmannet en fannijs boud waard yn 1996.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Skiednis fan the Saltire op visitscotland.com
- De Skotske flagge by Flags of the World
- Wiidweidich artikel fan M.M. Johnstone oer Athelstaneford en de flagge
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|